Minnistetsjerke (Bûtenpost)

Ut Wikipedy
Fermanje fan Bûtenpost
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Bûtenpost
adres Julianaleane 12-A
koördinaten 53° 15' N 6° 08'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Mennisten
Arsjitektuer
boujier 1960
Webside
Doopsgesinde gemeente, Bûtenpost
Kaart
Minnistetsjerke (Fryslân)
Minnistetsjerke

De Minnistetsjerke is in fermanje oan de Julianaleane fan Bûtenpost.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste minnistegemeente fan Bûtenpost ûntstie oan it begjin fan de 17e iuw. In grutte gemeente hat it nea west. In grut part fan it bestean fan de gemeente hie de gemeente net in eigen predikant of moast der in predikant dield wurde mei Kollum. Yn de 19e iuw rekke de gemeente sa bot yn it neigean, dat de noch mar tsien leden tellende gemeente yn 1835 opheft en by dy fan Surhústerfean foege waard.

Oan it begjin fan de 20e iuw brieken der bettere tiden oan foar de minnisten yn de Wâlden. Yn de jierren 1920 waard der in rûnte Bûtenpost oprjochte, dy't oansluting socht by de sûnt 1947 selsstannige gemeente fan De Westereen. Yn 1956 wie it safier dat der tsjerketsjinsten yn Bûtenpost fierd wurde koene. Dat barde yn de tsjerke fan de frijmakke grifformearden. In jier letter folge mei de doarpen Twizel en Kollum de oprjochting fan in selsstannige gemeente. De gemeente kocht in stik grûn en 24 jongelju fan de Mennonite Voluntary Service út Dútslân, de Feriene Steaten, Eastenryk, Ingelân, Egypte en Nederlân bouden dêr yn 1960 ûnder lieding fan de Feanwâldster ûndernimmer De Vries foar de nije gemeente it houten tsjerkje oan de Julianaleane.[1]

De skilder Jan Murk de Vries skildere de foarstellings fan de Wûnderbaarlike Fiskfangst en de Doop fan Jezus troch Jehannes de Doper. De minniste gemeenten Hallum en De Westereen skonken it doopfont respektivelik de kânselbibel.

Yn 2007 bestie de gemeente fyftich jier. Yn it ramt fan it jubileum ferskynde fan de hân fan Dirk Visser it boek Open en gastvrij. 50 jaar Doopsgezinde Gemeente Buitenpost 1957-2007[2]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1968 boude de firma Verschueren út Heythuysen it oargel foar de fermanje fan Bûtenpost.[3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: