Springe nei ynhâld

Mindorodolkstekdo

Ut Wikipedy
Mindorodolkstekdo
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai dolkstekdowen (Gallicolumba)
soarte
Gallicolumba platenae
(Salvadori, 1893)
IUCN-status: krityk

De Mindorodolkstekdo (Gallicolumba platenae) is ien fan 'e sân soarten yn it fûgelskaai dolkstekdowen (Gallicolumba) út de famylje dowen (Columbiformes), dat allinnich op 'e Filipinen, Yndoneezje en Nij-Guineä foarkomt. Om 't der fan 'e Mindorodolkstekdo gjin waarnimmingen nei 2005 bekend binne, is it no ien fan 'e meast seldsume fûgels fan 'e wrâld.

De Mindorodolkstekdowen binne middelgrutte dowen fan 26 oant 30 sm lang. It is in knobske fûgel mei in koarte sturt. De Mindorodolkstekdo hat in wyt boarst en wite ûnderdielen, útsein in lyts oranje plak en in heale grize boarstbân. De kop is griis oan 'e foarkant. De kroan, de nekke en de siden fan 'e nekke en it boarst binne griis mei in pearse en griene irisaasje. De rêch en in grut part fan 'e wjukken binne kastanjebrún oant pears. De basis fan 'e wjukken is swart mei wite plakken, wylst de punten fan 'e wjukken griisbrún binne. Yn 'e midden fan 'e wjuk binne twa bannen fan swartwite stippen oer de breedte fan 'e wjuk. De snaffel is swart fan kleur. De poaten binne rôze.

De soarte is endemysk op it Filipynske eilân Mindoro en wurdt oantroffen op 'e stieneftige hellingen yn reinwâlden mei in sletten blêdetek mei ûndergroei fan bamboe en rotanpalm, yn 'e regel ûnder de 400 m, mar somtiden ek wol tusken 750 en 800 m boppe de seepspegel. Se ite sied, beien en larven, dy't er fan 'e grûn siket.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It nêst wurdt likernôch 1,5 m boppe de grûn boud en lykas in soad dowen bestiet it lechsel meast út twa aaien.

De Mindoro-bloeddo hat in tige lytse en fragmintearre fersprieding op it Filipynske eilân Mindoro en dêrom is de kâns op útstjerren grut. De soarte wie algemien yn 'e iere 20e iuw en oant 1954 ek lokaal noch algemien. De seldsume waarnimmingen dêrnei sugerearje dat de oantallen tige leech binne. Hast alle oerwâlden op Mindoro binne kapt en de soarte is hast wis as gefolch dêrfan tige bot ôfnommen. De fûgel libbet mooglik noch yn beskerme gebieten lykas it Iglit-Baco Nasjonaal Park.

De situaasje fan 'e natoer op Mindoro is de lêste tiid ferbettere troch it krewearjen foar strangere wetten oant mear edukaasje oan ynwenners en de ynset fan lokale en bûtenlânske fûgelwachters dy't rapportearje oer de fersprieding fan fûgels.[1] Der binne lykwols guon biologen dy't tinke dat it foar de Mindorodolkstekdo te let is en dat de soarte al útstoarn is om't der sûnt 2005 gjin waarnimmingen mear dien binne.

De populaasjegrutte waard yn 1999 troch BirdLife International rûsd op 50 oant 250 folwoeksen yndividuen en de populaasje nimt fierder ôf. Dêrfandinne wurdt de soarte troch de IUCN as krityk op 'e Reade list klassifiseare.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: