Springe nei ynhâld

Lyts fioeltsje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Miedesweltsje)
lyts fioeltsje
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift malpigia-eftigen (Malpighiales)
famylje fioeltsjes (Violaceae)
skaai fioeltsjes (Viola)
soarte
Viola arvensis
Murray, 1770

It lyts fioeltsje of miedesweltsje (Viola arvensis, synonym: Viola tricolor far. arvensis) is in op boulân yn Europa algemien foarkommend plantsje dat dêr meast sjoen wurdt as ûnkrûd. Benammen op nôtfjilden komt it in soad foar.

It plantsje kin oant 20 sm heech wurde en woartelet mar leafst oant 45 sm djip. De bloeitiid is fan april oant oktober. De blommen binne lyts, meastal net grutter as 1 sm. Nei it rypjen springe de ienhokkige fruchten iepen en slingerje it sied yn 'e rûnte. It sied hat in oaljehâldend oanhingsel dêr't eamelders sljocht op binne en dat dêrtroch bydraacht oan de fersprieding.

It lyts fioeltsje is fan it boskfioeltsje te ûnderskieden troch de meast twakleurige blommen en de opsteande bledsjes oan de sydkant.

It Miedesweltsje is sawat oer de hiele wrâld te finen.

Iepensprongen frucht