Springe nei ynhâld

Middelste wite reager

Ut Wikipedy
Middelste wite reager
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaireagers (Ardea)
soarte
Ardea intermedia
Wagler, 1829
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet


     briedfûgel
     stânfûgel


     wintergast


De middelste wite reager (Ardea intermedia; synonimen: Egretta intermedia, Mesophoyx intermedia) is in fûgel út de famylje reagerfûgels (Ardeidae) .

De fûgel is 56 oant 72 sm lang en sit wat formaat oanbelanget tusken de lytse wite reager (55-65 sm) en de grutte wite reager (85-100 sm) yn. De spanwiidte fan 'e middelste wite reager is 105-115 sintimeter. Lykas syn sibben is de fûgel folslein wyt en hat er meast in relatyf tsjokke giele snaffel en swarte poaten. Yn 'e briedtiid is de snaffel readeftich oant swart. De soarte is folslein wyt en hat yn 'e briedtiid sierfearren op 'e rêch en it boarst.

De snaffel is swart by ûnfolwoeksen fûgels en giel bûten de briedtiid mei in swarte punt en swarte boppesnaffel.

Earder waard de fûgel mei de wite plúmreager (Ardea plumifera) en de gielsnaffelreager (Ardea brachyrhyncha) mei de Ardea intermedia as ien soarte behannele. Sûnt 2014 wurde de trije troch BirdLife International en de IUCN as aparte soarten beskôge en sûnt 2023 ek troch de ynfloedrike IOC en eBird/Clements.

Ferskillen mei besibbe soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kenmerk Ardea intermedia Ardea plumifera Ardea brachyrhyncha
Fryske namme
wittenskiplike namme
middelste wite reager wite plúmreager gielsnaffelreager
fersprieding Súd- en Súdeast-Aazje East-Aazje, Austraalje, Nij-Guineä Afrika besuden de Sahara
trochsneed lingte ± 65–72 sm ± 68–76 sm ± 60–70 sm
snaffellingte en -foarm Middellang, relatyf slank Langer en slanker Koarter en tsjokker
snaffelkleur (briedtiid) giel oant oranje, bûten de briedtiid giel read, bûten de briedtiid meast giel giel, meastal minder fel
poatkleur swart, bytiden mei gielige teannen read, bûten de briedtiid swart swart
briedplommen beheind ûntwikkele sterk ûntwikkele, lange sierfearren minder útsprutsen
kop en hals relatyf koart langer en eleganter koarter en kompakter
Typysk biotoop sompen, rysfjilden, ûndjip swiet wetter sompen, kustgebieten, rysfjilden rivieren, marren, savannes mei wetter

De middelste wite reager komt foar fan Yndia oant Japan en op 'e Grutte Sûnda-eilannen. It is in fûgel fan wiete gebieten, kustgebieten en sompen oant 1450 m boppe seenivo.

It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte is grut en dêrom allinnich al is de kâns op útstjerren lyts. De grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre, mar de oantallen fan 'e soarte rinne tebek, mar net hiel rap en sadwaande stiet de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2020)op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: