Springe nei ynhâld

Moergestel

Ut Wikipedy
Moergestel
Standermûne fan Moergestel.
Standermûne fan Moergestel.
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Noard-Brabân
gemeente Oisterwijk
Sifers
Ynwennertal6.115 (2024) [1]
Oerflak28,63km²
Befolkingsticht.214 ynw./km²
Oar
Koördinaten51°32' N 5°10' E
Offisjele webside
onsmoergestel.nl
Kaart
Moergestel (Noard-Brabân)
Moergestel

Moergestel (Brabânsk: Gèssel) is in doarp yn 'e Nederlânske gemeente Oisterwijk, provinsje Noard-Brabân. It doarp hat mear as 6.120 ynwenners (2023).

De eardere gemeente Moergestel is op 1 jannewaris 1997 opheft yn it ramt fan in weryndieling mei de gemeente Oisterwijk. It doarp leit súdlik fan it doarp Oisterwijk en benoarden de A58.

Yn Moergestel wurdt in dialekt ("Gèssels") praat dat tige op it Tilburchsk liket. It wichtichste ferskil is dat yn Moergestel de fokalen nea útrekt wurde, lykas yn Tilburg dat it gefal is. Alhoewol't in oantal ynwenners fan Moergestel belutsen binne by de Stiftich Taal Tilburg, wurdt Moergestels yn lokale publikaasjes meastentiids fonetysk skreaun en logyskerwize net neffens de regels fan 'e staveringsmetoade Tilburg.

De namme Moergestel is in kombinaasje fan heide of turf (moer), en hege grûn tusken twa rivieren (gestel).

It doarp Moergestel is ûntstien út fjouwer buorskippen en hearde yn 'e midsiuwen ta it Oisterwykskertier fan 'e Meierij fan 'e Bosk.

Kastiel Nieuwenhof.

De hearlikheid Moergestel hie syn sit op kastiel Nieuwenhof. Hearen binne sûnt de 14e iuw bekend. It giet dan û.o. om 'e skaaien Fan Horne, Fan 'e Leck, Vertaing en Schetz. Yn 1761 kaam it kastiel yn it besit fan keapman Marcellus Bles en yn 1840 setten de Susters fan Leafde fan Tilburch har dêr nei wenjen en waard it in kleaster, it Sint-Stanislausgesticht.

De earste fermelding fan in tsjerke yn Moergestel datearret út 1110. Moergestel wie doe al in selsstannige parochy, wijd oan Jehannes de Doper. It patronaatsrjocht lei by it Sint-Janskapittel yn Luik. Yn 1334 fûn in oerdracht fan goed plak oan 'e Abdij fan Tongerlo, dy't sûnt dy tiid ek it patronaatsrjocht útoefene. De midsiuwske tsjerke waard yn 1932 útsein de toer ôfbrutsen. Hendrik Willem Valk boude doe in nije tsjerke en dy stiet noch jimmeroan yn it doarp.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sint-Janstsjerke.
  • De Sint-Janstsjerke hat in toer yn 'e Kempenske gotyk. It tsjerkegebou is yn 'e jierren 1930-1931 boud neffens ûntwerp fan 'e arsjitekt Hendrik Willem Valk.
  • Yn it noarden fan it doarp stiet kastiel Nieuwenhof, no Park Stanislaus. De measte gebouwen datearje út 1877, mar in 18e-iuwske fleugel is lykas ek de grêft noch oanwêzich.
  • It Broothuys oan 'e Oirschotseweg 11 waard yn 1779 boud. It tsjinne as dûmnyswente. Letter wenne de boargemaster dêr. De lêste bewenner ferliet it hûs yn 1967. It hûs rûn doe it gefaar om brekfallich te wurden, mar is sûnt dy tiid renovearre.
  • Karnaval; Moergestel hjit dan Pierewaaiersrijk.
  • Der is alle jierren yn maaie merke.
Byld fan 'De Skuonmakker'

Moergestel is fanâlds in doarp fan skuonmakkers en skuonfabriken. Fan t grutte tal skuonfabriken bestiet hjoed-de-dei allinnich J.P. van Bommel, in ynternasjonaal operearjend famyljebedriuw mei in skiednis dy't op 1734 werom giet.

Fan it suden streamt de Reusel lâns de eastkant fan Moergestel. Súd fan it doarp leit it natuergebiet Moergestelse Broeken, yn it noarden de natuergebieten Oude Hondsberg, Ter Braakloop en Galgeven. Yn it noardeasten lizze de Oisterwijkse Bossen en Fennen.

Plakken yn 'e omkriten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen: nl:Moergestel