Springe nei ynhâld

Mississippy-alligator

Ut Wikipedy
Mississippy-alligator
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassereptilen (Reptilia)
skiftkrokkedileftigen (Crocodilia)
famyljealligators en kaaimannen
   (Alligatoridae)
skaaiechte alligators (Alligator)
soarte
Alligator mississippiensis
Daudin, 1802
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De Mississippy-alligator (wittenskiplike namme: Alligator mississippiensis), soms ek wol oantsjut as de Amerikaanske alligator, is in reptyl út it skift fan 'e krokkedileftigen (Crocodilia), de famylje fan 'e alligators en kaaimannen (Alligatoridae), de ûnderfamylje fan 'e alligators (Alligatorinae) en it skaai fan 'e echte alligators (Alligator). Dit bist komt foar yn it súdeasten fan 'e Feriene Steaten en it noardeasten fan Meksiko. It is in grutte krokkedileftige, dy't tahâldt yn tropyske en subtropyske wetlands mei swiet of brak wetter. Yn sâlt wetter kin er lykwols net oerlibje. De Mississippy-alligator kin folle better oer kjeld as oare krokkedileftigen en is de noardlikst libjende fan alle krokkedileftigen. It is in hyperkarnivoar, dy't frijwol eltse proai ferslynt dy't er te pakken krije kin. Nettsjinsteande dat hat resint ûndersyk oan it ljocht brocht dat er ek fruchten fret. Hoewol't Mississippy-alligators minder agressyf foar minsken oer binne as beskate oare grutte krokkedileftigen, komme fatale oanfallen dochs út en troch foar. De IUCN klassifisearret de Mississippy-alligator as net bedrige.

Taksonomy en evolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Mississippy-alligator waard yn 1801 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Frânske soölooch François Marie Daudin. Dyselde joech it bist de wittenskiplike namme Crocodylus mississippiensis, letterlik: "Mississippykrokkedil", wêrmei't er him yndielde by de famylje fan 'e krokkedillen (Crocodylidae). In oare Frânske soölooch, Georges Cuvier, yntrodusearre yn 1807 foar de Mississippy-alligator it skaai fan 'e echte alligators (Alligator). De namme fan dat skaai basearre er op 'e Ingelske namme foar it bist, alligator, dy't úteinlik etymologysk sjoen werom giet op 'e Spaanske term el lagarto, dat "de hagedis" betsjut.

De plasse fan in Mississippy-alligator.

Fossilen dy't yn Floarida opdobbe binne, toane net inkeld oan dat de Mississippy-alligator al 7–8 miljoen jier bestiet, sûnt it Let-Mioseen, mar ek dat er al sa lang yn itselde ferspriedingsgebiet foarkomt. Der binne teminsten njoggen oare, no útstoarne soarten echte alligators bekend fan fossilen. De neiste libbene sibbe fan 'e Mississippy-alligator is de folle lytsere Sineeske alligator (Alligator sinensis), in krityk bedrige soarte dy't foarkomt yn it streamgebiet fan 'e rivier de Jangtsekiang, oan 'e kust fan sintraal Sina.

It ferspriedingsgebiet fan 'e Mississippy-alligator wreidet him yn it foarste plak út oer it súdeastlike diel fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. Mei't dit bist sterk ôfhinklik is fan 'e oanwêzigens fan oerflaktewetters, folget de fersprieding by de kust wei de streamgebieten fan rivieren it binnenlân yn. Ta it areaal hearre de hiele Amerikaanske steaten Floarida en Louisiana, it easten en súdeasten fan Noard-Karolina, de súdeastlike helte fan Súd-Karolina, de súdlike helte fan Georgia en Alabama, hast hiel Mississippy (útsein de noardeastlike hoeke), it uterste súdwesten fan Tennessee, de súdlike helte fan Arkansas en de it súdeasten fan Oklahoma.

De fersprieding fan 'e Mississippy-alligator berikt syn westlikste punt yn 'e Amerikaanske steat Teksas en it oangrinzgjende diel fan noardeastlik Meksiko. Yn Teksas is de fersprieding beheind ta it easten en suden fan 'e steat en de streamgebieten fan rivieren as de Trinity, de Brazos en de Colorado. Op 'e grins mei Meksiko komt de Mississippy-alligator foar yn 'e ûnderrin fan 'e Rio Grande en inkele sydstreamen fan dy grinsrivier. It swiertepunt fan 'e fersprieding wurdt lykwols foarme troch twa grutte moerasgebieten: de Everglades oan 'e súdpunt fan it Floaridaskiereilân en de Mississippydelta yn súdlik Louisiana.

In Mississippy-alligator leit te sinnebaaien op 'e wâl fan in poel yn it Nasjonaal Wyldreservaat Big Cypress yn súdlik Floarida.

Yn it ferline wie de Mississippy-alligator in bedrige soarte, dy't troch oerbejaging yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw op it rântsje fan it útstjerren brocht waard. In diel fan 'e plakken dêr't er no wer foarkomt, bestiet út relatyf resinte yntroduksjes, sawol troch minsklik yngripen as troch natuerlike útwreiding. Sa is it wer foarkommen fan dit bist yn Tennessee folslein op eigen krêft bard. De noardlike ôffreding fan it areaal, dy't no oan 'e Atlantyske kust fan Noard-Karolina leit, likernôch healwei de noard- en súdgrins fan dy steat, sil nei ferwachting yn 'e kommende desennia stadichoan by de kust lâns opskowe nei it noarden ta, mei't de Mississippy-alligator fan oarsprong oant yn Firginia foarkaam. No al dwale guon ienlingen út Noard-Karolina út en troch ôf nei de Grutte Nearzige Sompe yn sintraal Firginia.

Profyl fan 'e kop fan in Mississippy-alligator.

Yn 2021 waard in alligator oantroffen yn Calvert County, yn 'e Amerikaanske steat Marylân (dy't benoarden Firginia leit), deinby de Chesapeakebaai. It bist waard dêr deasketten troch in jager mei in krúsbôge. Der besteane ferskate oare waarnimmings fan Mississippy-alligators yn Marylân, mar it tinken is dat it dêrby net giet om in útwreiding fan it natuerlike ferspriedingsgebiet fan dizze soarte, mar om eksoatyske húsdieren dy't ûntsnapt of frijlitten binne.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Mississippy-alligator is in grutte soarte krokkedileftige. Binnen de famylje fan 'e alligators en kaaimannen (Alligatoridae) is it de grutste soarte, útsein miskien foar wat de grutste eksimplaren fan 'e swarte kaaiman (Melanosuchus niger) oangiet. De totale lichemslingte bedraacht by mantsjes trochinoar 3.40 m, mei in gewicht fan maksimaal 360 kg. Der bestiet yn dizze soarte gâns seksuele dimorfy wat lingte en gewicht oangiet, hoewol lang net safolle as by guon gewoane krokkedillen (Crocodylus spp.) foarkomt. Wyfkes binne nammentlik in stik lytser en lichter, mei trochinoar in lingte fan 2.60 m en in gewicht fan maksimaal 91 kg.

Close-up fan 'e snút mei de noasters fan in Mississippy-alligator.

Histoarysk binne der ferslaggen fan folle gruttere eksimplaren. It aldergrutste wie in mantsje dat yn 1890 troch in Edward McIlhenny sketten waard op Marsh Island yn Louisiana. Dat bist soe 5.84 m metten hawwe, mar it waard efterlitten dêr't it deamakke wie om't it te grut en swier wie om te ferpleatsen. As de lingte op wierheid berêst, soe dat bist nei alle gedachten likernôch in ton weage hawwe moatten. It grutste eksimplaar yn Floarida wie in mantsje dat yn it Nasjonaal Park De Everglades sketten waard en dat in lingte fan 5.31 m hân hawwe soe. Mar ek dat is in ferslach dat net troch fysyk bewiismateriaal ûnderstipe wurdt. De grutste alligator wêrby't dat wol it gefal is, wie in eksimplaar út Alabama mei in lingte fan 4.50 m en in gewicht fan 458,8 kg dat yn 2014 ta it wrâldrekôr útroppen waard.

Der bestiet in idee, dat sawol fêst ferankere is yn 'e folkloare as yn 'e âldere herpetologyske literatuer, dat krokkedileftigen, de Mississippy-alligator ynbegrepen, ûnbeheinde groei hawwe. Dat wol sizze dat se trochgeane mei groeien oant se stjerre, ek al wurde se noch sa âld. Dy bewearing is lykwols fierhinne basearre op oannames en op waarnimmings fan jonge en healwoeksen eksimplaren. Sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw begjinne yngeande wittenskiplike ûndersiken it idee fan ûnbeheinde groei tsjin te sprekken. In langjierrich ûndersyk dat fan 1979 oant 2015 útfierd waard troch it Tom Yawkey Wildlife Center yn Súd-Karolina, bygelyks, stelde fêst dat de groei by manlike Mississippy-alligators ophâldt as se 43 jier binne en by wyfkes as se 31 jier binne.

In Mississippy-alligator makket in swimkrab (Portunidae sp.) lytsman.

De Mississippy-alligator hat in silinderfoarmich lichem dat fan boppen en ûnderen wat ôfplatte is. De poaten binne, yn ferhâlding ta de lichemsgrutte, koart en stekke fansiden út ynstee dat se ûnder it lichem pleatst binne, lykas by sûchdieren it gefal is. De lichemsfoarm ferskilt fan lang en rank oant koart en grou, mooglik troch fariaasjes oangeande dieet en klimaat. De sturt is lang, hast like lang as it lichem, en sleept by de fuortbeweging op lân oer de grûn, mar tsjinnet by it swimmen as oandriuwing. Hy kin ek as wapen brûkt wurde troch dermei te slaan. De foarpoaten hawwe fiif teannen dy't net ûnderling ferbûn binne, wylst de efterpoaten fjouwer teannen hawwe mei swimfluezzen dertuskenyn.

