Poemajachtloaihoars
| poemajachtloaihoars | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Artistike rekonstruksje | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Miraconyx inexpectatus | ||||||||||||
| Cope, 1895 | ||||||||||||
| útstoarn (fossyl) | ||||||||||||
It poemajachtloaihoars (wittenskiplike namme: Miracinonyx inexpectatus, syn. Miracinonyx studeri) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e Amerikaanske jachtloaihoarsen (Miracinonyx). Dit bist libbe fan likernôch 21/2 miljoen oant 250.000 jier lyn en wie lânseigen yn Noard-Amearika.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste fossilen fan it poemajachtloaihoars wiene inkele isolearre tosken út 'e saneamde Bonkegrot fan Port Kennedy, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, dy't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ûntdutsen waarden. De Amerikaanske paleöntolooch Edward Drinker Cope beskreau dy tosken yn 1895 en miende yn 't earstoan dat se fan in ûnbekende Amerikaanske sibbe fan 'e bûnte hyena (Crocuta crocuta) kamen. Hy parte de nije soarte dêrom de wittenskiplike namme Crocuta inexpectata ta (letterlik: "ûnferwachte hyena").
Inkele jierren letter waard er him troch nije fynsten bewust fan syn flater en reklassifisearre er de soarte as Uncia inexpectata, mei't er ornearre dat it gie om in kateftige dy't nau besibbe wie oan it snieloaihoars (Panthera uncia, doe noch Uncia uncia). Mear fragmintaryske fossilen waarden letter opdobbe op lokaasjes yn Marylân en Arkansas. George Gaylord Simpson, dy't de hiele samling fossilen yn 1941 bestudearre, konkludearre dat se allegearre fan itselde bist kamen, dat neffens him gjin nauwe sibbe fan it snieloaihoars wie, mar fan 'e poema (Puma concolor, doe noch Felis concolor). Hy feroare dêrom de wittenskiplike namme yn Felis (Puma) inexpectata.
In twadde soarte Amerikaansk jachtloaihoars, Felis studeri, waard yn 1960 troch Donald E. Savage beskreaun op basis fan in folsleinere plasse. Doe't Björn Kurtén yn 1976 ûndersyk die nei fossile poema's, kaam er lykwols ta de konklúzje dat Felis studeri deselde soarte wie as Felis inexpectata. Dy lêste namme hie prioriteit om't er âlder wie. Sûnt wurdt Miracinonyx studeri frij algemien beskôge as in jonger synonym fan M. inexpectatus. De paleöntolooch Daniel B. Adams yntrodusearre yn 1979 foar de Amerikaanske jachtloaihoarsen in eigen taksonomysk skaai, dat er de namme Miracinonyx joech.
It trumanjachtloaihoars of Trumans jachtloaihoars (Miracinonyx trumani), dat yn 1969 foar it earst wittenskiplik beskreaun waard troch Phil Cummings Orr, wurdt wól as in aparte soarte erkend. De ûnderlinge relaasje tusken it poemajachtloaihoars en it trumanjachtloaihoars is noch net alhiel dúdlik, mar yn acht nommen dat it poemajachtloaihoars yn it Blankyn en Irvingtonyn libbe, fan likernôch 21/2 miljoen oant 250.000 jier lyn, wylst it trumanjachtloaihoars libbe yn it Rancholabreyn, fan 250.000 oant 16.000 jier lyn, leit it foar de hân om út te gean fan in evolúsjonêre bân, wêrby't it poemajachtloaihoars beskôge wurde kin as in primitivere foarm fan it trumanjachtloaihoars.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fossilen fan it poemajachtloaihoars binne oantroffen yn 'e Amerikaanske steaten Arkansas, Firginia, Floarida, Georgia, Kalifornje, Kolorado, Marylân, Pennsylvania, Súd-Karolina, Teksas en West-Firginia. Bûten de Feriene Steaten binne ek fossilen fûn yn Kanada en Meksiko. It tinken is dat dit bist foarkaam yn frijwol hiel Noard-Amearika, fan 'e Yukon yn it noarden oant teminsten healwei Meksiko yn it suden.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It poemajachtloaihoars hie trochinoar in kop-romplingte fan 170 sm, mei in sturtlingte fan 92 sm en in skofthichte fan 85 sm. It gewicht bedroech omtrint 70 kg, mar grutte eksimplaren kinne skoan 95 kg weage hawwe. Dêrmei wie dit bist grutter as it moderne jachtloaihoars (Acinonyx jubatus) en rûchwei fan gelikense grutte as de poema (Puma concolor). Krekt as by it jachtloaihoars en de poema wie de kop yn ferhâlding ta it lichem lyts. Yn ferhâlding ta it lettere trumanjachtloaihoars (Miracinonyx trumani) hie it poemajachtloaihoars mear skaaimerken gemien mei de poema, wylst it trumanjachtloaihoars mear de kant fan it moderne jachtloaihoars útskaaide. Oer de kleur fan 'e pels is neat bekend. Artistike rekonstruksjes litte faak in spikkelbûnte pels sjen, mar dat berêst net op wittenskiplik ûndersyk.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nettsjinsteande it feit dat it poemajachtloaihoars in lichemsmorfology hie dy't fierhinne ferlykber is mei dy fan it moderne jachtloaihoars (Acinonyx jubatus), liket it net botte wierskynlik dat er, krekt as it moderne jachtloaihoars, in efterfolgingsrôfdier wie. Yn it foarste plak wied er robúster boud en koed er troch in grutter gewicht net sokke hege faasjes ûntwikkelje. Undersiken út 'e ienentweintichste iuw hawwe boppedat oan it ljocht brocht dat it poemajachtloaihoars ynlûkbere klauwen hie. (It moderne jachtloaihoars kin syn klauwen net ynlûke en brûkt se by it draven krekt sa't fuotballers de noppen ûnder harren skuon brûke, om grip op 'e grûn te hâlden.)
Mooglik wie it poemajachtloaihoars mear in mûklaachjager, lykas de poema (Puma concolor), mar it is ek mooglik dat der foar syn jachttaktyk gjin hjoeddeistige parallel bestiet. Wat proaidieren oanbelanget, is it tinken dat it poemajachtloaihoars benammen jage op 'e gaffelantilope (Antilocapra americana) en yn mindere mjitte op û.m. de sniegeit (Oreamnos americanus), de harringtonberchgeit (Oreamnos harringtoni), it grouhoarnskiep (Ovis canadensis) en ferskate soarten hynders, lykas it westlike hynder (Equus occidentalis), it Meksikaanske hynder (Equus conversidens) en it Yukonhynder (Equus lambei).
Der wurdt gauris sein dat de gaffelantilope, ien fan 'e fluchste herbivoaren fan Noard-Amearika, him evolúsjonêr ûntjûn hat om oan it poemajachtloaihoars te ûntkommen. Dat is net wier, want de gaffelantilope ûntwikkele him al yn it Mioseen (20,4–5,3 miljoen jier lyn). Mei oare wurden: de gaffelantilope bestie hast al 20 miljoen jier doe't it poemajachtloaihoars foar it earst op 'e lapen kaam.
Fossile resten út 'e Hamiltongrot yn West-Firginia litte sjen dat it poemajachtloaihoars libbe en konkurrearre (en focht) mei oare grutte kateftigen, lykas de jagûar (Panthera onca) en de gewoane sabeltosktiger (Smilodon fatalis).
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
