Springe nei ynhâld

Miaukjen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Miaukje)
In miaukjende hûskat.
It lûd fan in miaukjende kat.

Miaukjen is in fokalisaasje fan ferskate kateftigen, mar it is benammen bekend fan 'e hûskat (Felis catus). It wurd sels is in klankneibearing of onomatopee; it lûd klinkt dus as miau, hoewol't it op ferskillende toanen, mei ferskillend folume en mei ferskillende yntinsiteit utere wurde kin. It kin ek lang of koart oanholden wurde en it kin sels mear as ien wurdlid omfetsje (bgl. miau-au of mjê-ah-au). By jongkatsjes is it miaukjen altyd folle heechtoaniger as by folwoeksen dieren en klinkt it mear as miuw.

Yn it wyld komt miaukjen by de hûskat eins inkeld foar by jongkatsjes dy't tsjin 'e mem miaukje. Folwoeksen bisten miaukje mar komselden tsjininoar. It miaukjen fan folwoeksen katten dy't troch minsken as húsdier holden wurde, moat dêrom as in postdomestikaasjeferlinging fan it miuwkjen fan jongkatsjes beskôge wurde. Dat komt om't katten hiel gau leare dat se it bêste de oandacht fan it baaske lûke kinne troch lûd te jaan. It kin ek foar in diel in reäksje wêze op it feit dat baaskes faak de gewoante hawwe om tsjin harren katten te praten.

Kateftigen kommunisearje ûnderling foar it meastepart fia de rooksin (troch it efterlitten fan rookflaggen) en mei lichemshâldings. Mar minsken, dy't sokke kattetaal net fersteane, hawwe ferlet fan auditive sinjalen, en katten wenne dêr hiel gau oan. Katten hawwe spesifike manearen om te miaukjen foar ûnderskate dingen. As men langere tiid in kat hat, kin men gauris oan 'e klank, de toan, it folume en de lingte fan it miaukjen al gewaarwurde wat de kat wol. "Ik wol derút, lit my nei bûten ta" klinkt dan dúdlik oars as "Ik haw honger, jou my iten".

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.