Springe nei ynhâld

Milan van Weelden

Ut Wikipedy
Milan van Weelden
akteur
Milan van Weelden
Milan van Weelden
persoanlike bysûnderheden
echte namme Milan Vincent van Weelden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 12 desimber 1980
berteplak Zoetermeer
jierren aktyf sûnt 2008
prizen John Kraaijkamp Musical Award
offisjele webside
http://www.milanvanweelden.nl

Milan Vincent van Weelden (Zoetermeer, 12 desimber 1980) is in Nederlânske sjonger, (musical)akteur en ûnderwizer dy't yn 2009 foar syn earste rol yn in profesjonele musicalproduksje, Man fan La Mancha, in John Kraaijkamp Musical Award wûn hat.

De belangstelling fan Van Weelden foar it teäterfak ûntstie doe 't hy begjin jierren njoggentich de musical ‘’The Phantom of the Opera’’ seach. Hy naam sjonglessen en spile in soad rollen by de Zoetermeerske teäterprodusint Greg & Baud Productions. Nei de middelbere skoalle waard hy talitten tot it basisjier fan de MusicAllFactory yn Tilburg. Hy krige dêr sjonglessen fan Edward Hoepelman. Dêrnei waard hy oannomd oan it Rotterdamsk Konservatoarium Codarts foar de foaroplieding Klassike Sang. Nei dat jier krige hy sjonglessen yn de rjochting Muzykteäter fan Alberto ter Doest. Uteinlik is hy oerstapt nei de oplieding HBO Musical fan de Hegeskoalle Inholland yn Alkmar dêr't hy yn 2009 ôfstudearre. Yn syn lêste jier rûn hy staazje yn de profesjonele produksje Man fan La Mancha. Yn de wike fan syn diploma-útrikking koe hy fuortdaliks oan de slach yn de Efteling yn de rol fan Willem de Houtkapper yn Sprookjesboom de Musical.

Yn maaie 2010 spile hy ûnder oaren mei Jon van Eerd, Martine Sandifort en Paul Groot yn A Funny Thing Happened on the Way to the Forum, in ûnderdiel fan it Sondheim-Festival fan it M-lab en regisearre troch Daniel Cohen.

Hy wie fan augustus 2010 oant heal febrewaris te sjen yn Crazy Shopping the Musical as 'Stief' en hy wie understudy foar de haadrol.

Fan juny 2011 ôf wurke Van Weelden mei oan De Engel van Amsterdam, in ûnderdiel fan it 50 jier musical yn Nederlân-festival. De foarstelling, mei ûnder oaren Niels van der Laan, Cystine Carreon en Suzan Seegers, wie fan 29 juny oant 4 july te sjen yn it M-lab; de rezjy fan dizze produksje wie yn hannen fan Thomas van Luyn. Nei in foarstelling fan De Engel waard hy benadere om in stimtest te dwaan by Wim Pel Productions. Nei oanlieding fan dizze test krige hy syn earste neisyngronisaasjerol yn in rige en sûnttiids sprekt hy gauris ferkate personaazjes yn rigen, games en films. Syn grutste rol wie die fan de panda Po yn Kung Fu Panda: Ferhalen fol Superheid, de rige dy't op Nickelodeon te sjen wie.

Yn oktober 2011 jûch hy foar it earst stal oan 'Professor Mortis' by de Halloween Fright Nights yn Walibi Holland, in rol dy't hy yn 2012 nochris spile.

Yn de simmer fan 2012 wie Van Weelden belutsen by Bonifatius de Musical dy't yn Dokkum spile waard yn de Bonifatiuskapel. De tolve útfierings wiene sa goes as útferkocht. Yn juny 2014 waard der op in reprise fan dizze produksje spile op itselde plak mei fierhinne deselde spilers.

Yn july 2012 waard Van Weelden troch in ynternasjonaal team fan creatives útkeazen om Captain Hook te spyljen yn de megaproduksje Peter Pan; the Never Ending Story - World Arena Tour. Hy spile dizze rol yn arena's yn û.o. Brussel, Amsterdam, Londen, Glasgow, Newcastle en yn it World Trade Center yn Dubai en is dêrneist ek op it orizjinele cast-album te hearren.

Yn july 2014 hat Van Weelden de stim fan de Pryster fan Ubbergen fertolke yn de produksje HEX: Het Verdwenen Dorp yn it Zoetermeerske Buytenpark. Foar dizze produksje naam hy ek de vocal coaching foar syn rekken. It ferhaal is skreaun troch Thomas Olde Heuvelt en is in prolooch op syn bestseller HEX. Fan 2014 oant 2015 wie Van Weelden te sjen yn it AFAS Circustheater as 'Big Davey' yn de musical Billy Elliot.

Ein 2019 waard bekend dat Van Weelden de haadrol krijt yn it Fryske filmprojekt Grutte Pier fan Steven de Jong.[1]

  • Das Phantom der Oper (2015-2016), Stage Entertainment Germany, rezjy: Arthur Masella & Rainer Fried - Joseph Buquet & ensemble / Covers: Auktionator / Monsieur Lefèvre / Don Attilio / Feuerwehrhauptmann
  • Billy Elliot, musical (2014-2015), Joop van den Ende Theaterproducties - rezjy: Julian Webber - Big Davey & ensemble
  • Macbeth (2013) - Storytellers - rezjy: Sebastiaan Smits - Macbeth
  • Peter Pan The Never Ending Story: World Arena Tour (2012 - 2014) - MusicHall - rezjy: Luc Petit & Lulu Aertgeerts - Captain Hook
  • Bonifatius de Musical’’ (2012 & 2014) - Stichting 754 - rezjy: Marc Krone - Sidonius & Koning Radboud
  • Siegfried’’ (2011) - de Nationale Reisopera - rezjy: Antony McDonald - Beer
  • De Engel van Amsterdam (2011) - M-Lab - rezjy: Thomas van Luyn - Venerik van Aemstel
  • Crazy Shopping the Musical (2010) - Stardust B.V. - rezjy: Stanley Burleson - Stief & u.s. dûmny Bob
  • A Funny Thing Happened on the Way to the Forum (2010) - M-Lab - rezjy: Daniel Cohen - Miles Gloriosus
  • Sprookjesboom de musical (2009) - Efteling Theaterproducties - rezjy: Hetty Feteris - Willem de Houtkapper
  • De Vliegende Hollander (musical) (2009) - Greg & Baud Productions - Van den Decken
  • Heart & Music (2009, Hogeschool Inholland) - solist
  • Man fan La Mancha (2008 - 2009) - Opus One - rezjy: Aike Dirkzwager - Pastoar en Pedro
  • City of Angels (2008) - Hogeschool Inholland) - Buddy Fiddler
  • Gewoon een normaal gesprek (2008 - Hogeschool Inholland) - Frank
  • En nu naar bed (2007 - Hogeschool Inholland) - Frans
  • Guido’s Vijf (2007 - Hogeschool Inholland) – Guido

Neisyngronisaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Kung Fu Panda Verhalen vol Superheid - Po
  • Slugterra - Kord Zane
  • Sidekick - Maxum Man
  • Het Spetterslot - Kookaburra
  • Bucket & Skinner - Three Pieces
  • Mijn Monsters & Ik - Haggis
  • Mirror Mirror / Sneeuwwitje - Dwerch Napoleon
  • Twisted Metal - PC/PS3/X360 - Sweet Tooth's Gunner
  • Uncharted 3 - PS3 - Thug
  • The Shoot - PS3 - Frankenstein, Robot, Oude Man
  • Smallfoot – Thorp

Is ek te hearren yn Spongebob, Fairly Odd Parents, Fanboy & Chum Chum, iCarly, Victorious, Chi Rho, Winx Club, The Avengers Assembled en in soad oare.

  • Tamas Feteke - Flikken Maastricht (2020)
  • Gastrol 'Eddie' - 4e seizoen fan Danni Lowinski (2015)
  • Ien fan de dissipels - The Passion – De Haach (2013)
  • Lays - Maak de Smaak the Battle - reklameboadskip (2012)
  • TUC-Commercial WK 2010 Kratkussen - haadrol
  • Dielnimmer Icelandic Song Contest yn de film 'Eurovision Song Contest: The Story of Fire Saga' 2020
  • Professer Mortis yn de Halloween Fright Nights 2011 en 2012 yn Walibi Holland
  • Hagrid op it Fantasy Festival 2012 yn Walibi Holland
  • Fan oktober 2011 oant april 2012 assistint Vocal Coach by Kinderen voor Kinderen 32 - Zo Bijzonder!
  • Septimber 2009 - maaie 2010 sjong- en dramadosint by it NJMT yn Saandam
  • John Kraaijkamp Musical Award foar Beste Manlike Byrol yn in Lytse Produksje 2009: Man fan La Mancha
  • Nominaasje foar de Publykspriis Keunst & Kultuer Zoetermeer 2009
  • Nominaasje ANWB Publykspriis foar Bêste Berne- en Famyljemusical 2010: Sprookjesboom de Musical
  • Nominaasje foar de Publykspriis Keunst & Kultuer Zoetermeer 2012
  • John Kraaijkamp Musical Award foar Bêste Musical 2014: Billy Elliot de Musical

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Referinsje
  1. Milan van Weelden speelt hoofdrol in film over Friese krijgsheer Grutte Pier, Televizier, 20 desimber 2019