Miss Fryslân

Ut Wikipedy

De Miss Fryslân-ferkiezings wurde elke neisimmer hâlden. In jonge frou wurdt hjirby keazen ta moaiste frou fan Fryslân. De titel mei hja ien jier hâlde, dan draacht se de titel oer oan de nije winnaresse. Se docht dêrnei mei oan de Miss Nederlân ferkiezings en dêrnei mooglik nei de Miss Universe ferfiezings. De ferkiezings besteane al sûnt de jierren tritich fan de foarige iuw. Sûnt 1989 binne ûnder de namme Miss Nederlân de ferkiezing oars opsetten. Miss Nederlân is fan dan ôf net allinnich in jonge moaie ferskining, mar benammen in frou dy't mei beide fuotten op de grûn stiet en maatskiplik belutsen is.

Der besteane ek oare Missferkiezings, lykas dy fan it wykblêd Panorama of it Nederlânsk buro foar toerisme (Miss Tulip).

Yn 2011 kaam der wer in Miss Fryslân ferkiezing as foarronde fan Miss Nederlân. Dielnimsters moatte tusken de 18 en 27 jier âld wêze, net troud (west hawwe) en ek gjin bern hawwe. Fieders moatte se in Nederlânsk paspoart hawwe en yntelligint, spontaan en moai wêze.

2011

De tolve selektearre kandidaten rûnen yn maaie de finale trije ferskillende moadeshows. Ien yn frijetiidsklean, ien yn bikiny en de tradisjonele show yn galajurk. Winnaresse waard de 18-jierrige Mary-Anne Kammeron fan It Hearrenfean. Anne is berne yn Rotterdam, mar kaam al as pjut nei Fryslân, dat sy praat floeiend Frysk. Mary-Anne studearre oan de Stenden Hegeskoalle, Media en Entertainment Management. Der ûntstie wat argewaasje oer har relaasje mei Fryslân omt se as bern fan Surinaamske âlden yn Rotterdam berne is.

2012

De 12 kandidaten fan de Miss Fryslânferkiezing moasten yn de foarronde sjen litte oft se ek sportyf binne. De froulju diene mei oan in bootcamp. Dat hâldt yn dat se bûtendoar ferskate sportaktiviteiten dwaan moasten, lykas kanofarre. By de ferkiezings giet it net inkeld om it uterlik, mar der wurdt ek sjoen oft se trochsettingsfermogen hawwe. De ferkiezing is wer yn maaie.

Miss Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Miss Fryslân Wenplak
2012 Shirley Wijngaarden Ljouwert
2011 Mary-Anne Kameron It Hearrenfean
2008 Bouktje Boerma Haulerwyk
2007 Marijke de Vries Warns
2006 Elise Koster Toppenhuzen
2004 Anna Marie Hendriks Maastricht
2003 Margriet Landman Wolvegea
2002 Nadine de Vries It Hearrenfean
2001 Reina van der Horst Snits
2000 Dorien Reineman Ljouwert
1998 Marleyne van Dorp
1997 Nadine Ben Moussa
1996 Gerry Sipma
1995 Ingrid Swieringa
1994 Brigitte Angelique ten Brink
1993 Hilda van der Meulen Aldskoat

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: