Mimikry

Mimikry (fan it Grykske mimetikos, dat "neibearend" betsjut) is in troch evolúsje ta stân kommen fysike likenis fan in soarte organisme en wat oars. Dat oars is gauris in oare soarte organisme, mar it kin ek in libbenleas ding wêze, lykas in rots of in stien. Men sprekt fan mimikry as de likenis folle grutter is as op basis fan tafal, libbenswize of mienskiplike ôfstamming ferwachte wurde meie soe. Mimikry kin in foarm fan skutkleur wêze.
Der besteane ferskate types fan mimikry, wêrûnder:
- De mimikry fan Müller, ferneamd nei Fritz Müller: ferskate gefaarlike (bgl. giftige) soarten lykje opinoar, mei as doel om rôfdieren ien mienskiplik byld te jaan fan in bist dat se net besykje moatte op te iten. Foarbylden binne ferskate soarten stekkende meepsen en bijen dy't allegear min oft mear deselde swart-giele streken oer it liif hawwe.
- De mimikry fan Bates, ferneamd nei Henry Walter Bates: in ûngefaarlike soarte liket op in gefaarlike soarte, om derfan te profitearjen dat rôfdieren dy gefaarlike soarte gewurde litte. Foarbylden binne ûngefaarlike sweefmiggen dy't deselde swart-giele streken oer it liif hawwe as meepsen en bijen.
- Agressive mimikry of (selden brûkt) de mimikry fan Peckham, ferneamd nei George en Elizabeth Peckham: in rôfdier liket op syn proai of op in oare ûngefaarlike soarte út it om-en-by fan syn proai om sa de proai ûngemurken benei komme of lokje te kinnen. Foarbylden binne spinnen of bidsprinkhoannen dy't de kleur fan blommen hawwe om dêr nektardrinkende ynsekten op te wachtsjen.
- De mimikry fan Vavilov, ferneamd nei Nikolaj Vavilov: ûnkrûden beare it uterlik fan it sied fan lânbougewaaksen nei, om sa troch de minske ferspraat wurde te kinnen. In foarbyld is boerewikke (Vicia angustifolia) dat it sied fan 'e reade eart (Lens culinaris) neibeart.
- De mimikry fan Pouyanne, ferneamd nei Maurice-Alexandre Pouyanne: planten beare mei har blommen kwa foarm en kleur in ynsekt nei, sadat oare ynsekten fan dy soarte oanlutsen wurde om te pearjen. Dat slagget fansels net, mar sa wurde de ynsekten wol brûkt foar de oerdracht fan stomoal, dat de fuortplanting fan 'e plant skewielet. In foarbyld is de spegelorchis (Ophrys speculum), dy't yn foarm, kleur en rook it wyfke fan 'e trilhierdolkmeeps (Dasyscolia ciliata) neibeart om mantsjes fan dy soarte te lokjen.
- Automimikry, of de mimikry fan Brower, ferneamd nei Lincoln Brower: it neibearen fan in lichemsdiel fan itselde bist op in oar part fan it lichem fan dat bist. Men kin dan bygelyks tinke oan flinters dy't grutte eagen lykje te hawwen op har wjukken om rôfdieren ôf te skrikken of te mislieden.
Behalven fisuele mimikry bestiet der ek akoestyske mimikry. Beskate ûnytbere nachtflinters út 'e ûnderfamylje fan 'e bearflinters (Arctiinae) meitsje klikkende ultrasoane lûden as reäksje op 'e echolokaasje fan flearmûzen. Oare, wol ytbere nachtflinters dy't deselde lûden meitsje, wurde troch flearmûzen mijd nei't se in kear in bearflinter besocht hawwe op te iten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
