Springe nei ynhâld

Michelle Trachtenberg

Ut Wikipedy
Michelle Trachtenberg
akteur
Michelle Trachtenberg yn 2008.
Michelle Trachtenberg yn 2008.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michelle Christine Trachtenberg
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 11 oktober 1985
berteplak New York (New York)
stoarn 26 febrewaris 2025
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Joadsk
jierren aktyf 19882025
prizen Young Artist Award
offisjele webside
Michelle Trachtenberg op Twitter

Michelle Trachtenberg (folút: Michelle Christine Trachtenberg; New York, 11 oktober 1985 – dêre, 26 febrewaris 2025) wie in Amerikaansk aktrise en presintatrise. Hja waard ynternasjonaal it bekendst mei har rol as Dawn Summers (de jongere suster fan) yn 'e fantasytillefyzjesearje Buffy the Vampire Slayer. Fierders spile se ek yn films as EuroTrip, Ice Princess, Black Christmas en 17 Again, en yn tillefyzjesearjes as Six Feet Under en Gossip Girl.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trachtenberg waard yn 1985 berne yn 'e stêd New York, as de jongste fan 'e beide dochters fan Michael en Lana Trachtenberg. Har heit is in glêsfezelspesjalist dy't út Dútslân komt, wylst har mem, dy't út Ruslân komt, in liedingjaande funksje by in bank beklaait. Beide âlden binne Joaden, en Trachtenberg har pakes en beppes wennen yn Israel. Trachtenberg spriek floeiend Russysk en fierde sawol it kristlike krystfeest as it joadske chanûka.

Hja waard, tegearre mei har âldere suster Irene, grutbrocht yn Sheepshead Bay, in buert fan 'e New Yorkske wyk Brooklyn, dêr't se basisûnderwiis folge oan 'e Public School 99 Elementary School en aktearlessen oan The Bay Academy for the Arts and Sciences. Letter ferfear se mei har âlden en suster nei Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dêr't se fuortset ûnderwiis folge oan 'e Notre Dame High School yn 'e wyk Sherman Oaks.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trachtenberg wie foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje te sjen yn 1988, doe't se trije jier wie, yn in reklamespotsje foar it skjinmakmiddel Wisk. Neitiid spile se yn mear as hûndert oare reklamespotsjes. Har earste rol yn in tillefyzjesearje hie se yn 1991 yn in ôflevering fan 'e plysjesearje Law & Order. Fan 1993 oant 1996 wie se te sjen as Lily Montgomery yn 'e soapsearje All My Children, wêryn't se foar it earst gearwurke mei Sarah Michelle Gellar. Yn dyselde snuorje wie Trachtenberg fan 1994 oant 1996 te sjen as Nona F. Mecklenberg yn 'e bernerige The Adventures of Pete & Pete, dy't útstjoerd waard troch Nickelodeon.

Michelle Trachtenberg jout in ynterview yn 2008.

Op it wite doek makke Trachtenberg yn 1995 har debút mei in figuranteroltsje yn de film Melissa. Dêrnei hie se yn 1996 de titelrol yn 'e bernefilm Harriet the Spy, dêr't se in Young Artist Award foar wûn yn 'e kategory bêste froulike haadrol yn in spylfilm. Oare films dêr't se ier yn har karriêre yn spile, wiene û.m. Richie Rich's Christmas Wish (1998), Inspector Gadget (1999) en Can't Be Heaven (2000). Op 'e tillefyzje hie se in fêste rol yn 'e searje Meego, dy't mar in koart libben beskern wie, mar dêr't se in twadde Young Artist Award mei binnenhelle, diskear yn 'e kategory bêste froulike byrol yn in komeedzjesearje. Fierders fertolke se gastrollen yn searjes as Dave's World, Space Cases, Blue's Clues en Guys Like Us. Yn 1998 en 1999 siet se yn it panel fan seizoen 2 en 3 fan 'e tillefyzjekwis Figure It Out.

Yn de simmer fan 2000 krige Trachtenberg in fêste rol taskikt yn 'e populêre fantasytillefyzjesearje Buffy the Vampire Slayer. Hja spile dêryn Dawn Summers, de yn seizoen 5 op mirakuleuze wize ûntstiene jongere suster fan Buffy, dy't sels spile waard troch Sarah Michelle Gellar. Mei de rol fan Dawn Summers briek Trachtenberg net allinnich troch yn 'e Feriene Steaten, mar ek ynternasjonaal. Teffens wûn se der in trêde Young Artist Award mei, yn 'e kategory bêste froulike byrol yn in dramasearje, en waard se der trije kear, yn 2001, 2002 en 2003, mei nominearre foar in Saturn Award. Trachtenberg bleau by Buffy oant dy searje yn 2003 stopset waard. Yn deselde snuorje presintearre se fan 2001 oant 2003 ek de jeugdkwis Truth or Scare op it tillefyzjekanaal Discovery Kids.

Nei Buffy the Vampire Slayer hie Trachtenberg yn 2003 ien fan 'e haadrollen yn gross-outfilm EuroTrip, as de teenager Jenny dy't yn 'e simmerfakânsje mei har broer en in pear freonen op wûnderlike wize troch Jeropa reizget. En yn 2004 hie se in weromkearende rol yn 'e HBO-searje Six Feet Under, as de bedoarne popstjer Celeste, foar wa't haadpersoan Keith Charles as liifwacht fungearret. Yn 2005 fertolke Trachtenberg fierders yn Ice Princess, in famyljefilm fan Walt Disney Pictures, de titelrol fan Casey Carlyle, dy't ferskuord wurdt tusken har beide grutte leafdes: in takomst as wittenskipster en in nij ûntdutsen dream om in profesjoneel keunstrydster te wurden. Yn Ice Princess wiene Trachtenberg har tsjinspylsters Kim Cattrall, Joan Cusack en Hayden Panettiere.

Oare films dêr't Trachtenberg yn spile wiene û.m. Beautiful Ohio (2006), Black Christmas (2006), 17 Again (2009), Cop Out (2010) en Take Me Home Tonight (2011) Yn 2008 wie se as stimaktrise belutsen by de tekenfilm Dragonlance: Dragons of the Autumn Twilight, en yn 2013 hie se yn 'e tillefyzjefilm Killing Kennedy de rol fan Marina Oswald, de frou fan Lee Harvey Oswald, de moardner fan presidint John F. Kennedy. Yn 'e science fiction-film The Scribbler (2014) wurke Trachtenberg gear û.o. Eliza Dushku, ien fan har eardere kollega's út Buffy the Vampire Slayer,

Michelle Trachtenberg yn 2008.

Op 'e tillefyzje hie Trachtenberg yn 2006 gastrollen yn 'e sikehûssearje House en yn plysjesearjes as Law & Order: Criminal Intent en Criminal Minds. Yn it praatprogramma Late Night with Conan O'Brien fertelde se op 22 desimber 2006 dat House har favorite tillefyzjeprogramma wie, en dat se ien fan 'e filmprodusinten fan 'e rige, oan wa't se kunde hie, sels frege hie om in gastrol.

Ek spile Trachtenberg yn 'e tillefyzjefilms The Dive from Clausen's Pier (2005) en The Circuit (2008), en fierders liende se har stim fan 2006 oant 2012 oan ferskate personaazjes yn ôfleverings fan 'e animaasjerige Robot Chicken, en spriek se yn 2009 yn The Super Hero Squad Show de teksten fan it personaazje Valkyrie yn. Fan 2008 oant 2012 spile Trachtenberg de rol fan antagoniste Georgina Sparks yn 28 ôfleverings fan 'e tillefyzjesearje Gossip Girl (dêr't se foar nominearre waard foar in Teen Choice Award). En yn 2009 en 2010 hie se in fêste rol yn 'e searje Mercy. Fieders hie se yn 2011 weromkearende rollen yn 'e searjes Love Bites en Weeds.

Trachtenberg wurke ek mei oan ferskate fideoclips. Sa wie se mei har eardere tsjinspiler út Buffy the Vampire Slayer Seth Green te sjen yn 'e clip fan it nûmer This Ain't a Scene, It's an Arms Race, fan 'e band Fall Out Boy. Ek spile se yn 'e clips fan it nûmer Tired of Being Sorry fan Ringside en fan it nûmer Echo fan Trapt. Yn maart 2011 stie se op 'e omslach fan 'e Amerikaanske edysje fan it manljusblêd Maxim. Fan ein 2015 ôf spile Trachtenberg in skoaldekaan yn 'e websearje Guidance. Yn 2018 spriek se de stim fan it personaazje Judy yn foar de animearre websearje foar folwoeksenen Human Kind Of. Njonken har wurk foar de kamera wie Trachtenberg ek efter de skermen aktyf. Sa wie se de útfierend produsinte fan 'e websearje Guidance (20152017) en fan 'e tillefyzjesearje Meet, Marry, Murder (2021). Yn 2023 kroep Trachtenberg nochris yn 'e hûd fan it personaazje Georgina Sparks foar it twadde seizoen fan 'e revival fan 'e searje Gossip Girl.

