Moarmerkat
| moarmerkat | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pardofelis marmorata | ||||||||||||
| Martin, 1836 | ||||||||||||
| IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De moarmerkat (wittenskiplike namme: Pardofelis marmorata) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it monotypyske skaai fan 'e moarmerkatten (Pardofelis). Dit bist komt foar yn Súdeast-Aazje, fan it easten fan Nepal oant op Borneo. It is in karnivoar dy't frijwol like grut is as in hûskat (Felis catus) en dy't benammen yn 'e beammen fan it tropysk reinwâld libbet. Oft er oerdeis of nachts aktyf is, liket ôf te hingjen fan 'e pleatslike omstannichheden. De IUCN klassifisearret de moarmerkat as gefoelich.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De moarmerkat waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1836 troch de Ingelske soölooch William Charles Linnaeus Martin. De wittenskiplike namme dy't hy dit bist joech, wie Felis marmorata. It soartspesifike diel fan dy oantsjutting ferwiist nei it 'moarmere' patroan fan 'e pels, wylst it skaai Felis, dat no brûkt wurdt foar de wylde katten, doedestiden in soartemint sammelbak wie foar alle kateftigen. Felis longicaudata (letterlik: "langsturtkat"), beskreaun yn 1843 troch Henri Marie Ducrotay de Blainville, en Felis charltoni, beskreaun yn 1846 troch John Edward Gray, binne synonimen.
It skaai fan 'e moarmerkatten (Pardofelis) waard yn 1858 yntrodusearre troch de Russyske soölooch Nikolaj Severtsov. Foarhinne waard wol tocht dat de moarmerkat, nettsjinsteande syn behindige grutte, op basis fan guon morfologyske skaaimerken ta de grutte katten (Pantherinae) rekkene wurde moast. Tsjintwurdich is lykwols bekend dat de neiste sibben fan dit bist de beide soarten goudkatten (Catopuma) binne, dy't yn itselde gebiet foarkomme. Trijeresom spjalten se har likernôch 9,4 miljoen jier lyn ôf fan 'e oare lytse katten (Felinae).
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e moarmerkat beslacht it grutste part fan Súdeast-Aazje, mar it is diskontinu en sterk fragmintearre. Op it fêstelân komt dit bist tsjintwurdich noch foar yn dielen fan sintraal en súdlik Fjetnam, noardlik Kambodja, sintraal, súdlik, westlik en noardwestlik Laos, noardlik, sintraal, súdeastlik en súdwestlik Tailân en noardlik, westlik en eastlik Birma. Ek libbet er sawol yn 'e Birmeeske as de Taiske dielen fan it noarden fan it skiereilân Malakka. Yn it suden omfettet it ferspriedingsgebiet it meastepart fan it Maleizyske diel fan datselde skiereilân.
Op 'e Yndyske Arsjipel komt de moarmekat foar op 'e eilannen Sumatra en Borneo. Op Sumatra, yn Yndoneezje, is it ferspriedingsgebiet sterk fersnipele en benammen beheind ta de westkust, de noardpunt en de sintrale heechlannen. Op Borneo is de moarmerkat weromkrongen oant yn it binnenlân fan sawol it Yndonezyske diel as it Maleizyske diel fan it eilân.
De noardlike útein fan it areaal omfettet in fragmintaryske fersprieding yn 'e súdlike Sineeske provinsje Yunnan. Teffens is der in útrinner by de súdlike flank fan 'e Himalaya lâns nei it noardwesten, dy't de eastlike helte fan Nepal beslacht, mei dêropta súdlik Bûtan en dielen fan 'e Yndiaaske dielsteaten West-Bingalen, Sikkim, Assam en Arunachal Pradesh.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De moarmerkat is in lytse kateftige dy't fan ferlykbere grutte is mei de hûskat (Felis catus). Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 45–62 sm, mei in sturtlingte fan 35–55 sm en in gewicht fan 2–4 kg. De earen binne, oars as by de hûskat, net trijehoekich, mar rûn. De grouwe, tsjûk behierre sturt is yn ferhâlding ta it lichem tige lang, yn guon gefallen like lang of sels justjes langer as de kop-romplingte.
De poaten binne grut yn ferhâlding ta it lichem. De foarpoaten hawwe 5 teannen, wylst de efterpoaten mar 4 teannen hawwe. Allegearre hawwe dy folslein ynlûkbere, fjoerskerpe klauwen. Tusken de teannen sit in rekber stik hûd dat men in swimflues neame soe as dizze katten wier oan swimmen diene, wat net (of mar komselden) sa is. De hoektosken binne grut en lang, en lykje kwa foarm tige op dy fan grutte katten (Pantherinae). Mei't moarmerkatten net bysûnder nau besibbe binne oan 'e grutte katten, moat dit lykwols in gefal fan parallelle evolúsje wêze.
