Minnistetsjerke (De Rottefalle)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Minnistetsjerke
Doopsgezinde kerk Rottevalle.jpg
lokaasje
Gemeente Smellingerlân
plak De Rottefalle
adres Haven 16
bysûnderheden
boujier 1838
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 33994
oare ynformaasje
webside Mennistegemeente De Rottefalle-It Wytfean

De minnistetsjerke (ek fermanje) is in tsjerkebou op De Rottefalle, gemeente Smellingerlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste stien

Ier yn de 17e iuw festigen har dopersken yn it Wytfean ûnder Rottefalle. Yn 1671 krigen hja harren earste tsjerke yn it Wytfean. Hast in iuw letter, yn 1769, waard der in twadde tsjerke yn it doarp set. Yn 1838 werden beide tsjerkgebouwen ferfongen troch in nij gebou oan de Haven 16 op De Rottefalle. It gebou is in ienfâldige sealtsjerke. De twa wynwizers hawwe de foarm fan in skip en fan in hynder lykas ek de fermanje yn Drachten.

De earste stien waard lein troch Dieuwke Hendriks Bakker, it dochterke fan ien fan de diakenen fan de gemeente fan it Wytfean en De Rottefalle. It gebou is in erkend ryksmonumint.

Yn de konsistoarje stiet op in balke de liedende tekst fan Menno Simons, de grûnlizzer fan de doperske gemeenten, yn it Frysk: Want in oar fünemint as wat der al leit, kin net ien lizze; en dat is Jezus Kristus (1 Korintiërs 3:11)

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de bou fan de tsjerke waard materjaal fan de twa eardere tsjerkjes wer brûkt. Sadwaande is de preekstoel âlder dan de tsjerke. Ut hokker tsjerkje de preekstoel komt is net bekend. De planken fan de flier komme út beide tsjerken. Oan wjerskanten fan de preekstoel binne twa ramen fan Jentsje Popma ynbrocht, dy't er nei syn doop oan de tsjerke skonken hat.[1]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel yn de tsjerke is yn 1931 boud troch de firma A.S.J. Dekker út Goes. It giet om in unit-oargel mei elektryske traktuer.[2]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: