Minions: The Rise of Gru
| Minions: The Rise of Gru | ||
| (Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
| makkers | ||
| regisseur | Kyle Balda | |
| produsint | Chris Meledandri Janet Healy Chris Renaud | |
| senario | Matthew Fogel | |
| muzyk | Heitor Pereira | |
| filmstudio | Universal Pictures Illumination | |
| distribúsje | Universal Pictures | |
| spilers | ||
| haadrollen | Steve Carrell Pierre Coffin | |
| byrollen | Alan Arkin Taraji P. Henson Michelle Yeoh | |
| skaaimerken | ||
| lân/lannen | ||
| premiêre | 1 july 2022 | |
| foarm | lange tekenfilm | |
| sjenre | histoaryske misdiekomeedzje | |
| taal | Ingelsk | |
| spyltiid | 87 minuten | |
| budget en resultaten | ||
| budget | $100 miljoen | |
| opbringst | $940,2 miljoen | |
| filmsearje | ||
| filmsearje | Despicable Me | |
| ● foarich diel | Minions | |
| ● folgjend diel | Despicable Me 4 | |
Minions: The Rise of Gru, ek bekend as Minions 2, is in Amerikaanske kompjûteranimearre lange tekenfilm út 2015 yn 'e foarm fan in histoaryske misdiekomeedzje foar bern en folwoeksenen. De film waard regissearre troch Kyle Balda, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Steve Carrell en Pierre Coffin. De titel betsjut: "Trewantsjes: De Opkomst fan Gru". De fillm is in spin-off fan 'e Despicable Me-filmsearje. Yn it ramt fan dy rige is it in ferfolch op Minions, út 2015, en in prequel fan Despicable Me, út 2010. It ferhaal folget de alvejierrige Gru, dy't derfan dreamt om in supersmjunt te wurden en dêrom nei in fakatuere sollisitearret by it supersmjunteteam de Gemiene 6. In ôfwizing liedt ta syn besykjen om yndruk te meitsjen op 'e supersmjunten, mar dat pakt oars út as ferwachte en Gru is de help fan syn knoffelige trewantsjes nedich om út 'e swierrichheden te kommen. Minions: The Rise of Gru waard foar it earste fertoand op it Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy. Fan 'e filmkritisy krige de film oer it algemien positive resinsjes en yn 'e bioskopen wie it in grut kommersjeel súkses.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1976 dreamt in alvejierrige Gru derfan om in supersmjunt te wurden. Hy hat al stappen ûndernommen om dat doel te berikken, troch mei help fan syn lytse giele knoffelige trewantsjes in haadkertier te bouwen yn 'e kelder fan syn memme hûs. Underwilens hawwe de Gemiene 6, it bêste supersmjunteteam fan 'e wrâld, de Diererymstien stellen, in juwiel mei magyske krêften dy't ferbân hâlde mei de Sineeske Diererym. Dêrby hawwe fiif leden fan it team harren teamgenoat en oprjochter, de op jierren reitsjende supersmjunt Wild Knuckles, ferret en (nei't se tinke) deade. Dat betsjut dat se in fakatuere hawwe, en se advertearje foar in nij lid fan it team. Gru sollisistearret en is ekstatysk wannear't er útnûge wurdt foar in petear.
Mar as bliken docht dat Gru mar in jonkje is, wize de fiif oerbleaune leden fan 'e Gemiene 6 (Belle Bottom, Stronghold, Nun-chuck, Svengeance en Jean-Clawed) him sûnder mear ôf. Dêrmei brekke se syn hert. Mar wannear't in folgjende sollisitant foar opskuor (en dêrmei ôflieding) soarget, sjocht Gru syn kâns skoan om yndruk op 'e supersmjunten te meitsjen troch de Diererymstien fan harren te stellen. Ynstee dat se, lykas hy ferwachte hie, fan gedachten feroarje en him útnûgje om lid fan harren team te wurden, binne se skandalisearre dat sa'n lyts opdonderke it goare lef hat om harren te bestellen. Gru moat halje-trawalje fan rutens spylje, yn 'e mande mei syn trewantsjes Kevin, Stuart en Bob. Op 'e flecht jout er de Diererymstien oan in fjirde trewantsje, Otto, mei de opdracht om it juwiel nei hûs te bringen wylst hysels de Gemiene 6 op in dwaalspoar set.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Wannear't er syn efterfolgers ienris ôfskodde hat en thúskomt, wurdt Gru ta razernij brocht as Otto him fertelt dat er de Diererymstien ruile hat foar in húsdierstien (in stien mei in pear plestik eagen derop plakt), it ûnnoazelste boartersguod ea. Hy jout de trewantsjes en masse dien en giet der op eigen manneboet op út om 'e Diererymstien te sykjen en werom te krijen. Ear't er dat oprêde kin, wurdt er lykwols ûntfierd troch Wild Knuckles, dy't dochs net dea blykt te wêzen. Dyselde nimt him mei nei syn wente yn San Francisco en ynformearret de trewantsjes dat se 48 oeren de tiid hawwe om him de Diererymstien te bringen, oars sil er Gru fermoardzje.
Mei't it harren net slagget om it juwiel werom te finen, reizgje Kevin, Stuart en Bob ôf nei San Francisco om harren master te rêden. Otto folget lykwols it spoar fan it juwiel, dat troch it jonkje wêrmei't er it ruile hie oan syn motorridende omke jûn is. Otto set op in trijetsjiller efter de omke oan. Underwilens berikke Kevin, Stuart en Bob it hûs fan Wild Knuckles, dêr't se besykje yn te brekken. Se wurde lykwols trappearre en efterfolge troch de trije poatige hantlangers fan Wild Knuckles. Dy krije harren yn Chinatown te pakken en begjinne har in wan bruien te jaan. De trewantsjes wurde rêden troch de Sineeske akupunkturiste frou Chow, dy't in rêstend kung fu-masteresse blykt te wêzen en de grûn oanfaget mei de trije spierde mannen.
Nei lang biddele te hawwen, witte Kevin, Stuart en Bob masteresse Chow safier te krijen dat se harren kung fu leare wol. Dat ferrint net foarspoedich en de trewantsjes, dy't in oerdreaune ynskatting fan har eigen fermogens hawwe, ferlitte de training foartidich. Underwilens hellet Otto einlings de motorrider yn, mei wa't er befreone rekket. De man jout him in lift nei San Francisco en docht him boppedat de Diererymstien kado. De hantlangers fan Wild Knuckles hawwe har nocht nei it pak op 'e hûd dat se fan masteresse Chow krigen hawwe, en nimme ûntslach. De iensume supersmjunt, dy't no lykme-allinne efterbliuwt, begjint him mear om Gru te bekroadzjen. Se foarmje in bân fan mentor en pupil nei't Gru Wild Knuckles rêdt fan 'e krokkedillen dy't de âld supersmjunt yn syn swimbad hâldt. Tegearre sette se dat út nei de Bank fan it Kwea, dy't Gru wit te berôvjen wylst Wild Knuckles foar de ôflieding soarget.
De Gemiene 6 hawwe yn 'e tuskentiid ûntdutsen dat Wild Knuckles noch libbet. Yn San Francisco ferniele se syn hûs op 'e siik nei de Diererymstien. As se dy net fine, sette se nei Chinatown ta, mei Kevin, Stuart en Bob yn 'e efterfolging. Wannear't Wild Knuckles en Gru weromkeare fan harren bankberôving, treffe se de wente fan 'e âld supersmjunt alhiel ferrinnewearre oan. Wild Knuckles rekket dêrtroch bot deprimearre, beslút om it supersmjuntedom deroan te jaan en stjoert Gru fuort. Yn Chinatown, dêr't krekt in optocht oan 'e gong is yn it ramt fan 'e fiering fan it Sineesk Nijjier, treffe Gru en Otto inoar wer. Mar de Gemiene 6 komme harren oer it mad en stelle de Diererymstien. Aginten fan 'e Anty-Smjunte Liga besykje de Gemiene 6 te arrestearjen, mar mei de krêften fan 'e Diererymstien feroarje de smjunten harsels yn bisten fan 'e diererym mei superkrêften (in draak, in okse, in aap, in tiger en in slange), dy't ûnkwetsber binne foar de fjoerwapens fan 'e Anty-Smjunte Liga.
Wannear't se risselwearje om op in útsochte manear Gru te fermoardzjen, komme Kevin, Stuart en Bob him te help. Dêrop feroarje de Gemiene 6 harren yn in knyn, in hin en in geit. Mar Wild Knuckles arrivearret op it toaniel om Gru te rêden en wraak te nimmen op syn ferriedlike teamgenoaten. Otto makket fan 'e ôflieding gebrûk om Gru te befrijen, mar Wild Knuckles rint slimme brânwûnen op troch it fjoerspuien fan 'e draak dêr't Belle Bottom harsels yn feroare hat. Uteinlings fine Kevin, Stuart en Bob lykwols har "ynderlike bist" (dat se fan masteresse Chow sykje moasten) en witte sa de Gemiene 6 te ferslaan. Neitiid brûkt Gru de Diererymstien om 'e Gemiene 6 te feroarjen yn in fiiftal gewoane rotten. Hy feroaret ek Kevin, Stuart en Bob wer werom nei har oarspronklike foarm en jout alle trewantsjes harren baan werom.
De Diererymstien wurdt dêrnei konfiskearre troch de Anty-Smjunte Liga. De Gemiene 6 wurde troch de Anty-Smjunte Liga oppakt en ôffierd, allegearre útsein Wild Knuckles, dy't nei it sikehûs ta brocht wurdt. Dêr beswykt de âld supersmjunt nei't it skynt oan 'e oprûne ferwûnings. Mar wannear't Gru letter by de útfeartplechtichheid in lykrede by syn grêf hâldt, sjocht er ta syn ferromming Wild Knuckles efter in beam stean ta te harkjen. Nei ôfrin fan 'e begraffenis ride Gru en de âld supersmjunt mei de trewantsjes fuort yn 'e lykwein.
Yn in sêne healwei de ôftiteling nimt Gru de boasaardige útfiner dr. Nefario oan, dy't er earder (by syn sollisitaasje) nei de fakatuere by de Gemiene 6) foar it earst met hie.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

- haadrollen
| personaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
| Gru | Steve Carrell | Jon van Eerd |
| Kevin, Bob, Stuart, Otto | Pierre Coffin | Pierre Coffin |
- byrollen
| personaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
| Wild Knuckles | Alan Arkin | Raymond Thiry |
| Belle Bottom | Taraji P. Henson | Edsilia Rombley |
| masteresse Chow | Michelle Yeoh | Patty Brard |
| Nun-chuck | Lucy Lawless | Nienke Plas |
| Marlena Gru | Julie Andrews | Trudy Labij |
| bankier Perkins | Will Arnett | Ernst Daniël Smid |
| Silas Ramsbottom | Steve Coogan | ûnbekend |
| dr. Nefario | Russell Brand | Javier Guzman |
| Jean-Clawed | Jean-Claude van Damme | Edwin Jonker |
| Svengeance | Dolph Lundgren | Dennis van der Geest |
| Stronghold | Danny Trejo | ûnbekend |
| hantlanger fan Wild Knuckles #1 | Jimmy O. Yang | ûnbekend |
| hantlanger fan Wild Knuckles #2 | Kevin Michael Richardson | ûnbekend |
| hantlanger fan Wild Knuckles #3 | John DiMaggio | ûnbekend |
| motorridende omke | RZA | ûnbekend |
| jonkje dat syn jierdei fiert | Raymond S. Persi | ûnbekend |
| skoaljuffer | Colette Whitaker | ûnbekend |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it súkses fan 'e film Minions, út 2015, wie de produksje fan in ferfolch ûntsjinkearber. Tsjin augustus 2017 wie filmstudio Universal Pictures al mei de preproduksje úteinset. Minions: The Rise of Gru waard regissearre troch Kyle Balda nei in senario fan Matthew Fogel op basis fan ferhaal dat ûntwikkele wie troch Fogel en Brian Lynch. As produsinten wiene Chris Meledandri, Janet Healy en Chris Renaud by it projekt belutsen foar de filmstudio's Universal Pictures en Illumination. Foar de film wie in budget beskikber fan $100 miljoen, dat foar it meastepart ophoaste waard troch Universal. De filmmuzyk waard fersoarge troch Heitor Pereira. Akteur Steve Carrell, dy't, krekt as yn 'e eardere films de stim fan Gru ynspriek, krige foar syn wurk oan Minions: The Rise of Gru $12,5 miljoen betelle.
