Springe nei ynhâld

Mirjam (bibelsk persoan)

Ut Wikipedy
Mirjam
Mirjam slacht acht op har broerke Mozes (neffens in wurk fan Paul Delaroche)
Mirjam slacht acht op har broerke Mozes (neffens in wurk fan Paul Delaroche)
Persoanlike gegevens
alternative nammenMirjam; Miriam; Maryam
berne13e iuw f.Kr. (trad.)
berteplakEgypte
ferstoarnKadesj
stjerplakWoastyn fan Sin
folkIsraelitysk
Famylje
heitAmram
memJokêbed
sibbenMozes; Aäron
stammeLevy
Bibelske rol
rollofsanglieder; profetesse fan Israel
perioadeUttochtperioade
bekend fanbeskerming van Mozes as poppe, it Liet fan Mirjam
neamd ynExodus; Numeri; Deuteronomium
religieuze tradysjejoadedom; kristendom; islam

Mirjam is de namme fan in bibelsk persoan. Hja wie de dochter fan 'e Israeliten Amram en Jokêbed en in âldere suster fan Mozes en Aäron.

As famke stie hja op in ôfstân te sjen hoe't de dochter fan 'e farao har broerke Mozes yn in bizen kuorke tusken it reid fan 'e Nyl fûn, dy't dêr earder troch har mem te fûnling wie lein. Dat hie har mem dien om 't de farao opdracht jûn hie om alle Hebriuwske nijberne jonkjes te fermoardzjen om't er benaud wie foar de groeiende macht fan 'e Israeliten. Moedich stapte Mirjam doe op 'e prinses ôf en fertelde dat hja wol in Hebriuwske frou wist dy't it bern de tate jaan koe. Sa kaam it jonkje, de man dy't it folk fan Israel út 'e slavernij fan 'e farao nei It Unthjitten Lân Kanaän liede soe, werom by syn echte mem (Exodus 2:1-8).

Mirjam wurdt foar it earst yn Exodus 15:21 by namme neamd. Nei't de see de farao en syn gefolch ferswolge hie, fierde it folk feest. It wie in opteine en musisearjende Mirjam dy't it inisjatyf ta raaidûnsjen naam en it refrein fan it tankliet song: Sjong de Heare/Want Hy is heech ferheven/It hynder en syn ruter/smiet Er yn de see. Ek wurdt Mirjam yn dizze tekst in profetesse neamd.

Yn it boek Numeri (haadstik 12) wurdt gewach makke fan ûntefredenens fan Mirjam en Aäron: Hja seinen: Is Mozes de iennichste dêr't de Heare mei sprutsen hat? Hat Er ek net mei ús sprutsen?. Neffens de Hebriuwske skriften wie it Mirjam, dy't dêr it foartou ta naam. Dêrmei rôpen Aäron en Mirjam de lilkens fan 'e Heare op, Dy't as in wolkkolom delkaam. Nei't de Heare sprutsen hie en fuort gyng, siet Mirjam ûnder de útslach. Sân dagen bleau Mirjam melaatsk en sa lang mocht hja it kamp net ynkomme. Dêrnei liet God de sykte ferdwine.

It Unthjitten Lân soe Mirjam nea sjen. Hja stoar yn 'e woastyn, noch foar har broer Aäron, en waard yn Kadesj begroeven.

De namme Mirjam stiet oan 'e oarsprong fan Marije en is sawol ûnder joaden as kristenen in populêre namme.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Miriam fan Wikimedia Commons.