Moarmerkatten
| moarmerkatten | ||
| In yllustraasje fan in moarmerkat (Pardofelis marmorata). | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
| skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
| ûnderskift: | katdieren (Feliformia) | |
| famylje: | kateftigen (Felidae) | |
| ûnderfamylje: | lytse katten (Felinae) | |
| skaai: | moarmerkatten (Pardofelis) | |
| Severtsov, 1858 | ||
| Soarten | ||
| Pardofelis marmorata | ||
| Ferspriedingsgebiet | ||
De moarmerkatten (wittenskiplike namme: Pardofelis) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae). Ta dit skaai heart op 't heden noch mar ien soarte, de moarmerkat (Pardofelis marmorata), dy't foarkomt yn 'e tropyske reinwâlden fan Súdeast-Aazje. Twa oare soarten dy't foarhinne ta de moarmerkatten rekkene waarden, binne no ûnderbrocht yn it skaai fan 'e goudkatten (Catopuma).
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme Pardofelis is gearstald út 'e Latynske wurden pardus ("loaihoars") en felis ("kat"). It is in ferwizing nei de bûnte pels fan 'e moarmerkat.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai fan 'e moarmerkatten waard yn 1858 yntrodusearre troch de Russyske soölooch Nikolaj Severtsov. It wie yn earste ynstânsje in monotypysk skaai om 'e moarmerkat (Pardofelis marmorata) yn ûnder te bringen. De Ingelske soölooch Reginald Innes Pocock stelde yn 1917 foar om ek de Borneogoudkat (Catopuma badia) by de moarmerkatten yn te dielen, op basis fan 'e likenis fan 'e foarm fan 'e plasse fan dat bist mei dy fan 'e moarmerkat. Lykwols waard it skaai fan 'e moarmerkatten oan 2006 ta rûnom as monotypysk akseptearre.
Oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw brocht in genetyske analyze de nauwe besibskipsbân oan it ljocht fan 'e moarmerkat en de beide soarten goudkatten (Catopuma). Trijeresom spjalten dy har likernôch 9,4 miljoen jier lyn ôf fan 'e oare lytse katten. Yn 2006 waarden de Borneogoudkat en de Aziatyske goudkat (Catopuma temminckii) dêrom oerpleatst nei it skaai fan 'e moarmerkatten. Harren eigen skaai Catopuma waard doe as in synonym fan Pardofelis beskôge.
Letter ûndersyk út 'e 2010-er jierren wiisde lykwols út dat de beide soarten goudkatten nauwer oaninoar besibbe wiene as oan 'e moarmerkat, wat de aparte status fan it skaai fan 'e goudkatten (Catopuma) rehabilitearre. Yn 2016 waard dêrom besletten om 'e gearfoeging werom te draaien, sadat it skaai fan 'e moarmerkatten op 'e nij monotypysk waard.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
