Springe nei ynhâld

Mo‘orea

Ut Wikipedy
Mo‘orea
emblemen
polityk en geografy
soarte gebieteilân
lân Frankryk
oerseeske kollekt. Frânsk-Polyneezje
bestj. ûnderferdielingBoppewynske Eilannen
gemeenteMo‘orea-Mai‘ao
haadplak‘Āfareaitu
grutste plakPao Pao
heechste berchTohive‘a
arsjipelGenoatskipseilannen
sifers
ynwennertal17.718 (2017)
oerflak134 km²
befolkingstichtens132,2 / km²
heechste punt1.207 m
oar
tiidsôneUTC –10.00
simmertiidgjint
koördinaten17°32′ S 149°50′ W
kaart
Mo‘orea (Frânsk-Polyneezje)
Mo‘orea
De lizzing fan Mo‘orea yn Frânsk-Polyneezje.

Mo‘orea (Frânske útspr.: [mo.oʁeˈa], likernôch: "moh-oh-chee-ah"; Tahitiaanske útspr.: [moʔoˈre(ʔ)a], likernôch: "moo-oo-ree-ah"), gauris stavere as Moorea, is in eilân yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. Geografysk heart it ta de Boppewynske kloft fan 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel dy't sels wer diel útmakket fan 'e gruttere regio Polyneezje. Bestjoerlik falt it ûnder Frânsk-Polyneezje, in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de politike status fan in oerseeske kollektiviteit. Mo‘orea leit fan alle eilannen fan Frânsk-Polyneezje it deunst by it haadeilân Tahity. It haadplak is ‘Āfareaitu. Neffens gegevens út 2017 hie Mo‘orea doe krapoan 18.000 bewenners.

It toponym 'Mo‘orea' komt fan it Tahitiaanske wurd mo‘ore‘a, dat "giele hagedis" betsjut, fan mo‘o, "hagedis", en re‘are‘a, "giel". In âldere namme foar it eilân is ‘Aimeho, soms skreaun as ‘Aimeo of ‘Eimeo (om't yn 'e tiid dat dy namme brûkt waard de stavering noch net standerdisearre wie). Iere Westerske ûntdekkingsreizgers joegen Mo‘orea Jeropeeske nammen, lykas York Island of Santo Domingo, dy't lykwols net fan lange doer blieken te wêzen.

In lânkaart fan Mo‘orea (l.) en it gruttere buoreilân Tahity.
In satellytfoto fan Mo‘orea.

Mo‘orea is in eilân dat rûchwei yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan leit, besuden de evener. It heart ta de Boppewynske kloft fan 'e Genoatskipseilannen. Dat is in arsjipel dy't sels wer diel útmakket fan 'e folle gruttere regio fan Polyneezje, dêr't û.m. ek Tonga, Samoä, de Cookeilannen, de Hawaï-eilannen, Peaske-eilân en Nij-Seelân ta hearre. It neiste buoreilân is it folle gruttere Tahity, dat 17 km nei it eastsúdeasten leit. De beide eilannen lizze sa deun byinoar dat Tahity fan Mo‘orea ôf te sjen is en oarsom.

Mo‘orea hat in rûchwei trijehoekige foarm, wêrby't de punten nei it noardwesten, it noardeasten en it suden lizze. It eilân mjit likernôch 14 km fan 'e noardeastpunt nei de noardwestpunt en 9 km fan fan 'e noardkust nei de súdpunt. Yn 'e noardkust sitte twa ynhammen dy't djip it lân ynsnije: de Cookbaai (mear nei it easten ta) en de ‘Ōpūnohubaai (mear nei it westen ta). It eilân wurdt omjûn troch in koraalrif, dat op in stik as njoggen plakken ûnderbrutsen wurdt troch tagongen ta de iepen oseaan. Oan 'e binnenkant fan it rif leit in smelle en oer it algmien ûndjippe lagune, dy't sûnt 2008 erkenning genietet fan 'e Ramsarkonvinsje as in wetland fan ynternasjonale betsjutting.

It frijwol ûnoantaaste binnenlân fan Mo‘orea is bercheftich en oerdutsen mei tropysk reinwâld. It heechste punt fan it eilân is de útdôve fulkaan de Tohive‘a, mei in hichte fan 1.207 m boppe seenivo. Mar dat is net de iennichste berch op Mo‘orea. Oan 'e noardkust leit de 899 m hege Rotui, dy't de 3 km útinoar lizzende Cookbaai en de ‘Ōpūnohubaai faninoar skiedt. Dy berch tommelet dêr oan beide kanten op spektakulêre wize suver rjocht del yn 'e baaien. De Mou‘a Puta, mei in hichte fan 830 m, stiet bekend as de "trochboarre berch", om't der in gat troch de top hinne sit. De Mou‘a Roa, mei in hichte fan 880 m, stiet omreden syn foarm bekend as "de Katedraal".

Mo‘orea is in fulkanysk eilân, dat foarme is troch teminsten sechstjin ûnderskate basaltstreamen út in skyldfulkaan en lettere lavastreamen, dy't 2.150.000 oant 1.360.000 jier âld binne. De foarming fan it eilân wie it resultaat fan 'e eardere lizzing boppe de fulkanyske hotspot dy't it grutste diel fan 'e Genoatskipseilannen foarme hat. Troch de tektoanyske ferskowing fan 'e Pasifyske Plaat nei it westnoardwesten ta is Mo‘orea ûnderwilens al in hiel ein fan 'e hotspot ôf rekke en bestiet der gjin inkele kâns mear dat de âlde fulkaan op it eilân wer ta libben komme sil. Op 't heden leit it eilân Meheti‘a boppe de hotspot. De hjoeddeistige baaien of ynhammen yn 'e kust fan Mo‘orea wiene nei alle gedachten oarspronklik de mûnings fan rivierkes, dy't folrûn binne mei seewetter troch de stiging fan 'e seespegel yn it Holoseen.

Mo‘orea en de oare Genoatskipseilannen rekken foar it earst troch minsken bewenne ûnder it Grutte Polynezyske Folkeferfarren. Ornaris wurdt derfan útgien dat de eilannen earne tusken 300 en 800 yn it earste milennium kolonisearre waarden fanôf de Markesaseilannen, mar in nije teory wol hawwe dat se al om it jier 200 kolonisearre waarden troch Polyneezjers út Tonga en Samoä wei. Yn 'e prekoloniale tiid wie Mo‘orea ferdield yn njoggen tribale groepen, dy't wer ûnderferdield wiene yn clans. De hierargyske maatskippij waard dominearre troch in hegerein dy't sawol politike as religieuze macht útoefene, en dy't iuwenlang houliks- en dêrtroch famyljebannen ûnderhold mei de elite fan it buoreilân Tahity. Dy konneksjes laten bytiden ta wichtige bûnsgenoatskippen, mar soms wiene se ek in boarne fan gewelddiedige konflikten.

Utsjoch op Mo‘orea.

Argeologysk ûndersyk yn 'e ‘Ōpūnohudelling, yn it noarden fan Mo‘orea, dat al yn 'e 1920-er jierren úteinsette en (mei tuskenskoften) anno 2025 noch altyd trochgiet, hat oan it ljocht brocht dat it prekoloniale tiidrek op it eilân yn trije perioaden opdield wurde kin. It Pre-Atiro‘o-tiidrek (foàr 1000) waard karakterisearre troch wiidweidige houtkap op 'e dellingskeanten om lân frij te meitsjen foar bou. Tsjin 'e ein fan dy perioade late dat ta grûneroazje en de formaasje fan in lytse alluviale flakte op 'e dellingflier. Yn it Atiro‘o-tiidrek (10001650) waarden der keunstmjittige terrassen oanlein op 'e dellingskeanten. Teffens ferriisden yn dy snuorje simpele stiennene gebouwen, lykas timpels (marae) en rjochthoekige (fare haupape) en ovale wenten (fare pote‘e) foar de hegerein. Yn it Marama-tiidrek (16501788) waard de ‘Ōpūnohudelling ferovere troch de haadlju (ariki) fan 'e Marama-stamme, dy't oarspronklik oan 'e kust wenne hie. De befolking woeks oan en der waarden komplekse stiennene marae boud yn 'e foarm fan treppiramiden. Tsjin 'e ein fan 'e perioade waard de ‘Ōpūnohudelling in taflechtsoard foar ariki dy't har oankanten tsjin 'e oanboazjende Jeropeeske ynfloed op 'e Genoatskipseilannen.

De Cookbaai oan 'e noardkust fan Mo‘orea.

