Mixen (lûd)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
In audiomixingpaniel yn in kontrôlekeamer fan in tillefyzjestudio.

Mixen, lûdsmixing, audiomixing of miksaazje is in proses wêrby't ferskate soarten lûden kombinearre wurde yn ien of mear lûdskanalen. Dêrby wurde folumenivo, frekwinsje-ynhâld, dynamyk en panoramyske posysje manipulearre en ferbettere. Dy praktyske, estetyske of kreätive behanneling wurdt tapast om in einferzje fan it lûd te berikken dy't noflik is om nei te harkjen. Mixen wurdt dien by muzykopnames, films, tillefyzje en live-lûd. It wurdt ornaris ferrjochte troch in mixingtechnikus dy't in audiomixingpaniel of in digitaal audiowurkstasjon ta syn foldwaan hat.

Muzykopnames[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de ynfiering fan multitrackrecordingtechniken moasten alle lûden en lûdseffekten dy't diel útmeitsje moasten fan in lûdsopname, yn ien kear trochinoar mixt wurde by in live-optreden. As de lûdsmix net nei 't sin wie, of as ien muzikant in flater begie, moast it hiele muzykstik oerdien wurde oant eltsenien der tefreden oer wie. Soks heart tsjintwurdich lykwols ta it ferline. Troch multitrackrecording kinne alle ûnderdielen fan 'e úteinlike lûdsmix by it mixen fan muzyk apart faninoar opnommen wurde om letter yn 'e studio mixt te wurden. Dy fernijing hat de muzykyndustry radikaal feroare. De produksjefaze bestiet no yn 'e regel út trije stadia: opname, overdubbing en mixdown.

It mixen fan live-muzyk by in optreden.

Films en tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It mixen fan lûd foar films en tillefyzjeprogramma's is in proses dat diel útmakket fan 'e postproduksje. Dêroan giet de lûdsmontaazje foarôf, wêrby't trije soarten lûden opboud wurde: dialooch, lûdseffekten (eftergrûnlûden) en filmmuzyk. By de lûdsmixing wurde dy trije soarten lûden gearmongen ta ien floeiend gehiel.

Live-lûd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It mixen fan live-lûd is it proses fan it gearmingen fan ferskate lûdsboarnen by in live-optreden troch it gebrûk fan in audiomixingpaniel. De lûdsboarnen kinne de muzyk wêze dy't troch ôfsûnderlike ynstruminten produsearre wurdt, mar ek sjongstimmen en foarôf opnommen materiaal. Live-discjockeys wurkje útslutend mei yn it foar opnommen materiaal.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.