Minskeftigen
| Minskeftigen | ||
![]() | ||
| Bonobo (Pan paniscus) | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
| skift: | primaten (Primates) | |
| ûnderskift: | drûchnoazigen (Haplorhini) | |
| famylje: | minskeftigen (Hominidae) | |
| Gray, 1825 | ||
De minskeftigen (Hominidae) binne in famylje fan 'e oarder fan de primaten. Minskeftigen oriïntearje harsels mei harren eagen nei foaren rjochte. Harren hannen en fuotten hawwe fingers en teannen mei nagels en binne oanpast foar it gripen. Hja hawwe gjin sturt en harren earms binne langer as harren skonken. It skouder is tige beweechber en it brein is grut en kompleks. Alle soarten minskeftigen kinne op twa fuotten stean. De Afrikaanske soarten sjimpansee en gorilla, dy't faak op 'e grûn steane, rinne lykwols meastentiids op fjouwer poaten en stypje harren earms mei harren knokkels.
De grutste en sterkste minskeftige is de gorilla. De orang-oetans binne, oars as de oare minskeftigen, solitêre bisten. De sjimpansees binne yntelliginte en nijsgjirrige soarten.
Systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oarder Primaten
- ûnderskift: drûchnoazigen (Haplorhini)
- famylje minskeftigen (Hominidae)
- ûnderfamylje orang-oetaneftigen (Ponginae)
- skaai orang-oetans (Pongo)
- ûnderfamylje echte minskeftigen (Homininae)
- tûke gorilla's (Gorilla)
- tûke beneiminsken (Hominini)
- skaai sjimpansees (Pan)
- skaai Minsken (Homo)
- minske (Homo sapiens)
- skaai Australopithecus †
- skaai robústen (Paranthropus) †
- skaai Orrorin †
- skaai Sahelanthropus †
- skaai Kenyanthropus †
- skaai Ardipithecus †
- ûnderfamylje orang-oetaneftigen (Ponginae)
- famylje minskeftigen (Hominidae)
- ûnderskift: drûchnoazigen (Haplorhini)