De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizger dy't Mo‘orea yn it sicht krige, soe de Portegees yn Spaanske tsjinst Pedro Fernandes de Queirós yn 1606 west hawwe kinne, mar de measte hjoeddeistige skiedkundigen tinke dat dyselde ynstee it eilân Rekareka, yn 'e Tûamotû-arsjipel, ûntdiek. Dat soe betsjutte dat de earste Jeropeänen dy't Mo‘orea te sjen krigen de leden fan 'e ekspedysje fan 'e Britske ûntdekkingsreizger Samuel Wallis wiene, dy't yn 1767 Tahity besocht. It earste kontakt tusken de bewenners fan Mo‘orea en Jeropeänen foel foar yn oktober 1777, doe't it eilân (by de ‘Ōpūnohubaai) oandien waard troch de Britske ûntdekkingsreizger James Cook, nei't dyselde foar de trêde kear Tahity besocht hie. Dêrby waard op 6 oktober ien fan Cook syn geiten stellen, wylst dy op it eilân oan it weidzjen wie. Nei't ûnderhannelings net yn 'e weromjefte fan 'e geit resultearren, stjoerde Cook twa mânske troepen mei fjoerwapens tariste mariniers en bemanningsleden oan lân, dy't huzen en kano's yn 'e brân stieken. Uteinlik waard de geit doe weromjûn, wêrnei't Cook mei gauwens by Mo‘orea wei fear. De Cookbaai waard letter nei him ferneamd. Yn 1774 waard Mo‘orea oandien troch de Spaanske ûntdekkingsreizger Domingo de Bonechea, dy't it eilân de namme Santo Domingo joech.

Nei de opkomst fan 'e Pōmare-dynasty ûnder Pōmare I, dy't yn 1790 it Keninkryk Tahity stifte, waard Mo‘orea al rillegau yn dat steatsferbân opnommen. Om dyselde snuorje hinne waard it eilân foar it earst oandien troch Jeropeeske walfiskfarders, dy't ûnder de lânseigen befolking alkoholisme en prostitúsje yntrodusearren. In grut diel fan 'e eilânbewenners beswiek oan besmetlike sykten fan 'e Jeropeänen, dêr't se gjin ymmuniteit foar hiene. Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw arrivearren de earste sindelingen, dy't leden fan it kalvinistyske Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS) wiene. Tsjin 1830 wie de befolking fan Mo‘orea hast hielendal kerstene. In grut diel fan 'e lânseigen kultuer gie ferlern om't de sindelingen besochten om alle wizânsjes út te bannen dy't yn harren eagen "heidensk" wiene, lykas neaken (of healneaken) omrinnen, mar ek dûnsjen, sjongen en taoeëarjen.

In swartpuntrifhaai (Carcharhinus melanopterus) yn 'e lagune fan Mo‘orea.

Yn 1842 kundigen de Frânsen in protektoraat oer it Keninkryk Tahity ôf. Yn namme wie soks bedoeld om in kwetsbere lânseigen steat yn beskerming te nimmen tsjin oare Jeropeeske grutmachten, mar de sitewaasje waard troch de Frânsen misbrûkt om fan Tahity (Mo‘orea ynbegrepen) yn 'e praktyk in koloanje te meitsjen. Nei't yn 1880 kening Pōmare V abdisearre en syn eardere keninkryk fermakke oan Frankryk, krige it gebiet ek formeel in koloniale status. Nei ôfrîn fan 'e Twadde Wrâldoarloch waarden yn 1946 de Établissements françaises d'Océanie (EFO, "Frânske Fêstigings yn Oseaanje"), sa't de koloanje doe hiet, ûnder de grûnwet fan 'e Frânske Fjirde Republyk omfoarme fan in ta in oerseesk territoarium. Dat betsjutte dat de bewenners fan Mo‘orea de Frânske nasjonaliteit krigen en steatsboargers fan Frankryk waarden mei alle rjochten dy't dêrmei mank giene, lykas it stimrjocht yn Frânske ferkiezings. De namme fan 'e EFO waard yn 1957 offisjeel feroare yn Polynésie française ("Frânsk-Polyneezje"). Op 28 maart 2003 krige Frânsk-Polyneezje ûnder de refyzje fan kêst 74 fan 'e Frânske grûnwet de status fan in oerseeske kollektiviteit fan Frankryk, om't oerseeske territoaria fan dat stuit ôf inkeld noch ûnbewenne gebieten wêze koene.

De ekonomy fan Mo‘orea draait fierhinne op it toerisme. It eilân is, nei Tahity en Bora Bora, ien fan 'e wichtichste toeristyske bestimmings fan Frânsk-Polyneezje. Ferfier nei it eilân rint ornaris fia de Ynternasjonale Lofthaven Fa‘a‘ā by Papeete op Tahity, en dan mei in fearboat út 'e haven fan Papeete nei Mo‘orea ta. Mar it is ek mooglik om fan Tahity nei Mo‘orea te fleanen om dan te lânjen op it Fleanfjild Tema‘e, dat yn novimber 1967 iepene waard. Mo‘orea is yn 't bysûnder populêr as bestimming foar houliksreizen en bestimmingstrouwerijen (wêrby't de hiele brulloft mei gasten en al op 'e bestimming fan 'e houliksreis holden wurdt). Oan 'e westkust is in hiele replika fan in lânseigen Polynezysk doarp (Village Tiki) boud foar toeristen, dêr't dûnsfoarstellings en demonstraasjes fan tradisjonele Polynezyske ambachten holden wurde en sûvenirwinkels besocht wurde kinne.

