Mirza Masood
| Mirza Masood | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Mirza Nasir-ud Din Masood | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 23 april 1906 | |
| berteplak | Delhi | |
| stjerdatum | 21 septimber 1991 | |
| stjerplak | Delhi | |
| sportive ynformaasje | ||
| sport | Hockey | |
| O.S. | Berlyn 1936 | |
| wichtige prestaasjes | ||
Mirza Nasir-ud Din Masood (Delhi, 23 april 1906 - Dêre, 21 septimber 1991) wie in Yndiaask hockeyer, dy't útkaam foar it doetiidske Britsk-Ynje
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen, mei it Yndiaaske tiim.
Yn 1948 waard Masood priveesekretaris fan de earste Yndiaaske minister fan Underwiis, Abul Kalam Azad. Hy waard yn 1952 tydlik fan dy funksje ûntset doe't er beneamd waard ta haad fan de UNESCO-missy yn Yndoneezje, dêr't er oant 1957 bleau. Nei de dea fan Azad yn 1958 beneamde Jawaharlal Nehru, Masood earst ta adviseur foar lichaamlike opfieding en rekreaasje en dêrnei ta konsul-generaal foar Muscat yn Oman, de Emiraten en Bachrein en ta ambassadeur yn Saûdy-Araabje. Doe't er yn 1964 weromkaam nei Yndia, waard er sekretaris fan de Sintrale Waqf Ried fan premier Lal Bahadur Shastri.
Mirza Masood ferstoar op 21 septimber 1991, yn 'e âldens fan 85 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|