Oars as echte krokkedileftigen hat de Mississippy-alligator in ôfplatte, rûne snút ynstee fan in smelleren- en kantigenien. Krekt as de brilkaaiman (Caiman crocodilus) hat de Mississippy-alligator in bientige noasrâne oan 'e útein fan 'e snút, mar dy is by dit bist minder prominint. Yn harren kaken beskikke Mississippy-alligators oer 74–80 ûnderskate skerppuntige tosken. By jongere eksimplaren binne dy lyts en nulle-eftich, neigeraden dat in yndividu folwoeksen wurdt, feroaret de foarm fan 'e tosken en wurde se breder en grutter. Dy morfologyske ûntjouwing fan 'e tosken falt gear mei in ferskowing dy't sa tydlingswei yn it dieet fan 'e bisten plakfynt, fan lytseftige fisken en ynsekten as se noch jong binne, nei gruttere proaien lykas skyldpodden, fûgels en sûchdieren as se folwoeksenens berikke. As de bek sletten is, passe de tosken fan 'e boppekaak persiis yn útsparrings yn 'e râne fan 'e ûnderkaak. De tosken yn 'e ûnderkaak wurde hielendal bedutsen troch de boppekaak om't se justjes mear nei binnen ta pleatst binne.

In albino-alligator yn it diere- anneks ferdivedaasjepark Gatorland yn Orlando (Floarida).

De spieren dêr't de kaken mei sletten wurde, binne tige sterk. By in ûndersyk yn 2004 waard fêststeld dat de byt fan in Mississippy-alligator in krêft fan wol 13.172 N hawwe kin. Fan alle krokkedileftigen waard allinnich by de seekrokkedil (Crocodylus porosus) in gruttere bytkrêft fêststeld fan oant 16.414 N. Nettsjinsteande de krêft fan 'e spieren dy't de kake slute, binne de spieren dy't de kaken iepenje by de Mississippy-alligator (en oare krokkedileftigen) krekt tige swak, sadat in minske se mei de hannen tichthâlde kin of, feiliger, troch der wat tape omhinne te wuoljen.

De hûd fan 'e Mississippy-alligator bestiet, lykas by alle krokkedileftigen, út keale, leareftige skobben, dy't fuortsterke binne troch opsteande biennene plaatsjes dy't osteodermen neamd wurde. Op 'e boppeste lichemsdielen (snút, kop, nekke, rêch, siden, poaten en de boppe- en sydkanten fan 'e sturt) hawwe de skobben in kleur dy't útinoar rinne kin fan oliif fia brún en/of griis oant swart. Trochinoar nommen is de Mississippy-alligator ien fan 'e dûnkerst kleure krokkedileftigen. De ûnderste lichemsdielen (kiel, boarst, bealch en de ûnderkant fan 'e sturt) binne dêrfoaroer folle ljochter kleure, suver krêmkleurich. Soms kin it foarkomme dat in yndividu in genetyske ôfwiking hat dy't derfoar soarget dat er gjin melanine oanmeitsje kin, sadat it in albino wurdt, dy't frijwol hielendal krêmkleurich of witich is. Sokke bisten binne tige seldsum, mei't se yn it wyld net oerlibje kinne troch kwetsberens foar sawol de sinne as oare rôfdieren. Se berikke dêrom inkeld yn finzenskip folwoeksenens.

In Mississippy-alligator oan it sinnebaaien op in beamstam yn it Okefenokeemoeras yn súdlik Georgia.

Mississippy-alligators binne bewenners fan moerassen, rivieren, beken, puollen, marren en troch de minske oanleine lânskipseleminten lykas kanalen, fearten en de fivers dy't as hindernissen tafoege wurde oan golfbanen. Ek komme se foar yn wetlandprêrjes wannear't dat lânskip foldwaande oerflaktewetters hat. It wetter dêr't se yn libje kin helder of troebel wêze. Hoewol't se dúdlik de foarkar jouwe oan swiet wetter, doarmje se soms ôf nei brak wetter. Oars as de skerpsnútkrokkedil (Crocodylus acutus), wêrfan't it ferspriedingsgebiet dat fan 'e Mississippy-alligator yn súdlik Floarida oerlapet, kin de Mississippy-alligator net oer sâlt wetter en bejout er him frijwol nea yn see.

In Mississippy-alligator (rj.) en in skerpsnútkrokkedil (Crocodylus acutus) lizze fredich njonken inoar te sinnebaaien yn 'e drek fan in drûchfallen poel by Mazrek Pond yn súdlik Floarida.

Neffens de útkomsten fan in ûndersyk dat yn 'e 1970-er jierren útfierd waard ûnder Mississippy-alligators yn it noardlik-sintrale part fan Floarida, hâlde mantsjes by 't maityd fan iepen wetter, wylst wyfkes yn dy tiid fan 't jier sawol iepen wetter as heal tichtgroeide moerassen brûke. By 't simmer bliuwe de mantsjes yn iepen wetter, wylst de wyfkes har weromlûke yn 'e sompen, dêr't se har nêsten bouwe. Beide geslachten ferbliuwe yn it winterhealjier yn tichte sompen. Yn wetlands yn flakke gebieten, lykas de Everglades yn súdlik Floarida, passe alligators it lânskip oan har eigen behoeften oan troch der iepen puollen te meitsjen dy't lokaal bekendsteane as alligator holes ("alligatorgatten"). Yn sokke puollen bliuwt wetter stean, sels as yn it drûge seizoen it omlizzende gebiet drûch komt te lizzen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas alle reptilen binne Mississippy-alligators kâldbloedich. Dat betsjut dat se moarns earst opwaarmje moatte troch te sinnebaaien ear't se ta gruttere aktiviteit yn steat binne. Ek geandewei de dei komme se út en troch oan lân om troch sinnebaaien noch even op te waarmjen as se yn it kâldere wetter wer ôfkuolle binne. Sinnebaien dogge se ornaris op 'e grûn fan 'e wâl, mar op plakken mei in steile wâl klimme se soms ek wol yn beammen dy't yn it wetter groeie. Dat wurdt net faak waarnommen, mei't se by fersteuring troch minsken yn ien sprong werom yn it wetter binne, wylst se yn 'e beam better útsicht hawwe en minsken dus fan fierder fuort oankommen sjogge.

De 'hege rin' fan in Mississippy-alligator.

Yn it wetter swimt de Mississippy-alligator krekt sa't fisken dat dogge, troch syn bekkenregio en sturt sydlings hinne en wer te bewegen. Dêrby peddelje se ek mei efterpoaten, dy't tusken de teannen mei swimfluezzen tarist binne. By it sykheljen giet de ynazeme lucht yn ien fêste rjochting mei in lus troch de longen, en fia itselde paad by it útazemjen wer nei bûten. Troch syn bealchspieren te brûken kin de Mississippy-alligator boppedat de longen yn syn lichem ferskowe, wat it mulpunt fan syn driuwfermogen feroaret en helpt by it dûken, boppe wetter kommen en rôljen yn it wetter.

Op it drûge, dêr't de Mississippy-alligator minder goed oanpast is, hat er twa manearen fan fuortbeweging: de "hege rin" en de "lege rin". It ferskil wurdt feroarsake troch dat by krokkedileftigen de poaten oan 'e sydkant fan it lichem sitte en net, lykas by sûchdieren, ûnder it lichem pleatst binne. By de "lege rin" wurdt rûn mei de poaten yn 'e 'normale stân', dus fansiden útstekkend. De bealch komt dêrby mar kwealk fan 'e grûn en de sturt wurdt yn syn gehiel oer de grûn meisleept. It smyt in oer de side geande, waggeljende foarm fan rinnen op, dy't net wanlyk is oan hoe't hagedissen en salamanders har fuortbewege. By de "hege rin" bûcht it bist syn poaten nei ûnderen ta, wat mooglik makke wurdt troch in oanpassing yn it ankelgewricht. De bealch en it meastepart fan 'e sturt wurde dêrtroch sa'n 20–40 sm fan 'e grûn ôf tild en allinnich de sturtpunt sleept noch oer de grûn. It liket mear op hoe't sûchdieren en fûgels har fuortbewege, mar it lichem swalket noch hieltyd op in heupwidzjende wize fansiden.

It brullen fan in Mississippy-alligator.
It siizjen fan in Mississippy-alligator.

Krokkedileftigen binne fan alle reptilen it fokaalst. Ek by de Mississippy-alligator beskikt elts yndividu oer in ferskaat oan roppen, dy't ôfhinklik binne fan âldens, gruttens en geslacht. De roppen hawwe ek ferskillende betsjuttings; se kinne bedoeld wêze om in territoarium ôf te beakenjen, benearing te kommunisearjen, konkurrinten te bedriigjen en gaadlike pearingspartners te lokjen.

Jongen bringe al yn it nêst in heechtoanige gjalp fuort dy't de mem derop wiist dat har aaien útkomme. Se hawwe ek in piipjende alaarmrop dy't har letter warskôget as har jongen bedrige wurde, bygelyks troch de oanwêzigens fan oare predators, lykas de minske. Folwoeksen Mississippy-alligators kinne grânzgje, siizje, 'hoastje' en brulle. De earste trije lûden binne bedoeld om soartgenoaten te warskôgjen en har territoarium ôf te setten, mar by it djiptoanich brullen, wêrby't mantsjes soms ynfralûd brûke, giet it benammen om it oanlokjen fan pearingspartners.

In Mississippy-alligatorwyfke mei har jongen yn Floarida.

Kjeldbestindigens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar in krokkedileftige kin de Mississippy-alligator tige goed oer kjeld. De skerpsnútkrokkedil, bygelyks, soe by in temperatuer fan 7 °C al fuortendaliks beswike, nei de boaiem sinke en ferdrinke. Mar de Mississippy-alligator oerlibbet sokke temperatueren sûnder sichtbere muoite. Troch dy oanpassing hat dizze soarte him folle fierder nei it noarden ta ferspriede kinnen as syn teardere sibben. It is sels sa dat de Mississippy-alligator it fierst fan 'e evener foarkomt fan alle krokkedileftigen. As de temperatuer by 't winter ûnder nul sakket en it wetter begjint ticht te friezen, geane alligators yn in soarte fan 'wintersliep' dy't brumaasje neamd wurdt. Dêrby bliuwe se ûnder wetter mei de sturt yn djip, minder kâld wetter en de noasters krekt boppe it wetteroerflak út. Se hâlden in wjek iisfrij om sykhelje te kinnen. Der binne gefallen bekend fan alligators dy't mei de snút yn it iis fêstfrearen. Undersyk hat útwiisd dat de lichemstemperatuer fan 'e bisten by sok winterwaar omleech gean kin oant 5 °C. Mar salang't se trochgean kinne mei sykheljen, skypje se dêr neat fan.

