Sint-Michaeltsjerke (Wâldsein)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Michaëltsjerke (Wâldsein))
Sint-Michaeltsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Wâldsein
adres Merkstrjitte
koördinaten 52° 56'N 5° 37'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1792
boustyl Eklektisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39787 [1]
Webside
Sind H. Kristoffelparochy
Kaart
Sint-Michaeltsjerke (Fryslân)
Sint-Michaeltsjerke

De Sint-Michaeltsjerke is in roomsk tsjerkegebou oan de Merkstrjitte yn Wâldsein. It is ien fan de tsjerken fan de hillige Kristoffelparochy, dêr't roomsk Bakhuzen, Balk, De Jouwer, Sint-Nyk, Sleat en Wâldsein sûnt 1 jannewaris 2015 by oansletten binne.[2] De Michaeltsjerke is de iennige noch besteande skûltsjerke fan it bisdom Grins-Ljouwert.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1337 waard op it plak fan de hjoeddeiske protestantske tsjerke in karmelitenkleaster stifte, dat oant 1593 bestie en yn dat jier opheven is. In diel fan de boeren yn 'e omkriten fan Wâldsein bleaune nei de reformaasje trou oan it âlde leauwe en yn it geheim fierden hja op pleatsen de misse.

It Gruisen-oargel (yn 1840 yn de tsjerke boud)

De oan Sint-Michael wijde tsjerke waard boud yn 1792 yn in heal jier tiid. It is de earste roomske tsjerke fan Fryslân nei de reformaasje, dy't mooglik in eardere staasje ferfong. De goederjouwskens fan reders en rike Wâldseiners brochten it jild op foar de nije tsjerke, dy't oan in hiele rige betingsten foldwaan moast. Sa mocht de tsjerke gjin toer krije, it gebou mocht yn dy tiid noch gjin oargel ha en de tsjerke moast fierder sa ûnopfallend mooglik wêze. Anne Bruinsma út Ljouwert makke de tekenings foar de tsjerke en de oannimmer Nolle Anskens fierder it ûntwerp út.

De trijebeukige skûltsjerke waard yn 1933 ferboud. Oan de westside waard it skip (dekt troch in tonferwulft) mei twa traveeën ferlinge en in toer tafoege.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de rin fan de tiid waard de ynearsten ienfâldige tsjerke ynrjochte. Oan wjerskanten fan it alter steane de bylden fan Jezus en de patroanhillige Michael. It alterskilderij fan 1824 is makke troch Otto de Boer (1797-1856) út Wâldsein en stelt de opwekking fan Lazarus foar. Hy skildere ek de krúswei yn 1852.

Oan de frijsteande pylders fan it skip steane de neogoatyske hilligebylden fan Isidoarus, Barbara, Theresia, Antonius, Marije en Joazef. It meubilêr waard yn 1909 troch Wolter te Riele setten.

Jacob Ydema skildere yn 1937 foar de noch iepen plakken fan it koer foarstellings fan de sûndefal, de krúsdea, opstanning en de oardieljende Kristus. De brânskildere ramen (1927-1933) fan hilligen en sakraminten binne makke troch atelier C. van Straaten. De kommunybank bleau nei de liturgyske feroarings fan 1960 bewarre en krige in plak yn de kreake fan it sjongkoar. Yn de tsjerke hinget in fotyfskip fan Silvius, de lêste fisker fan Wâldsein.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel út 1811 (setten yn 1840) is makke troch Albertus van Gruisen. Yn 2011 waard it oargel restaurearre.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed
  2. Side H. Kristoffelparochy