Mhairi Black

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Mhairi Black
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Mhairi Black.jpg
echte namme Mhairi Black
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
bertedatum 15 septimber 1994
berteplak Paisley (Skotlân)
etnisiteit Flag of Scotland.svg Skotsk
partij Skotske Nasjonale Partij
Lid fan it Britske Legerhûs
amtsperioade 20152020

Mhairi Black (Paisley (Skotlân), 15 septimber 1994) is in Skotsk politika dy't by de Britske ferkiezings fan 7 maaie 2015 as kandidate foar de nasjonalistyske Skotske Nasjonale Partij yn it Britske Legerhûs keazen waard. Om't se noch mar tweintich jier wie, wie it sizzen dat hja it jongste Britske parlemintslid yn mear as 350 jier wie.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Black waard yn 1994 yn it Skotske Paisley berne. Se waard al jong lid fan 'e Skotske Nasjonale Partij (SNP), dy't nei ûnôfhinklikheid foar Skotlân stribbet. Wylst se noch politikology oan 'e Universiteit fan Glasgow studearre, stelde se har yn 2015 foar de SNP kandidaat by de ferkiezings foar it Britske Legerhûs yn it kiesdistrikt Paisley en Renfrewshire-Súd, dat sûnt minskewitten stevich yn 'e hannen west hie fan 'e Britske Labourpartij. Lykwols boekte de SNP by de ferkiezings op 7 maaie in meunsteroerwinning, troch 56 fan 'e 59 parlemintssitten yn Skotlân te winnen.

Hoewol't se dat nea ferwachte hie doe't se har kandidaat stelde, hearde Black ek ta de winners, mei't se yn Paisley en Renfrewshire-Súd as folsleine nijynkommelinge Douglas Alexander fersloech, ien fan 'e kopstikken fan 'e Labourpartij en de skaadminister fan Bûtenlânske Saken. Dat die se boppedat mei in romme marzje, te witten in ferskil yn stimmen fan 5.684, oftewol 12,3%.

It jongste parlemintslid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om't Black op 'e dei fan 'e ferkiezings 20 jier en 237 dagen âld wie, hat hja no it rekôr yn 'e hannen it jongste lid fan it Britske parlemint te wêzen sûnt de Herfoarmingswet fan 1832 ynfierd waard. Op dat mêd naam se it stokje oer fan James Dickson, dy't yn 1880 mei 21 jier en 67 dagen keazen waard. Hoewol't der nei Black har ferkiezing omraak fan swetst waard dat sy it jongste parlemintslid yn 350 jier wie, sûnt Christopher Monck, greve fan Torrington yn 1667 mei 13 jier keazen waard, is dat feitliken net wier. Nei Monck folgen nammentlik noch mear minderjierrige parlemintsleden, ek noch nei't by de Wet op de Parlemintêre Ferkiezings, út 1695, 21 jier as minimumâldens fêstlein wie. Sa waard Robert Jocelyn, 3e greve fan Roden yn 1806 noch mei 18 jier keazen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.