De peartiid fan 'e Mississippy-alligator falt by 't maityd. Om gaadlike wyfkes oan te lokjen, stekke de mantsjes de kop skean boppe it wetter út en bûge de sturt nei boppen ta, sadat inkeld de romp ûnder wetter is. Dan brulle se, mei in lûd dat sa leech fan toan is dat se it wetter boppe har rêch dermei opspatte litte. Soks wurdt gauris dien yn groepen dy't 'koaren' neamd wurde, om't ien brullende alligator it brullen fan syn konkurrinten opropt. Waarnimmers wolle hawwe, it brullen is sa leech fan toan dat it better field wurde kin oan trillings yn 'e lucht as dat it te hearren is. It brullen hat de frekwinsje fan 58,27 Hz, en in koar fan brullende alligators kin (bedoeld of ûnbedoeld) keunstmjittich troch minsken opwekke wurde troch it bespyljen fan in tuba of it oerfleanen fan in strieljager.

In mem mei in jong dat boppe op har kop útrêst.

Nei't in wyfke in mantsje útsocht hat, fynt de pearing yn it wetter plak. It mantsje hat dêrnei fierders neat mear mei it fuortplantingsproses te krijen. It wyfke lûkt har werom yn in moerassige krite, dêr't se op in drûch lizzend plak in nêst boud fan drek, modder, blêden, reiden, twigen en oar plantaardich materiaal. It kin ek yn it wetter oanlein wurde, mar moat dan sa heech opboud wurde dat it eigentlike nêst boppe de wetterline leit. Yn it nêst leit it wyfke 20–50 aaien, dy't wyt fan kleur en likernôch sa grut as in guozze-aai binne, mar rûner fan foarm. De aaien wurde bedutsen mei mear fegetaasje, dat opwaarmet neigeraden dat it ferrottingsproses op gong komt. Troch dy waarmte wurde de aaien útbret.

De krekte temperatuer bepaalt ek it geslacht fan it alligatorjong yn elts yndividueel aai, in ferskynsel dat troch soölogen temperatuerôfhinklike geslachtsdeterminaasje neamd wurdt. Ut ûndersiken is oan it ljocht kommen dat in temperatuer ûnder de 31,5 °C of boppe de 34,5 °C wyfkes opsmyt, wylst in temperatuer tusken dy beide begrinzgings mantsjes opleveret. Om't de temperatuer yn 'e measte nêsten net oeral gelyk is, komme der yn 'e regel sawol mantsjes as wyfkes út ien-en-itselde nêst fuort. Mar nêsten dy't heger boppe it wetter boud binne, bgl. op in ferhef yn it lânskip of op in troch minsken oanleine dyk, binne waarmer en bringe foar it meastepart of allinnich mar mantsjes fuort, wylst nêsten dy't yn it wetter boud binne, relatyf koel bliuwe en dêrom (hast) allinnich mar wyfkes opleverje.

Jongen fan 'e Mississippy-alligator hawwe giele streken oer har lichem dy't har frijwol ûnsichtber meitsjen tusken de reiden.

De ynkubaasjeperioade bedraacht by de Mississippy-alligator likernôch 65 dagen. De mem bliuwt yn dy tiid yn 'e neite fan it nêst omhingjen om it te beskermjen tsjin ynkringers dy't it op 'e aaien foarsjoen hawwe. Hoewol't Mississippy-alligators oer it algemien net ekstreem agressyf binne, kinne wyfkes dy't in nêst (of jongen) ferdigenje, tige fûleindich út 'e hoeke komme, ek tsjin minsken dy't har nêst sûnder euvelmoed passearje. As de aaien begjinne út te kommen, heart de mem oan 'e heechtoanige gjalpen fan 'e jongen djip yn it nêst dat it safier is. Se komt dan nei it nêst ta en begjint dat fluch mar hoeden út te graven, wêrnei't se de jongen yn har bek nimt en yn relative feilichheid yn it wetter bringt.

Alligatorjongen binne minuskule replika's fan folwoeksenen, mei njonken de grutte as iennichste ferskil in rige giele streken oer it lichem dy't har tusken de reiden en oare opgeande fegetaasje in noch bettere skutkleur jouwe. De jongen bliuwe de earste tiid yn groepen dy't bewekke wurde troch de mem, mei wa't se yn kontakt bliuwe fia harren gjalpjende roppen. Wat fretten oangiet, moatte se fuortendaliks al foar harsels soargje troch jacht te meitsjen op ynsekten en har larven, wjirms, lytse rivierkreeften en lytse fisken. Neigeraden dat de jongen grutter groeie, wurdt de mem almar agressiver foar harren oer, wat harren derta oanset om har te fersprieden. Jonge Mississippy-alligators kinne 71/2–201/2 sm yn 't jier groeie. As se in lingte fan 1.80 m berikke, binne se folwoeksen. Mantsjes binne mei 111/2 jier geslachtsryp en wyfkes mei krapoan 16 jier. De libbensferwachting foar dizze soarte bedraacht 50 oant maksimaal 70 jier.

In alligatorjong fret in súdlike loaihoarskikkert (Rana sphenocephala) op.

De byt fan in Mississippy-alligator is sterk genôch om troch it skyld fan skyldpodden hinne te biten. Syn tosken binne lykwols ûntwikkele om proaidieren mei fêst te gripen, mar fleis kin der net mei losskuord of midstwa snien wurde, lykas mei de tosken fan hûneftigen en kateftigen, en it kin der alhielendal net mei kôge wurde, lykas mei de tosken fan minsken. Lytsere proaien wurde dêrom yn ien kear trochslokt, wylst in alligator it fleis fan gruttere proaien losskuort troch hurd yn 'e lingterjochting om syn eigen as te draaien. Yn 'e spiermage wurde de hiele proaien of grutte hompen fleis troch knetsjen yn lytsere stikjes brutsen. De spieren yn 'e wand fan dy foarmage wurde holpen trochdat it fleis dêr teffens bewurke wurdt troch gastroliten. Dat binne oer it algemien stiennen dy't de alligator foar dat doel trochslokt hat, mar it kinne ek foarwerpen fan minsklike oarsprong wêze, lykas flessedoppen.

In Mississippy-alligator bepluzet in pronkskyldpod (Pseudemys sp.).

Yn 'e mande mei de moeraskrokkedil (Crocodylus palustris) út Súd-Aazje is de Mississippy-alligator de iennichste krokkedileftige wêrby't it gebrûk fan ark by de jacht fêststeld is. Dat is by dizze bisten beheind ta de jacht op fûgels yn 'e briedtiid. De alligator leit dêrby stokjes dy't gaadlik binne foar it bouwen fan in nêst op 'e wâl, deunby it wetter, en wachtet dan mei it hiele lichem (útsein de eagen en noasters) ûnder wetter oant der in fûgel delstrykt om 'e stokjes gear te fandeljen. Op dat stuit sjit alligator út it wetter, grypt de fûgel en fret dy op. Dat hâlden en dragen waard by in ûndersyk út 2015 waarnommen yn twa dieretunen yn Floarida en ferskate nasjonale parken yn Louisiana. By in oar ûndersyk út 2019 slagge it lykwols net om 'e alligators safier te krijen dat se foar it each fan 'e ûndersikers dat keunstke nochris opfierden.

De jachtmetoade dêr't Mississippy-alligators de foarkar oan jouwe as se op it drûge libjende proaien bejeie, is om yn it wetter op 'e loer te lizzen en ûnferwachts en hommels it lân op te sjitten as de proai him deun genôch by it wetter bejout, bygelyks om te drinken. As se de proai ienris beet hawwe, skuorre se dy yn it wetter om him te ferdrinken. Fisken en skyldpodden wurde al swimmend yn it wetter bejage. Folwoeksen alligators bejouwe har ek oan lân om op it drûge libjende proaien te snippen. Dat dogge se benammen by nacht as it waarm oant tige waarm is. In oanfal op in proai kin dêrby wol 50 m fan 'e wetterkant ôf plakfine. Faak leit de alligator dêrby ferskûle yn 'e ûndergroei te wachtsjen oan 'e râne fan in bistepaadsje oant der in gaadlike proai foarbykomt.

In Mississippy-alligator fret in Floarida-kaaimansnoek (Lepisosteus platyrhincus) op.

Ut ûndersiken út 1998 en 2014 die bliken dat Mississippy-alligators soms oan mienskiplik jeien dogge. Sa waard waarnommen dat in groep fan wol sechstich alligators him sammele yn ien mar en in heale sirkel fan igge nei igge foarme. Dêrnei dreaune se de fisken binnen dy't heale sirkel troch feriene ynspanning hieltyd tichter nei de wâl ta, dêr't soartgenoaten wachten om 'e fisken te ferslinen. By dy gearwurking wiene der dus twa funksjes: opdriuwers en fangers, en alle belutsen alligators kamen oan bar yn beide posysjes.

De Mississippy-alligator is in toprôfdier yn syn hiele ferspriedingsgebiet. It is in opportunistyske jager dy't grypt wat der beskikber is. Alligatorjongen frette slakken, spinnen, wjirms en de larven fan ynsekten. Neigeraden dat se grutter wurde komme dêr lytse fisken en kikkerts by. It dieet fan folwoeksen yndividuën bestiet út in wiidweidich ferskaat oan proaien: wringeleazen, lykas kreefteftigen en moksels; gruttere fisken, lykas de forelbears (Micropterus nigricans), de bûnte kaaimansnoek (Lepisosteus oculatus) en de kanaalmarfal (Ictalurus punctatus); amfibyen, lykas de súdlike loaihoarskikkert (Rana sphenocephala) en de Amerikaanske griene beamkikkert (Dryophytes cinereus); skyldpodden, lykas de giele drekskyldpod (Kinosternon flavescens) en de bytskyldpod (Chelydra serpentina); slangen, lykas de wettermokkasin (Agkistrodon piscivorus) en de Floaridawettermokkasin (Agkistrodon conanti); fûgels, lykas de Amerikaanske ielreager (Ardea herodias), de lytse ielreager (Egretta caerulea), de kealkopearrebarre (Mycteria americana), de Amerikaanske markol (Fulica americana), de Amerikaanske reidhin (Gallinula galeata) en ferskate soarten einfûgels (Anatidae spp.); en sûchdieren, lykas de muskusrôt (Ondatra zibethicus ) en de waskbear (Procyon lotor).

In Mississippy-alligator deadet in Birmeeske pyton (Python bivittatus), dy't de alligator op syn beurt besiket te wjirgjen.

De measte proaien fan 'e Mississippy-alligator binne oansjenlik lytser as hysels. Fan en ta falle ek gruttere bisten ta proai oan dizze jager. Foarbylden binne it wytsturthart (Odocoileus virginianus), de reade lynks (Lynx rufus), de poema (Puma concolor) en de Amerikaansk swarte bear (Ursus americanus). It is seldsum dat in Mississippy-alligator sokke bisten deadet en ferslynt, mar der binne dokumintearre gefallen fan bekend, dat it komt inkeld wolris foar. De Mississippy-alligator wurdt ek neamd as in predator fan 'e Karibyske lamantyn (Trichechus manatus), mar dêr bestiet mar in hiel lyts bytsje bewiis foar. Wol binne der fjouwer dokumintearre gefallen bekend fan in Mississippy-alligator dy't in haai of in roch oanfoel en opfriet. De belutsen proaisoarten wiene by dy gefallen de kaphammerhaai (Sphyrna tiburo), de sitroenhaai (Negaprion brevirostris), de ferpleechsterhaai (Ginglymostoma cirratum) en de Atlantyske pylroch (Hypanus sabinus).

Soms komt it foar dat Mississippy-alligators húsdieren lykas hûnen en katten, en lytsfee, lykas skiep, geiten of keallen opfrette. Op it menu steane ek ferskate bisten dy't yn 'e súdeastlike Feriene Steaten ynvasive eksoaten binne, lykas de beverrôt (Myocastor coypus) út Súd-Amearika, it everswyn (Sus scrofa) út Jeraazje, de nylgau (Boselaphus tragocamelus), in antilopesoarte fan it Yndysk subkontinint dy't yn 'e 1920-er jierren yn súdlik Teksas as jachtwyld yntrodusearre waard, en de Birmeeske pyton (Python bivittatus), wêrfan't yn 'e iere 2000-er jierren in libbensfetbere populaasje ûntsnapte nei of loslitten waard yn de Everglades fan súdlik Floarida. Predaasje troch Mississippy-alligators is nei alle gedachten ien fan 'e wichtichste faktoaren dy't de oars ûnbeheinde populaasjegroei fan 'e beverrôt yn súdlik Louisiana en fan 'e Birmeeske pyton yn 'e Everglades yn 'e besnijing hâldt.

In Mississippy-alligator makket in sompsoerpûde lytsman, de frucht fan 'e sompsoerpûdbeam (Annona glabra).

By in ûndersyk út 2013 kaam oan it ljocht dat de Mississippy-alligator ek wol fruchten fret, nei't men oannimme mei benammen guon dy't fan 'e beam yn it wetter fallen binne. Yn 'e magen fan alligators waarden û.o. wylde druven, flearbeien en sitrusfruchten oantroffen. Dizze ûnferwachte ûntdekking hat laat ta it besef dat alligators ek in wichtige rol spylje by it fersprieden fan 'e sieden fan beskate fruchtdragende planten. As der oars gjin gaadlik fretten beskikber is, nimme Mississippy-alligators soms ek wol har taflecht ta it opromjen fan ies.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In folwoeksen Mississippy-alligator hat mar in hiel lyts bytsje natuerlike fijannen. Nûmer ien is datoangeande fansels de minske. Ek gruttere haaien fersline yn 'e kustkontreien fan Floarida wolris in alligator. Itselde is bekend fan 'e Birmeeske pyton (Python bivittatus), dy't yn 'e Everglades fan súdlik Floarida in ynvasive eksoat is. Alligatorjongen binne fansels folle kwetsberder as folwoeksen yndividuën, en steane op it menu fan grutte wetterfûgels lykas reagers, reiddompen, woffers en earrebarren, en ek fan 'e waskbear (Procyon lotor), de poema (Puma concolor) en grutte fisken. Ek kannibalisme fan jongen troch net-besibbe folwoeksen alligators komt foar.

In Mississippy-alligator yn it Nasjonaal Wyldreservaat Big Cypress yn súdlik Floarida fret in Amerikaanske ielreager (Ardea herodias) op.

De Mississippy-alligator hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn útstrutsen ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen mei sels in opgeande trend. Dat hat lykwols net altyd sa west. Histoarysk hie dit bist swier te lijen ûnder oerbejaging troch de minske, foar de hûd, dêr't in djoere foarm fan lear fan makke waard, en dêrnjonken ek foar it fleis en gewoan om't alligators as skealik ûngedierte beskôge waarden.

Yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw wie it tal Mississippy-alligators dêrtroch sa bot ôfnommen, dat it bist yn 1967 as in bedrige soarte oanmurken waard ûnder in Amerikaanske wet dy't in foarrinder wie fan 'e Wet op 'e Bedrige Soarten út 1973. Beskermjende maatregels en de oprjochting fan fokkerijen fan Mississippy-alligators dy't yn 'e fraach nei lear foarseagen sadat de streuperij fan wylde bisten net mear leanne, hiene sa'n geunstich effekt, dat de soarte al yn 1987 syn bedrige status wer ferlear, om't er doe wer as 'feilich' beskôge wurde koe. Nettsjinsteande dat is de Mississippy-alligator opnommen yn Taheakke II fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) 'e neamde bisten.

Alligatorwrakseljen.

Mississippy-alligators en minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Mississippy-alligator is it offisjele steatsreptyl fan trije Amerikaanske steaten: Floarida, Louisiana en Mississippy. De sportteams fan 'e Universiteit fan Floarida steane sûnt 1911 bekend as de Floarida Gators (gator is in Súdlik Amerikaansk-Ingelske ferkoarte foarm foar alligator).

Alligatorwrakseljen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de 1880-er jierren is alligatorwrakseljen in foarm fan fermaak, dy't sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw almar kontroversjeler wurden is troch krityk fan bisterjochte-aktivisten. It waard oarspronklik troch de Seminoalen, de lânseigen Yndiaanske bewenners fan 'e Everglades fan súdlik Floarida, betocht om finansjeel wizer wurde te kinnen fan it tanimmende toerisme. Ek tsjintwurdich is it mank toeristen noch populêr. By alligatorwrakseljen lit in trainer in 'nuete' alligator alderhanne oanlearde keunstkes dwaan, mei as bekendste en gefaarlikste 'trúk' dat de trainer syn holle yn 'e iepensteande bek fan 'e alligator pleatst. Soks giet net altyd goed, ek al is de alligator traind om it ta te litten.

In swimmende Mississippy-alligator.

Alligatorfokkerijen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It fokken fan alligators foar de alligatorlearyndustry is hjoed oan 'e dei in lukrative en groeiende sektor fan 'e ekonomy yn Floarida, Louisiana, Georgia en Teksas. Yn dy fjouwer steaten wurde jiers trochinoar 45.000 alligatorhûden produsearre, dy't elts sa'n $300 opbringe. Fan 'e hûd wurdt lear makke, dat brûkt wurdt foar de produksje fan skuon, learzens, mulrimen, beurzen, hântaskes, ensfh. De rest fan 'e bisten wurdt net weismiten, want ek de merk foar alligatorfleis is groeiende. Jierliks giet dêr sa'n 140.000 kg yn om.

Oanfallen op minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Mississippy-alligator is in grut en gefaarlik rôfdier, dat beslist by steat is en deadzje in minske. In byt fan in alligator is in earnstige ferwûning, net inkeld troch de bytkrêft fan it bist, mar ek troch de smoargens yn 'e bek, dy't ta slimme ynfeksjes liede kin. Sels mei medyske help kin in byt dy't op himsels net deadlik is, dêrtroch dochs noch fataal blike.

It wiid iepenhâlden fan 'e bek is by Mississippy-alligators in teken dat it bist him bedrige fielt.

Nettsjinsteande dat alles binne oanfallen fan Mississippy-alligators op minsken seldsum. Minsken lykje foar alligators simpelwei net op it menu stean, oars as foar grutte krokkedillen, lykas de Nylkrokkedil (Crocodylus niloticus) fan Afrika en de seekrokkkedil (Crododylus porosus) fan Súdeast-Aazje en Oseaanje, dy't beruchte minskesliners binne. Mississippy-alligators binne ek folle minder agressyf foar minsken oer. By de oanfallen dy't wól foarkomme, giet it faak om in fersin, wêrby't de alligator in swimmer yn troebel wetter oansjocht foar in proaidier, of om wyfkes dy't nêsten of jongen ferdigenje.

Sûnt 1948 hawwe der 257 dokumintearre oanfallen fan Mississippy-alligators op minsken west, wêrfan't 23 resultearren yn 'e dea fan (ien fan) 'e belutsen minsken. Yn 'e tritich jier fan 1970 oant en mei 2000 kamen der mar 9 minsken om troch alligatoroanfallen, mar yn 'e sân jier fan 2001 oant en mei 2007 wiene der 12 fan sokke stjergefallen. Dat it tal oanfallen fan Mississippy-alligators op minsken en it tal minsken dat dêrby omkomt tanimt, komt trochdat, benammen yn súdlik Floarida, hieltyd mear minsken har nei wenjen sette op lân dat eins alligatorhabitat is. Minsken komme sadwaande tsjintwurdich folle mear mei alligators yn kontakt as dat se yn it ferline diene.

De Mississippy-alligator is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.