Om't it in tekenfilm wie, koe de produksje gewoan trochgean doe't de koroanapandemy útbriek, allinnich moasten de animators doe thúswurkje en gie oerlis fia byldbeljen. Minions: The Rise of Gru wie offisjeel foltôge op 1 july 2020. It hie eins de bedoeling west om 'e film datselde jiers noch út te bringen, mar de lockdowns en oare beheinings oan bioskoopbesyk yn it ramt fan 'e pandemy stieken dêr in stokje foar. De film waard opdroegen oan animator Madeline Montero, dy't ûnder de produksje ferstoarn wie.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Minions: The Rise of Gru waard fersoarge troch Universal Pictures. Nei in fertraging fan twa jier troch de koroanapandemy waard de film op 13 juny 2022 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy yn Frankryk. Minions: The Rise of Gru gie dêrnei op 1 july 2022 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippijen Decca Records en Verve Label Group. Minions: The Rise of Gru kaam op 30 augustus 2022 beskikber as digitale download en waard op 6 septimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray. Fan 23 septimber ôf wie de film ek te sjen fia de streamingtsjinst Peacock.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Minions: The Rise of Gru oer it algemien positive resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't filmresinsjes sammelet, hat Minions: The Rise of Gru in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 185 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De nuvere kluchten fan 'e trewantsjes begjinne yrritant te wurden nettsjinsteande de ynjeksje fan retro-sjyk yn dit ferfolch. Mar dizze healwize maraton fan grappen sil foar jonge bern noch altyd geweldich wêze." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Minions: The Rise of Gru in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 41 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Minions: The Rise of Gru brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $370,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $569,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $940,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $100 miljoen betsjut dat in winst fan $840,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Minions: The Rise of Gru de op fjouwer nei meast opbringende film fan 2022, nei Avatar: The Way of Water, Top Gun: Maverick, Jurassic World: Dominion en Doctor Strange in the Multiverse of Madness.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Minions: The Rise of Gru waard nominearre foar de Saturn Award foar bêste animaasjefilm, 3 Annie Awards, 3 Nickelodeon Kids' Choice Awards en in NAACP Image Award, mar wûn inkeld de Nickelodeon Kids' Choice Award foar favorite animaasjefilm.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
| Despicable Me (filmsearje) | |
|---|---|
| lange films | |
| Despicable Me (2010) • Despicable Me 2 (2013) • Minions (2015) • Despicable Me 3 (2017) • Minions: The Rise of Gru (2022) • Despicable Me 4 (2024) | |
| koarte films | |
| Home Makeover (2010) • Orientation Day (2010) • Banana (2010) • Puppy (2013) • Panic in the Mailroom (2013) • Training Wheels (2013) • Binky Nelson Unpacified (2015) • Competition (2015) • Cro Minion (2015) • Mower Minions (2016) • The Secret Life of Kyle (2017) • Yellow is the New Black (2018) • Santa's Little Helpers (2019) • Minion Scouts (2019) • Minions & Monsters (2021) • Post Modern Minion (2022) • Mooned (2023) • Midnight Mission (2024) • Game Over and Over (2024) • Benny's Birthday (2024) | |
- Amerikaanske kompjûtertekenfilm
- Amerikaanske famyljefilm
- Amerikaanske bernefilm
- Amerikaanske misdiekomeedzje
- Amerikaanske histoaryske film
- Supersmjuntefilm
- Histoaryske komeedzjefilm
- Ingelsktalige film
- Film fan Illumination (bedriuw)
- Film fan Universal Pictures
- Film fan Kyle Balda
- Film út 2022
- Film oer dieverij
- Film oer in krimineel
- Film oer kung fu
- Film oer wraak
- Film oer stalferwikseling
- Film oer iensumens
- Film oer freonskip
- Film oer mentorskip
