Moarmerskries
| moarmerskries | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Limosa fedoa | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel (beringiae) wintergast |
De moarmerskries (Limosa fedoa) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae) binnen it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes). De fûgel briedt op 'e prêrje yn noardlik Noard-Amearika en oerwinteret by de kusten lâns oant yn Fenezuëla. De soarte is ien fan 'e pear Noard-Amearikaanske waadrinners dy't noch net yn Jeropa waarnommen is. De populaasje makket in delgong mei en wol sa bot, dat de fûgel sûnt 2024 fan 'e IUCN de status gefoelich krige.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De moarmerskries is de grutste fan 'e fjouwer soarten binnen it skaai Limosa, mei in lingte fan likernôch 46 sintimeter, in spanwiidte fan 76 sintimeter en in gewicht fan 370 gram. It is de soarte binnen syn skaai dy't wat it fearrekleed oanbelanget it meast tinken docht oan 'e wylpen (Numenius). Hy hat in lange rjochte, nei de ein ta nei boppe bûge snaffel. De poaten binne donker.
De holle, de nekke, it boarst en de ûnderkant fan 'e folwoeksen fûgel yn it briedkleed hawwe fine donkere streekjes op in ûndergrûn fan in ljochte sânkleur mei readbrune toanen. De snaffelkleur is rôze-oranje en de fûgel hat in wat donkere team en in sânkleurige wynbraustreek. De rêch, de stút en de sturt ha in weagjend patroan fan bêzje mei stikjes wyt. De wjukken binne boppe brúnbêzje bûnt mei in kanielkleurich part. De ûnderwjukken binne ljochte kanielkleurich.
Folwoeksen fûgels yn winterkleed en jonge fûgels misse de donkere streken op it boarst en de ûnderkant en harren snaffelbasis is rôze.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De moarmerskries briedt yn Kanada (yn Alberta, Saskatchewan en Manitoba) en yn 'e Feriene Steaten yn 'e noardlike grinskriten by Kanada (yn Montana en Noard-Dakota). Hy briedt ek yn it gebiet súdwestlik fan 'e Jamesbaai yn Ontario, Kanada.
De moarmerskries is in trekfûgel en yn 'e hjerst lûke kloften nei de kust fan Kalifornje, de Golf fan Meksiko, Meksiko en it fierst nei it suden oant Fenezuëla.
De measte autoriteiten (lykas de International Ornithological Congress of de IUCN) erkenne op it stuit twa ûndersoarten:
- Limosa fedoa fedoa: Dit is de nominaatfoarm, dy't yn 'e binnenlannen fan Noard-Amearika (de prêrje) briedt.
- Limosa fedoa beringiae: Dizze foarm briedt yn Alaska en is wat lytser mei in koartere snaffel as de fedoa.
It grutste part fan 'e fûgel briedt op de prêrjes an it noarden fan 'e Feriene Steaten en súdlik Kanada, hoewol't der twa lytse aparte populaasjes yn it noarden binne dy't briede op tûndra fan Jamesbaai Alaska.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It briedbiotoop fan 'e soarte is de prêrje tichteby puollen en wiete gebieten. Hy boud syn nêst fuort op 'e grûn yn koart gers. De nêsten binne dreech te finen om't de briedende fûgel him stiif tsjin de grûn drukt; sa stiif dat jo oant it nêst ta rinne kinne, sûnder dat de fûgel fuortfleant. De moarmerskries leit trije oant fiif aaien.
Folwoeksen moarmerskriezen komme yn har briedgebieten tusken mids april en mids maaie oan en foarmje in monogaam pear. It wyfke leit ornaris fjouwer aaien, dy't troch beide âlden útbret wurde. De piken komme nei sawat 24 dagen út en sitte fuort yn it dûns. Deselde deis begjinne de piken te rinnen en te pikken nei iten. Se binne foar beskerming oanwiisd op 'e âlders, mar rêde harren sels mei it iten. 26 oant 30 dagen nei it útkommen kinne se fleane. Healwei juny begjinne de folwoeksen fûgels te migrearjen, wylst de jonge fûgel earst in moanne letter begjinne te migrearjen.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje naam yn 'e 19e iuw ôf troch de jacht, mar wist him letter wer wat te werstellen. Hjoed-de-dei nimt de moarmerskries wer ôf, sa bot dat er fan 'e IUCN sûnt 2024 de status gefoelich krige. Neffens in rûzing fan 2023 bestiet de hielepopulaasje út sa'n 270.000 folwoeksen fûgels.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Skries
- Greidefûgel
- Bedrige fûgel
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
