Mindanaoboskiisfûgel
| Mindanaoboskiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantje wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Actenoides hombroni | ||||||||||||
| Bonaparte, 1850 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Mindanaoboskiisfûgel (Actenoides hombroni) is in endemyske fûgelsoarte yn 'e Filipinen. De soarte is monotypysk en hat gjin ûndersoarten.
Algemeen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De oant 28 sm lange soarte is ien fan 'e kleurrykste iisfûgels fan 'e Filipinen. Se ha dikke reade snaffels, in wyteftige kiel, in blauwe stút en ljocht, rustbrune wangen. Mantsjes ha in blauwe krún, in blauwe sturt en blauwe wjukken mei bêzje plakken. By wyfkes is it blau ferfongen troch grien. It mantsje hat dêrnjonken ek in blauwe snorstreek. De soarte is dreech waar te nimmen en is by it lemieren troch syn lûd te finen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It natuerlike biotoop foarmje de bergen op Mindanao mei fochtich, tropysk bosk op hichten fan 1000 oant 2400 m.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mindanaoboskiisfûgels ite ynsekten, slakken, kreefteftigen en lytse wringedieren. Oer de briedwensten is hast neat bekend.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutste bedriging foar de soarte is it ferlies oan habitat. Op Mindanao ferdwine bosken om rubberplantaazjes oan te lizzen. Ek mynbou soarget foar habitatferlies. Der binne gjin rûzingen fan de oantallen, mar it is mooglik dat dy út tsientûzenen fûgels bestiet. Wol wurdt oannommen dat dy oantallen ôfnimme. De soarte stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme ferwiist nei Jacques Bernard Hombron.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
