Springe nei ynhâld

Moeraskat

Ut Wikipedy
moeraskat
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljekateftigen (Felidae)
skaaiwylde katten (Felis)
soarte
Felis chaus
Schreber, 1777
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De moeraskat (wittenskiplike namme: Felis chaus), ek wol de reidkat neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e wylde katten (Felis). Dit bist komt foar yn West-, Sintraal-, Súd- en Súdeast-Aazje, en teffens yn dielen fan Egypte, Kaukaazje en de Koeban. Sa't de namme al seit, is de moeraskat fral thús yn sompen en oare wetlands. It is in solitêr libjend deidier mei in foar it meastepart karnivoar dieet, dat benammen bestiet út kjifdieren en hazze-eftigen. De IUCN klassifisearret de moeraskat as net bedrige.

De earste kear dat in moeraskat oan in wittenskiplik ûndersyk ûnderwurpen waard, wie yn 1776, doe't de Baltyske Dútser Johann Anton Güldenstädt in eksimplaar fong en deade oan 'e rivier de Terek yn 'e Koebanregio fan súdlik Jeropeesk Ruslân. Güldenstädt naam diel oan in ekspedysje dy't dat gebiet fan 1768 oant 1775 yngeand ferkende yn opdracht fan tsarina Katarina de Grutte. Syn beskriuwing miste lykwols in korrekte binomiale namme, mei't er it bist Felis auriculus apice nigro barbatis neamde en op in oare plak chaus, mar nearne oantsjutte mei in twaliddige namme. Hoewol't Güldenstädt lang as de formele auteur (beskriuwer) te boek stie, waard dat yn 'e 1920-er jierren ynlutsen, nei't Paul Matschie (yn 1912) en Joel Asaph Allen (yn 1920) dêr om boppeneamde reden protest tsjin oantekene hiene. Sûnt wurdt ornearre dat de earste jildige wittenskiplike beskriuwing fan 'e moeraskat, wêryn't it bist oantsjut waard as Felis chaus, yn 1777 ferskynde fan 'e hân fan 'e Dútske biolooch Johann Christian Daniel von Schreber.

In yllustraasje fan 'e moeraskat út 1874 troch Joseph Smit.

Yn 'e neifolgjende jierren waard in grut tal moeraskatten út it mânske ferspriedingsgebiet fan dit bist beskreaun as selsstannige soarten. Foarbylden binne Felis affinis (John Edward Gray, 1830), F. kutas (John Thomas Pearson, 1832), Lynchus erythrotus (Brian Houghton Hodgson, 1836), en F. jacquemontii (Isidore Geoffroy Saint-Hilaire, 1844 út ûnderskate dielen fan Britsk-Ynje, en F. ruppellii, letter omneamd ta F. nilotica (Johann Friedrich von Brandt, 1832) út Egypte. De Russyske biolooch en ûntdekkingsreizger Nikolaj Severtsov sloech yn 1858 foar en fier in nij skaai yn foar de moeraskatten, dat er Catolynx neame woe. De Eastenrykske biolooch Leopold Fitzinger woe it bist yn 1869 omneame ta Chaus catolynx. De Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock, dy't yn 1917 de klassifikaasje fan 'e kateftigen op 'e nij beseach, pleatste de groep moeraskatten lykwols yn it skaai fan 'e wylde katten (Felis). Yn 'e 1930-er jierren weefde er boppedat ôf mei in protte oant dy tiid as selsstannige soarten beskôge moeraskatten, en dejingen dy't oerbleaune, dielde er yn as ûndersoarten fan 'e moeraskat.

De moeraskat hat in grut ferspriedingsgebiet, dat him útwreidet fan 'e Sahara en de kust fan 'e See fan Marmara yn it westen oant súdlik Fjetnam yn it easten. Yn 'e westlike helte fan it areaal is de fersprieding diskontinu en sterk fragmintearre. Yn Egypte binne der populaasjes yn 'e Nyldelling, by de kust fan 'e Middellânske See lâns en yn Balaat en Kasr Farafra, twa oäzes yn 'e Sahara. Ek yn 'e westlike en noardlike dielen fan Lyts-Aazje besteane ferskate isolearre populaasjes. In grutter ferspriedingsgebiet beslacht de kust fan 'e Levant fan Adana yn Turkije oant Jericho yn Palestina. Yn Irak komme moeraskatten foar yn it streamgebiet fan 'e rivieren de Eufraat en de Tigris, en yn Kaukaazje libje se by de kust fan 'e Kaspyske See lâns, besuden de Lytse Kaukasus en tusken de Lytse en de Grutte Kaukasus yn. It areaal by de Kaspyske See lâns folget de kust nei it noarden yn 'e Koeban fan súdlik Ruslân oant en mei de Wolgamûning yn 'e Kaspyske Lichte.

In moeraskat giet der eefkes by lizzen.

Fierder eastlik komt de moeraskat foar fyn noardik Iraan, by de súdkust fan 'e Kaspyske See lâns, mar ek yn it Sagrosberchtme yn it westen fan dat lân, en yn it suden, deunby de kust fan 'e Perzyske Golf lâns. Yn Sintraal-Aazje folget de fersprieding fan 'e moeraskat de rin fan 'e rivieren de Syr Darja en de Amû Darja fan har mûnings yn 'e Aralmar nei it súdeasten ta, en yn Tadzjikistan de Vachsj, in sydrivier fan 'e Amû Darja, nei it noardeasten ta oant foarby de haadstêd Dûsjanbe. De Kopet Dag en oanbuorjende berchtmen op 'e grins fan Iraan en Turkmenistan hearre ta it areaal, en teffens dielen fan westlik en sintraal Afganistan.

Fan 'e Yndusdelling yn Pakistan ôf is it ferspriedingsgebiet fan dit bist fierhinne oaniensletten. It omfiemet dêrwei it hiele Yndysk subkontinint besuden de Himalaya, útsein it tichtstbefolke diel fan 'e Ganges-Brahmaputradelta yn Banglades. In isolearre populaasje libbet op it eilân Sry Lanka, foar de súdpunt fan Yndia. De moeraskat komt ek foar yn it súdlike part fan Sina, yn 'e provinsjes Yunnan en Guizhou en yn 'e autonome regio Guangxi. It eastlikste part fan it ferspriedingsgebiet bestiet út 'e leechleine dielen fan Súdeast-Aazje, wêrûnder it streamgebiet fan 'e Irrawaddy en it noardlike part fan Tenasserim yn Birma, it leechlân fan 'e Menam yn Tailân en de ûnderrin fan 'e Mekong yn Laos, Kambodja en súdlik Fjetnam.

In moeraskat yn in beam yn 'e Sundarbans (de sompen fan 'e Ganges-Brahmaputradelta) yn 'e Yndiaaske dielsteat West-Bingalen.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De moeraskat is de grutste fan 'e libbene soarten út it skaai fan 'e wylde katten (Felis). Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 59–76 sm, mei in sturtlingte fan 20–31 sm. De skofthichte bedraacht krapoan 36 sm en it gewicht berint 2–16 kg. Grutte en gewicht binne oer it mânske ferspriedingsgebiet tige fariabel; de westlikste populaasjes binne it grutst en swierst, mar de bisten belúnje almar mear neigeraden dat men fierder nei it easten ta komt. Biologen skriuwe dat ferskil ta oan 'e gruttere konkurrinsje dy't de moeraskat yn it easten fan oare lytse katten ûnderfynt. De moeraskat fertoant in beskate mjitte fan seksuele dimorfy yn 'e sin dat de poezen lytser en lichter binne as de boarren.

Wat it stal oangiet, hat de moeraskat foar in wylde kat tige lange skonken yn ferhâlding ta it lichem. De kop is lang en smel, mei in wite snút, en de eagen binne giel. De deun byinoar steande earen binne grut en puntich, mei in lingte fan 41/2–8 sm en in lyts eartoefke fan swarte hierren op 'e punt.

De pels is oer it algemien effen sânkleurich, rodzich brún of griis, sûnder spikkels of streken, útsein op 'e binnenkant fan 'e foarpoaten, dy't 4–5 dûnkere ringen hawwe. Oan 'e bûtenkant fan 'e poaten binne dy mar dizenich sichtber. Jongkatsjes hawwe wol streken en spikkels, in patroan dat har in bettere skutkleur jout, en it kin foarkomme dat folwoeksen bisten guon fan dy spikkels en streken behâlde. Fan it Yndysk subkontinint binne ek albinistyske (hielendal wite) en melanistyske (hielendal swarte) eksimplaren bekend. By guon wite moeraskatten út 'e Westlike Ghats ûntbrekke de reade eagen dy't in skaaimerk fan echte albino's binne, en de útkomsten fan in ûndersyk út 2014 wiisden derop dat by dy bisten de pelskleur wolris in gefolch fan yntylt wêze kinne soe.

In moeraskat yn 'e neite fan it Fûgelreservaat Thol yn 'e Yndiaaske dielsteat Gûdjarat.