In ananasplantaazje op Mo‘orea.

Njonken it toerisme binne as ekonomyske sektors op Mo‘orea benammen de fiskerij en de lânbou fan belang. Mei de fiskerij is it yn 'e ienentweintichste iuw yn it neigean rekke, mar dochs spilet dat noch altyd in wichtige rol yn 'e ekonomy fan it eilân. Wat lânbou oanbelanget, giet it benammen om 'e bou fan kopra, breafruchten, jams, taro, swiete jirpels, bananen, kokosnuten en oare tropyske fruchten. Dêrnjonken waard foarhinne foar de eksport ek in protte kofje op Mo‘orea ferboud, mar omreden fan 'e delgeande kofjeprizen wie it yn 'e 2000-er jierren net mear rendabel om dêrmei troch te gean. In protte kofjeboeren binne doe oerstapt op 'e bou fan ananas en fanylje.

Bestjoerlik heart Mo‘orea ta Frânsk-Polyneezje. Dat is gjin selstannich lân, mar in semy-autonoom oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de dûbele politike status fan in oerseeske kollektiviteit (collectivité d'outre mer, COM) en in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk (pays d'outre mer au sein de la République, POM). Binnen Frânsk-Polyneezje is Mo‘orea part fan 'e bestjoerlike ûnderferdieling (subdivision administrative) fan 'e Boppewynske Eilannen. Op lokaal nivo foarmet Mo‘orea mei in oar eilân, Mai‘ao, de gemeente (commune) Mo‘orea-Mai‘ao. Dat is de iennichste gemeente yn 'e Boppewynske Eilannen dy't net alteast foar in diel op Tahity leit.

De sinne giet ûnder efter Mo‘orea, sjoen fan Tahity ôf.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2017 hie Mo‘orea doe in befolking fan 17.718 minsken. By de folkstelling fan 2007 lei dat sifer noch op 16.191 minsken, en yn 2002 wiene der noch mar 14.226 bewenners fan it eilân. De befolkingstichtens bedroech yn 2022 132,2 persoanen de km². It haadplak fan it Mo‘orea is ‘Āfareaitu, mar it grutste plak is Pao Pao, dêr't 4.895 minsken wenje.

Yn etnysk opsjoch bestiet hast de hiele befolking fan Mo‘orea út Tahitianen, dy't de lânseigen etnyske groep fan alle Genoatskipseilannen foarmje. Tahitianen binne Polyneezjers, en harren taal, it Tahitiaansk, heart ta de Polynezyske kloft fan 'e Austronezyske taalfamylje. De iennichste offisjele taal yn Frânsk-Polyneezje is lykwols it Frânsk.

Wat religy oangiet, bestiet hast de hiele befolking fan Mo‘orea út kristenen. Foar it meastepart binne dat protestanten, dy't leden binne fan 'e Protestantske Tsjerke fan 'e Maohi, in kalvinistysk tsjerkegenoatskip. Der is ek in roomske minderheid op Mo‘orea, en de Roomsk-Katolike Tsjerke besit fjouwer tsjerkegebouwen op it eilân. Ferskate lytsere protestantske denominaasjes binne ek oanwêzich op Mo‘orea, lykas de mormoanske Tsjerke fan Jezus Kristus fan 'e Hilligen fan 'e Lêste Dagen.

Mo‘orea hat in tropysk klimaat mei in tige hege luchtfochtichheid dy't goed is foar it tropysk reinwâld dat it meastepart fan it eilân oerdekt. De trochsneed temperatuer oerdeis skommelt tusken de 30–31 °C yn maart, de waarmste moanne, en de 28 °C yn septimber, de kâldste moanne. Der binne winliken mar twa jiertiden: in reintiid fan novimber oant en mei april, en in drûge tiid fan maaie oant en mei oktober. Ek yn 'e saneamde 'drûge tiid' falt der noch wol rein, mar minder as yn 'e reintiid. Oer it hiele jier kriget Mo‘orea yn trochsneed sa'n 1.750 mm delslach.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.