Springe nei ynhâld

Midwoud

Ut Wikipedy
Midwâld
Alde gemeentehûs fan Midwâld
Alde gemeentehûs fan Midwâld
Emblemen
               
Bestjoer
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Medemblik
Sifers
Ynwennertal2.525 (1 jannewaris 2023)
Oerflak5,84 km²
- lân: 5,72 km²
- wetter: 0,13 km²
Befolkingsticht.441 ynw./km²
Oar
Koördinaten52°43 'NB, 5°04 'EL
Kaart
Midwoud (Medemblik)
Midwoud

Midwoud (Frysk: Midwâld) is fan oarsprong in typysk lintdoarp. Oant 1 jannewaris 1979 wie it mei Eastwâld en de buorskippen De Buurt, Tripkouw, Veldhuis en Broerdijk in selsstannige gemeente. Hjoed-de-dei is it doarp ûnderdiel fan 'e gemeente Medemblik. It doarp hat 2.525 (1 jannewaris 2023) ynwenners

De namme fan it plak soe ferwize nei de sintrale lokaasje yn 'e midden tusken bosksompen, tusken Eastwâld en Westwâld. Fan dat bosk is neat oerbleaun en oarspronklik lei it doarp wat noardwestliker as hjoed-de-dei, nei alle gedachten by de buorskip Broerdijk.

Ald-Midwâld.

Tegearre mei Abbetjerk, Twisk en Lambertskeech waard Midwâld op 2 febrewaris 1414 troch Willem VI de Stede Abbekerk. Letter soe Abbetsjerk mei Lambertskeech hiele stedsrjochten ha. Midwâld bleau lykwols mei de stêd Abbetsjerk ferbûn as ûnderdiel fan 'e amtshearlikheid Abbetsjerk-Twisk-Midwâld-Lambertskegen. Dy amtshearlikheid waard yn 1742 troch de Steaten fan Hollân en West-Fryslân foar 5.000 gûne ferkocht oan 'e reginten.

It doarp mocht sûnt 1969 groeie, mar mei behâld fan it lannelike karakter. Nei de gemeentefúzje fan 1979, wêrby't Midwâld opgie yn 'e nije gemeente Noarder-Koggelân, kaam er wat letter in ein oan 'e stadige oanwaaks, oant yn 'e jierren 1990 nijbouplannen ûntstiene tusken Eastwâld en Midwâld oer de buorskip Tripkouw. Dy plannen binne foar it grutste part oant 2006 útfierd en hjoed-de-dei is Tripkouw as buorskip ferdwûn en allinne noch in strjitnamme. De buorskip Tripkouw foel foar it grutste part ûnder Midwâld, en foar in lytser part ûnder Eastwâld. De strjitte Tripkouw heart hielendal by it doarp Midwâld.

Op 25 februari 1984 baarnde de herfoarme tsjerke fan Midwâld ôf. Tusken 1987 en 1988 waard de tsjerke ferfongen troch in nije tsjerke. De toer fan 'e âlde tsjerke bleau bewarre.

Yn Midwâld stiet oan de Broerdijk de opfang De Bonte Piet, dêr't fûgels en bisten yn need opfongen wurde.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Midwâld fan Wikimedia Commons.
Gemeente Medemblik
Stêd:
Medemblik
Doarpen:
AbbekerkAndijkBenningbroekHauwertLambertschaagMidwoud · NibbixwoudOnderdijkOostwoudOpperdoesSibekarspelTwisk · Wadway (foar in part) • WervershoofWognumZwaagdijk
· · Berjocht bewurkje