Sa't de namme fan it bist al oanjout, komt de moeraskat benammen foar yn moerassen en oare wetlands, mar ek by de seekust lâns en oan 'e iggen fan binnenwetters, lykas rivieren, beken, marren en puollen. Mar moeraskatten kinne har ek ridlik maklik oanpasse oan in protte oare biotopen, wêrûnder berchtmen en iepen flakten dy't begroeid binne mei lang gers. Yn 'e Himalaya komt dit bist foar oant in hichte fan 3.300 m boppe seenivo. Tropysk reinwâld en oarsoartige bosken moat de moeraskat net folle fan hawwe, mar oan kultuerlânskippen kin er him wol oanpasse. Sa komt er ek geregeldwei foar op boulân beplante mei beane en oare grienten, en op sûkerreidplantaazjes.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hâlden en dragen fan 'e moeraskat is anno 2025 noch net yngeand bestudearre. Lykas de measte kateftigen is it in solitêr libjend bist, dat inkeld yn 'e peartiid it selskip fan soartgenoaten opsiket. De iennichste promininte ynteraksje oer de langere termyn tusken ferskillende moeraskatten liket de relaasje tusken in mem en har jongen te wêzen. Moeraskatten hawwe territoaria, dy't se ôfsette mei rookflaggen troch foarwerpen mei urine te besproeien of de kop derby lâns te wriuwen. As in moeraskat in bedriging gewaar wurdt (dy't net sa grut is dat er daliks útnaaie moat om te oerlibjen), fokalisearret er foar't er oanfalt. Dat lûd klinkt as in soarte fan brullen yn it lyts, in gedrach dat foar in lytse kat hiel ûngewoan is. It miaukjen fan 'e moeraskat is ek oansjenlik leger fan toan as dat fan 'e hûskat (Felis catus).

De moeraskat is ornaris in deidier dat by deiljocht jaget en him nachts deljout. Syn aktiviteit belunet oer it algemien neigeraden dat de dei waarmer wurdt, en it hjitste part fan 'e dei bringt er, fral by 't simmer, faak rêstend troch yn it skaad fan strewelleguod, lang gers of yn 'e ferlitten ûndergrûnske hoale fan bygelyks in wytsturtkjifstikelbaarch (Hystrix indica). Op winterdagen geane moeraskatten lykwols gauris lizzen te sinnebaaien. Nei skatting lizze se by de jacht 3–6 km deis ôf, mar dat fariëarret sterk en is ôfhinklik fan 'e beskikberens fan proaidieren yn it oanbelangjende gebiet.

In rêstende moeraskat op it hjitst fan 'e dei.

Moeraskatten jeie troch har proai te beslûpen, wêrby't se yn hege mjitte fertrouwe op har skerpe rooksin en gehoar. Krekt as de karakal (Caracal caracal) kinne se heech yn 'e loft springe om mei de foarpoaten opfleande fûgels te gripen. Se kinne ek tige goed klimme, en dravend leit har maksimumfaasje op 32 km/h. Se binne net twer fan wetter, sa't in protte kateftigen binne, en dûke der samar yn om in fisk te fangen. Se binne effisjinte swimmers, dy't soms wol 11/2 km yn it wetter ôflizze kinne.

De peartiid falt foar de moeraskat yn 'e perioade fan jannewaris oant en mei maart. Yn dy tiid fine der tusken boarren lûdroftige gefjochten plak om dominânsje. De maartskens fan 'e poes duorret likernôch 5 dagen. By de pearing giet it net sêftsinnich om en ta. De boarre efterfolget de poes, byt har yn it nekfel en hâldt har stevich fêst wylst er har bespringt. De poes bringt gjalpjende lûden fuort ûnder de koïtus en reägearret nei ôfrin mei ôfkear op 'e boarre, dy't dêrnei syn eigen wegen wer giet en fierders neat mei it fuortplantingsproses te krijen hat. Alteast, sa giet dat yn it wyld. Yn finzenskip, as de boarre yn itselde ferbliuw holden wurdt as de poes mei har jongen, stelt er him lykwols tige beskermjend op foar syn jongen oer.

De draachtiid duorret 63–68 dagen, wêrnei't de poes tusken maart en juny 1–5, mar yn 'e regel 2–3 jongkatsjes smyt. Dat bart yn in yn 't foar reemakke nêst yn in ferlitten ûndergrûnske hoale, in beamholte of in reidbêd, dat beklaaid wurdt mei losroppe gers. Moeraspoezen kinne jiers twa nêsten jongen smite. De jongkatsjes weagje by de berte 43–55 g, mar binne yn it wyld ornaris folle lytser en lichter as yn finzenskip. Se binne yn 't earstoan blyn en alhiel helpleas. De eachjes geane mei 10–13 dagen iepen, en mei likernôch 90 dagen wurde de jongen ôfwûn. Mei rûchwei in healjier begjinne de jongen foar it earst har eigen proaien te fangen en mei 8–9 moannen geane se by de mem wei om in eigen territoarium te sykjen. Sawol boarren as poezen binne mei 1 jier geslachtsryp. De libbensferwachting fan 'e moeraskat bedraacht yn finzenskip 15–20 jier, mar leit yn it wyld grif in stik leger.

