Springe nei ynhâld

Meyer Werft

Ut Wikipedy
Meyer Werft GmbH & Co. KG
Meyer Werft yn Papenburch
Meyer Werft yn Papenburch
algemien
sektorSkipswerf
haadkertierPapenburch, Nedersaksen, Dútslân
oprjochte1795
oprjochterWillm Rolf Meyer
sifers
wurknimmers± 3.300 (2025)
offisjele webside
www.meyerwerft.de

Meyer Werft is in skipswerf yn Papenburch, Nedersaksen, Dútslân. It bedriuw waard oprjochte yn 1795 troch Willm Rolf Meyer en is ien fan 'e grutste en meast moderne skipwerven yn 'e wrâld. De werf is benammen bekend fanwegen de bou fan grutte, moderne en technologysk avansearre cruiseskippen.

De Meyer Werft waard yn 1795 oprjochte as in famyljebedriuw troch Willm Rolf Meyer. Yn de earste jierren boude it houten sylskippen foar de binnenfeart. Yn de 19e iuw waard ûnder Josef Lambert Meyer oergien op de bou fan izeren skippen.

Yn de 20e iuw boude de werf ek stielen skippen en spesjale projekten lykas it stoomskip Goetzen (1913), dat nei de Earste Wrâldoarloch wer opdûkte as de MV Liemba en tsjintwurdich noch altyd yn gebrûk is op de Tanganjikamar.

Yn de rin fan de jierren boude de werf ek tenkers, kontenerskippen en fearboaten. Fanôf de jierren 1980 rjochte Meyer Werft him hieltyd mear op de merk fan cruiseskippen.

Yn 2024 krige de Meyer Werft te krijen mei finansjele swierrichheden fanwege lege fraach yn de cruise-yndustry nei de COVID-19-pandemy, hegere enerzjy- en materiaalprizen en ynternasjonale ynstabiliteit. De Bûnsrepublyk Dútslân en de dielsteat Nedersaksen kamen ta help en ferlienden finansjele stipe om it bedriuw en de mear as 3.000 banen te rêden.

Produksje en fasiliteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hal 5
Hal 6

De Meyer Werft is bekend fanwege har grutte oerdekte skipbouhallen yn Papenburch. Dokhal 2 is ien fan 'e grutste skipbouhallen fan 'e wrâld, mei in lingte fan mear as 500 meter.

De skippen wurde kompleet yn 'e hal gearstald en wurde dêrnei troch de Iems nei de Noardsee brocht. Dy tocht is geregeldwei in spektakel en lûkt in soad publyk.

De skippen dy't Meyer Werft bout, wurde foaral makke foar ynternasjonale rederijen lykas:

Besikerssintrum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It besikerssintrum fan Meyer Werft yn Papenburch is ien fan 'e meast populêre attraksjes yn East-Fryslân/Iemslân. Dêr binne û.o. eksposysjes oer skipsbou, in útsjoch op de produksjehallen en multymediale presintaasjes.

Meyer Werft hat ek oare produksjelokaasjes:

  • Neptun Werft yn Rostock – foar rivierkruiseskippen en masineseksjes
  • Meyer Turku yn Turku, Finlân – foar grutte cruiseskippen foar de Noardske merk

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]