Springe nei ynhâld

Midsnacht

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Midnacht)
Midsnacht.

Midsnacht, midnacht, middernacht, middennacht of, humoristysk, hynstemiddei, is it tiidstip fan tolve oere nachts ôf (0.00 oere of 24.00 oere) oant ien oere yn 'e moarn (1.00 oere). Neffens de moderne tiidrekkening wurdt ornearre dat om midsnacht de iene dei oergiet yn 'e oare, hoewol't dy oergong foarhinne by moarnsdage lein waard. Yn 'e Romeinske Tiid wie midsnacht it tiidstip healwei de nacht, dat persiis op 'e helte siet tusken sinne-ûndergong en sinne-opgong; sadwaande ferskode it eksakte tiidstip fan midsnacht doe mei de jiertiden. Dit tiidstip wurdt tsjintwurdich de solêre midsnacht neamd, as de sinne persiis oan 'e oare kant fan 'e Ierde stiet, en falt mar komselden gear mei de moderne betsjutting fan midsnacht.

It tiidsynterval tusken 0.00 oere en 1.00 oere wurdt ek gauris de spûkoere neamd of de 'oere fan 'e geasten'. Dat hat te krijen mei de oarspronklike betsjutting fan midsnacht yn 'e sin fan 'e solêre midnacht, as de tiid dy't it fierst fan 'e dei ôfleit. Sa't it ljocht assosjearre wurdt mei it goede, sa wurdt it tsjuster (de nacht) assosjearre mei it kwea, en sadwaande ek mei spûken en geasten. Dêrfandinne dat it tiidstip fan midsnacht ek faak in rol spilet yn folksferhalen en mearkes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.