Miljeufersmoarging

Miljeufersmoarging is de yntroduksje yn it miljeu fan eleminten dy't dêr net yn thúshearre (kontaminanten). Fersmoarging kin op 'e Ierde trije foarmen oannimme: luchtfersmoarging, wetterfersmoarging en boaiemfersmoarging. Dêrby wurdt wetterfersmoarging gauris oantsjut mei it eufemisme "ôffloeiïng". Oerienkomstich mei dizze trijedieling kinne de kontaminanten foarkomme as gas of floeistof of in fêste foarm hawwe. In spesifike, opfallende foarm fan boaiemfersmoarging yn 'e fêste foarm betreft swerfôffal. Guon kontaminanten kinne fan foarm feroarje; sa is soere rein it delslaan fan kontaminanten yn floeistoffoarm, dy't oarspronklik frijkommen binne yn gasfoarm. De fersmoarging kin lykwols ek plakfine yn 'e foarm fan enerzjy, lykas by radio-aktiviteit. Njonken lucht-, wetter- en boaiemfersmoarging is it efterlitten fan romte-ôffal yn in baan om 'e Ierde in fjirde foarm fan miljeufersmoarging.
De yntroduksje fan kontaminanten yn it miljeu kin in natuerlike oarsaak hawwe, lykas yn it gefal fan in fulkaanútbarsting, wêrby't fulkanyske jiske yn 'e lucht en oer de grûn spuid wurdt. Mar mei de term 'miljeufersmoarging' wurdt oer it algemien ymplisearre dat de boarne fan 'e fersmoarging foarme wurdt troch minsklike aktiviteiten. Grutte fersmoargers binne beskate sektoaren fan 'e ekonomy, wêrûnder de swiere yndustry, de mynbou, de moderne yntinsive lânbou, it ferkear en minne ôffalferwurking. Miljeufersmoarging wurdt yn dit ramt gauris opdield yn miljeufersmoarging mei in oanwiisber begjinpunt (point source pollution), feroarsake troch in spesifike grutte boarne, lykas in fabryk, in myn of in agrarysk bedriuw, en miljeufersmoarging sûnder oanwiisber begjintpunt (nonpoint source pollution), feroarsake troch safolle lytse boarntsjes dat der net ien spesifyk oant te wizen is, lykas by de fersprieding fan mikroplestiks yn it miljeu.
De measte boarnen fan miljeufersmoarging ûntstiene troch de Yndustriële Revolúsje yn 'e achttjinde en njoggentjinde iuw, en koene har gong mar gean oant de fersmoarging sa'n oerlêst feroarsake dat de oerheid, alteast yn 'e Westerske wrâld, fan 'e 1970-er jierren ôf troch miljeurampen, skandalen en aktivistyske miljeubewegings einlings en te'n lêsten twongen waard om maatregels te nimmen. Miljeuwetten en -regels waarden ynfierd dy't beheinden wat bedriuwen en partikulieren noch yn it miljeu loaze of dumpe mochten. De minsken waarden meitiid miljeubewuster en in protte guod wurdt tsjintwurdich recycle ynstee fan simpelwei fuortsmiten. Mar plakken dêr't lange tiid fersmoargjende stoffen frijkommen binne, kinne dêr noch lang lêst fan hawwe, ek al is de aktive fersmoarging ûnderwilens opholden.
Behalven op 'e tastân fan it miljeu hat miljeufersmoarging ek in negative ynfloed op 'e organismen dy't yn dat miljeu libje, lykas bisten, planten en skimmels (mei-inoar it bioferskaat), mar ek op 'e sûnens en it wolwêzen fan 'e minske sels. Ut in ûndersyk fan 'e foaroansteande Kanadeeske sjoernaliste Gloria Dickie kaam yn 2022 oan it ljocht dat der yn it jier 2019 likernôch 9 miljoen minsken ferstoarn wiene oan 'e gefolgen fan miljeufersmoarging (oftewol 1 op 'e 6 minsken dy't dat jier stoarn wiene), trochdat se, koartsein, troch de frijkommen kontaminanten fergiftige wiene. Trijefearn fan dy minsken wie omkommen troch luchtfersmoarging.
Kontaminanten hawwe gauris bûtenproporsjonele (negative) effekten op kwetsbere befolkingsgroepen, lykas bern, de âlderein en siken, en op marzjinalisearre mienskippen, lykas earmen en lânseigen stammen. Dat komt om't plakken dêr't miljeufersmoarging it slimst is, mei opsetsin pleatst wurde yn 'e neite fan minsken dy't minder ekonomyske en politike macht hawwe om har dêr mei súkses tsjin te fersetten. Wannear't miljeubewegings har oankantsje tsjin miljeufersmoarging, moatte se it sadwaande faak opnimmen tsjin 'e fêstige macht, dy't sels minder lêst fan it probleem hat en mear foardielen fan it feroarsaakjen fan fersmoarging ûnderfynt yn 'e foarm fan winsten fan fersmoargjende bedriuwen. Fral yn ûntwikkelingslannen liedt soks noch gauris ta konflikten tusken miljeu-aktivisten en bewenners fan in fersmoarge plak oan 'e iene kant en de oerheid en/of machtige bedriuwen oan 'e oare kant.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
