Springe nei ynhâld

Minsken (skaai)

Ut Wikipedy
Minsken (skaai)
Homo sapiens, man (lofts) en frou (rjochts)
Homo sapiens, man (lofts) en frou (rjochts)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:primaten (Primates)
ûnderskift:drûchnoazigen (Haplorhini)
famylje:minskeftigen (Hominidae)
skaai:minsken (Homo)
Linnaeus, 1758

De minsken (wittenskiplike namme: Homo) is in skaai fan de famylje fan de minskeftigen (Hominidae). De moderne minske (Homo sapiens, wat strikt naam soks betsjut as tinkende minske[1]) is de iennichste soarte dy't fan dit skaai noch libbet.

D'r binne twa liedende teoryen oer de fersprieding fan Homo sapiens oer de wrâld. Neffens it multiregionaal model soe Homo sapiens meardere foarâlders hân hawwe. Dêrnjonken bestiet de mear algemien aksepteide inkeld-oarspronghypotese. Hjoed-de-dei (2025) foarmet him in teory dêr't Homo Sapiens út ferskate foarâlden foarme waard yn Afrika, mar de tochten út Afrika in portierfunksje hân hawwe wêrtroch in Aazje en Jeropa mar ien soarte Homo Sapiens oerbleau, dy't harren dêrnei wer mingd hawwe mei oare minskesoarten.

Dit is in list fan minsken-soarten dy't falle ûnder it geslacht "Homo". Oer Homo habilis bestiet noch skeel of dy yndield wurde moat ûnder it skaai Homo of ûnder it skaai Australopithecus.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Homo sapiens", Cultureel Woordenboek