Springe nei ynhâld

Mikio Oda

Ut Wikipedy
Mikio Oda
sporter
Mikio Oda (1932)
Mikio Oda (1932)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMikio Oda
nasjonaliteit Japansk
bertedatum30 maart 1905
berteplakHiroshima
stjerdatum2 desimber 1998
stjerplakKamakura
lingte1.65 m
gewicht65 kg
sportive ynformaasje
sportAtletyk
ûnderdielHink-stap-springen
O.S.Parys 1924,
Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1928

Mikio Oda (Hiroshima, 30 maart 1905 - Kamakura, 2 desimber 1998) wie in Japansk hink-stap-springer.

Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1924, 1928 en 1932). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen, mei in ôfstân fan 15.21 meter. Doe't de gouden medaljes oan de ein fan de Spullen útrikt waarden, wie Oda al trochreizge nei in wedstriid yn Parys, en syn medalje waard ophelle troch swimmer Yoshiyuki Tsuruta. By de iepeningseremoanje fan de Spullen yn Los Angeles wie Mikio Oda de flaggedrager foar Japan.

Nei de kriich waard Oda sportbestjoerder. Hy wie ûnder oare lid fan it Japansk Olympysk Komitee, it technysk komitee fan de IAAF en teamlieder fan de Japanske atletykploech op de Olympyske Spullen fan 1952 yn Helsinki.
Mikio Oda ferstoar op 2 desimber 1998, yn 'e âldens fan 93 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: