Molukske dwerchiisfûgel
| Molukske dwerchiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ceyx lepidu | ||||||||||||
| Temminck, 1836 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Molukske dwerchiisfûgel (Ceyx lepidus) is in lytse, kleurrike iisfûgel, dy't allinnich foarkomt op 'e Molukken yn Yndoneezje.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is likernôch 14 sm lang en hat in opfallend kleurpatroan: in glânzjende blauwe rêch, in feloranje ûnderkant, in oranjereade snaffel en donkere eagen. Op it gesicht hat er boppe de snaffel in oranje plak mei in swarte râne, in wite bân yn 'e nekke en in wite oant ljochtgiele kiel. De donkerblauwe kroan en de dekfearren ha rigen felblauwe pjukkels. De poaten binne gieloranje en hawwe trije teannen. Mantsjes en wyfkes ha in soad fan inoar.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Molukske iisfûgel komt foar yn dielen fan 'e Molukken en wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:
- Ceyx lepidus uropygialis – Noardlike Molukken (Halmahera en oanbuorjende eilannen).
- Ceyx lepidus lepidus – Súdlike Molukken (Seram, Ambon).
Oarspronklik hie de Ceyx lepidu 15 ûndersoarten. Ut in molekulêr fylogenetysk ûndersyk fan 2013 die bliken dat de measte fan dy ûndersoarten genetysk fan inoar ferskille. Dêrom krigen tolve fan 'e ûndersoarten de status fan in aparte status.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fûgeltsje is in solitêre ynsekte-iter, dy't er fangt troch oer it wetter te fleanen. Hy libbet yn fochtige leechlânwâlden, strewellen, sompegebieten en tichte begroeiïng by wetter. Hy fielt him ek thús yn ferlitten plantaazjes. It nêst wurdt meastentiids boud yn in wâl of tusken de woartels fan in omfallen beam. Guon grave in koarte tunnel, dy't nei in nêstromte liedt dêr't it wyfke twa aaikes leit.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Reade list fan 'e IUCN klassifisearret de Molukske dwerchiisfûgel as net bedrige (LC). De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en is yn guon gebieten algemien, mar troch biotoopferlies giet de soarte yn oantallen efterút.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