De pels fan 'e moarmerkat is tige ticht en hat in grûnkleur dy't fariëarret fan brunich griis oant gielich brún op 'e boppeste dielen fan it lichem en grizich oant bêzje op 'e ûnderste lichemsdielen. Dêroerhinne leit in patroan fan swarte streken yn 'e lingterjochting op 'e kop, nekke en rêch, en fan spikkels op 'e sturt, poaten en ûnderbealch. Op 'e siden sitte ûngeregelde dûnkere plakken mei in swarte râne, dy't mei-inoar ferrane ta in grutter dûnker kleure patroan. Dat liket op in "moarmere" patroan (fan 'e stiensoarte moarmer), dêrfandinne de namme fan it bist.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Moarmerkatten libje benammen yn it tropysk reinwâld. Mei't se in arboreäle libbenswize hawwe, komme se ek foar yn (of eins boppe) mei beammen begroeide sompen. Op gruttere hichten hâlde se ta yn tuskenbeiden leafwâlden en bamboewâlden. Se komme foar fan seenivo oant in hichte fan 2.500 m. Yn 'e eastlike Himalaya binne moarmerkatten yn Bûtan sels waarnommen op in hichte fan 3.810 m.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Moarmerkatten dy't yn noardeastlik Yndia en op Borneo folge waarden, wiene oerdeis aktyf, mei in hichtepunt yn 'e aktiviteit om 'e middeisoere hinne, mar de earste moarmerkat dy't mei in radiostjoerderke tarist waard, yn Tailân, wie in nachtdier dat benammen nachts, yn 'e jûnsskimer en yn 'e moarnsdage op 'e lapen kaam. Dyselde kat hie in territoarium dat sa'n 5,8 km² besloech.
Moarmerkatten binne solitêr libjende bisten, dy't inkeld yn 'e peartiid it selskip fan soartgenoaten opsykje. Se libje benammen yn 'e beammen. De populaasjetichtens fan moarmerkatten is wat dêr't noch wiidweidiger ûndersyk nei dien wurde moat. Op basis fan bylden dy't fêstlein waarden mei kamerafâlen, waard rûsd dat op trije lokaasjes yn Sabah, yn it noarden fan Borneo, 7–10 yndividuën de km² libje.
Wat oer it fuortplantingsproses fan 'e moarmerkat bekend is, komt fan inkele eksimplaren dy't har yn finzenskip fuortplante hawwe. Dat betsjut dat it net alhiel wis is oft it yn it wyld wol krekt sa om en ta giet. Hoe dan ek, de draachtiid duorre 66–82 dagen, wêrnei't de mem eltse kear 2 jongen smiet. Dy weagen by de berte 61–85 g en wiene noch blyn. De eachjes giene mei likernôch 12 dagen iepen, en mei 2 moannen waarden de jongkatsjes ôfwûn. Om dyselde tiid hinne begûnen se aktyf yn 'e beammen te klimmen. Moarmerkatten wurde mei 21–22 moannen geslachtsryp. De libbensferwachting is yn finzenskip maksimaal 12 jier, mar sil yn it wyld perfoarst koarter wêze.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas oare kateftigen binne moarmerkatten karnivoaren. It blêdetek fan it tropysk reinwâld is it plak dêr't se oan it meastepart fan harren proaien komme. Dat binne benammentlik fûgels, iikhoarntsjes en oare kjifdieren, en ek lytse reptilen, lykas hagedissen. Op guon plakken is waarnommen hoe't moarmerkatten ek op lytse apen jeie, lykas yn it Faunareservaat Phu Khieo yn Tailân, dêr't in Phayre's langoer (Trachypithecus phayrei) de proai wie.

Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e moarmerkat binne fral grutte rôffûgels lykas earnen. Jongen binne kwetsber foar folle mear rôfdieren, wêrûnder ek martereftigen en slangen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De moarmerkat hat de IUCN-status fan "gefoelich", in klassifikaasje dy't betsjut dat der om dit bist tocht wurde moat om foar te kommen dat it in bedrige soarte wurdt. Dêrta is de moarmerkat opnommen yn Taheakke I fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn 'e beskreaune soarten. It bejeien fan dit bist is ferbean yn Birma, Yndia, Yndoneezje, Kambodja, Maleizje, Nepal, Sina en Tailân. Yn Fjetnam, Laos en Singapoer moat foar de jacht op dit bist earst in fergunning oanfrege wurde. Bûtan en Brûnei binne de iennichste lannen dêr't de moarmerkat bûten beskerme natoergebieten sûnder mear bejage wurde mei.
De wichtichste bedrigings foar de moarmerkat binne habitatferlies en habitatfragmintearring troch de oangeande ûntbosking. De grûnoarsaken dêrfan binne houtkap foar de hout- en papieryndustry en de útwreiding fan lânbou en delsettings. Streuperij komt ek foar, mei't sawol de pels fan 'e moarmerkat as syn bonken weardefol binne, it iene foar de bûnthannel en it oare foar gebrûk yn tradisjonele genêskunde. It fleis wurdt troch guon lânseigen folken as in delikatesse beskôge. De wichtichtse jachtmetoade is it útsetten fan strûpen, dêr't alderhanne bisten yn fêstkomme kinne te sitten.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 2 (stân fan saken yn 2017) erkende ûndersoarten fan 'e moarmerkat (Pardofelis marmorata):
- de noardlike moarmerkat (P. m. longicaudata Blainville, 1843) (de eastlike Himalaya en it fêstelân fan Súdeast-Aazje nei it suden ta oant de Lâningte fan Kra)
- de súdlike moarmerkat (P. m. marmorata Martin, 1836) (Sumatra, Borneo en súdlik Malakka)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Moarmerkat
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Tailân