Trachtenberg waard op 'e moarn fan 26 febrewaris 2025 troch har mem nearne mear op reägearjend oantroffen yn har appartemint yn New York. Ferpleechkundigen fan in tahastige ambulânse koene inkeld formeel har dea fêststelle. Trachtenberg wie 39 jier âld. Neffens de berjochten yn 'e Amerikaanske media hie se in levertransplantaasje ûndergien en wie har ferstjerren mooglik it gefolch fan ûnferwachtse komplikaasjes. De pleatslike autoriteiten beskôgen it stjergefal yn elts gefal net as fertocht.[1]

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1991 Law & Order Dinah Driscoll gastrol; ôfl. God Bless the Child; net fermelden op 'e ôftiteling
1993 Clarissa Explains It All Elsie Soaperstein gastrol; ôfl. Babysitting
1993–1996 All My Children Lily Benton Montgomery   fêste rol; soapsearje
1994–1996 The Adventures of Pete & Pete Nona F. Mecklenberg weromkearende rol; 14 ôfl.
1996 Dave's World Angela gastrol; ôfl. Solitaire
1996 Space Cases grapmakker #1 gastrol; ôfl. All You Can Eaty
1996 A Holiday for Love Noelle Murphy tillefyzjefilm
1997 Meego Maggie Parker fêste rol yn seizoen 1; 13 ôfl.
1998 Blue's Clues harsels gastrol; ôfl. Blue's Birthday
1998 Reading Rainbow fertelster gastrol; ôfl. Math Curse
1998 Guys Like Us Katie gastrol; ôfl. Maestro's First Crush
1998–1999 Figure It Out n.f.t. as panellid yn in kwis; 12 ôfl.
2000 A Father's Choice Kelly McClain tillefyzjefilm
2000–2003 Buffy the Vampire Slayer Dawn Summers fêste rol yn seizoen 5–7; 66 ôfl.
2001–2003 Truth or Scare n.f.t. as presintatrise fan in kwis; 20 ôfl.
2004 Six Feet Under Celeste weromkearende rol; 4 ôfl.
2005 The Dive from Clausen's Pier Carrie Beal tillefyzjefilm
2006 House Melinda Bardach gastrol; ôfl. Safe
2006 Law & Order: Criminal Intent Lisa Willow Tyler gastrol; ôfl. Weeping Willow
2006–2018 Robot Chicken ferskate personaazjes as stimaktrise; 6 ôfl.
2008 The Circuit Kylie Shines tillefyzjefilm
2008–2012 Gossip Girl Georgina Sparks weromkearende rol; 28 ôfl.
2009 The Super Hero Squad Show Valkyrie as stimaktrise; gastrol; 2 ôfl.
2009–2010 Mercy Chloe Payne fêste rol yn seizoen 1; 22 ôfl.
2011 Love Bites Jodie weromkearende rol; 3 ôfl.
2011 Weeds Emma Karlin weromkearende rol; 5 ôfl.
2013 Criminal Minds Diane Turner gastrol; ôfl. Zugzwang
2013 Killing Kennedy Marina Oswald tillefyzjefilm
2013 NCIS: Los Angeles Lily Lockhart gastrol; ôfl. Merry Evasion
2015 Sleepy Hollow Abigail Adams gastrol; ôfl. Pittura Infamante
2015 SuperMansion Blood Moon as stimaktrise; gastrol; ôfl. A Midsummer Night's Ream
2015 The Christmas Gift Megan tillefyzjefilm
2015 Guidance Anna websearje; weromkearende rol; 6 ôfl.; ek útfierend produsinte
2016 Chopped Junior n.f.t. as sjuerylid, 1 ôfl.
2016 Sister Cities Dallas Baxter tillefyzjefilm
2018 Human Kind Of Judy as stimaktrise yn in websearje; fêste rol; 21 ôfl.
2021 Meet, Marry, Murder n.f.t. as presintatrise fan in websearje; 13 ôfl.; ek útfierend produsinte
2022–2023 Gossip Girl (revival) Georgina Sparks gastrol; 2 ôfl.
films
1995 Melissa Lena net fermelden op 'e ôftiteling
1996 Harriet the Spy Harriet M. Welsch
1998 Richie Rich's Christmas Wish Gloria Glad direkt-op-fideo útbrocht
1999 Inspector Gadget Penny Brown
1999 Can't Be Heaven Julie
2004 EuroTrip Jenny
2004 Mysterious Skin Wendy Peterson
2005 Ice Princess Casey Carlyle
2006 Beautiful Ohio Sandra
2006 Black Christmas Melissa Kitt
2008 Dragonlance: Dragons of Autumn Twilight   Tika Waylan as stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht
2009 Against the Current Suzanne
2009 17 Again Maggie O'Donnell
2010 Cop Out Ava Monroe
2010 DC Showcase: Jonah Hex famke yn bar as stimaktrise; koarte film
2011 Take Me Home Tonight Kitchelle
2013 Sexy Evil Genius Miranda Prague direkt-op-fideo útbrocht
2014 The Scribbler Alice
2024 Spyral Michelle Cody White
fideoclips
2004 Echo famke nûmer fan 'e band Trapt
2005 Tired of Being Sorry famke nûmer fan 'e band Ringside
2007 This Ain't a Scene, It's an Arms Race famke nûmer fan 'e band Fall Out Boy

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.