In moeraskat op jacht.

Moeraskatten binne foar it meastepart karnivoaren, dy't benammen lytse sûchdieren frette, lykas kjifdieren en hazze-eftigen. By in ûndersyk yn it Yndiaaske Tigerreservaat Sariska yn 2004 waard fêststeld dat kjifdieren 95% fan it dieet fan 'e pleatslike moeraskatten útmakken. Mar ek lytsere fûgels, kikkerts, fisken, ynsekten en lytse slangen steane op it menu. De proai weaget oer it algemien minder as 1 kg, mar soms wurde sels jonge gazellen pakt. Wat syn itenskar oanbelanget, is de moeraskat opmerklik mank de lytse katten, om't er foar in diel in omnivoar is. Fral by 't winter fret er gauris fruchten.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e moeraskat binne gruttere lânrôfdieren, lykas it loaihoars (Panthera pardus), de tiger (Panthera tigris), de brune bear (Ursus arctos), de Aziatyske swarte bear (Ursus thibetanus), de lippebear (Melursus ursinus), de Aziatyske wylde hûn (Cuon alpinus) en de goudjakhals (Canus aureus), mar ek de fiskjende kat (Prionailurus viverrinus), dy't rûchwei fan deselde grutte as de moeraskat is, en grutte rôffûgels en slangen. De goudjakhals is yn 't bysûnder in wichtige konkurrint fan 'e moeraskat.

De moeraskat hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Nettsjinsteande dat is de moeraskat opnommen yn Taheakke II fan it CITES-ferdrach, dat de ynternasjonale hannel ferbiedt yn (dielen fan) 'e beskreaune bisten. De moeraskat hat in beskerme status yn Banglades, Birma, Yndia, Iraan, Israel, Pakistan, Sina, Tadzjikistan, Tailân en Turkije, dêr't er ûnder gjin betingst op bejage wurde mei. Mar yn Bûtan, Fjetnam, Georgje, Laos, Libanon, Nepal en Sry Lanka genietet dit bist bûten natoerreservaten om gjin inkele beskerming.

In moeraskat yn 'e dieretún Pakawi Park yn it Flaamske Olmen.

De moeraskat hat te lijen ûnder habitatferlies troch it drûchlizzen fan sompen en wetlands, de oanlis fan keardammen, yndustrialisearring, urbanisearring en miljeufersmoarging. Streuperij is ek in bedriging, benammen yn Turkije, Iraan, Afganistan en Súdeast-Aazje. Yn dy lêste regio wurdt de seldsumens fan 'e moeraskat mooglik feroarsake troch it hege nivo fan streuperij. Yndia wie lange tiid de grutste eksporteur fan pelzen fan 'e moeraskat oant op dy hannel yn 1979 it near lein waard.

Yn Kaukaazje en de Koeban komt de moeraskat tsjintwurdich noch mar kwealk foar. Yn it Natoerreservaat Astrachan, yn 'e Wolgadelta, binne al sûnt de 1980-er jierren gjin eksimplaren fan dizze soarte mear waarnommen. Yn Jordaanje is de moeraskat ek frijwol útstoarn; de delgong wurdt dêr benammen feroarsake troch de útwreiding fan 'e bougrûn yn 'e streamgebieten fan 'e rivieren de Jarmûk en de Jordaan. Boeren hawwe it dêr foar de moade en fergiftigje moeraskatten om't de bisten it foarsjoen hawwe soene op plomfee.

Yn it ferline waarden der in protte ûndersoarten fan 'e moeraskat (Felis chaus) erkend. Yn 2005 namen de auteurs fan it foaroansteande wurk Mammal Species of the World noch 10 ûnderskate ûndersoarten yn har beskriuwing fan 'e moeraskant op. Mar de gesachhawwende Taakgroep oangeande de Yndieling fan Kateftigen fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) tinne dat oantal yn 2017 út ta noch mar 3:

Yn 'e nije yndieling binne F. c. kutas, F. c. kelaarti, F. c. prateri en F. c. valbalala jongere synonimen fan F. c. affinis, wylst F. c. furax, F. c. nilotica, F. c. mainamah en F. c. oxiana synonimen fan F. c. chaus binne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.