Midlum (Föhr)
| Midlum / Madlem | ||
| Lokaasje fan 'e gemeente Midlum (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Föhr-Amrum | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 457 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 8,50 km² | |
| Befolkingsticht. | 54 ynw./km² | |
| Hichte | 6 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 25938 | |
| Offisjele webside | ||
| www.midlum-auf-foehr.de | ||
| Kaart | ||
Midlum (Noardfrysk: Madlem) is in plak en gemeente op it eilân Feer yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente Midlum wurket mei oare gemeenten gear yn it amt Föhr-Amrum en hat 457 ynwenners (2024).
Skiednis en kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De plaknamme ferwiist nei de lokaasje fan it doarp rûchwei yn 'e midden fan it eilân. Tagelyk leit it tusken de twa histoaryske haadwegen dy't Feer yn noard-súdlike rjochting trochkrústen. De plaknamme waard yn 1462 foar it earst skriftlik neamd.
Ek hjoed-de-dei bestiet yn Midlum noch de tradysje om ienris yn 'e maitiid by de dyk iten te sieden. Dy tradysje ûntstie yn in tiid dat de skiep alle maitiden nei it bûtendykse lân brocht waarden, dêr't se ûnder tafersjoch fan in skiephoeder de simmer trochbrochten. Dêr holpen altyd in soad bern by en dêrom waard der by de dyk it lokale gerjocht Mehlbeutel foar harren sean.
Midlum wie oant healwei 2006 it haadplak fan it bestjoer fan it Amt Föhr-Land.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It toerisme is in wichtige boarne fan ynkomsten foar de gemeente.
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak hat in basisskoalle foar Feer-East en in beukerskoalle, Arche Noah.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
