Mevesglânsstaar
| mevesglânsstaar | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lamprotornis mevesii | ||||||||||||
| Wahlberg, 1856 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De mevesglânsstaar of Meves' glânsstaar (Lamprotornis mevesii), ek: mevesglânsprotter of Meves' glânsprotter, is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae). De fûgel is nei de Dútske ornitolooch Friederich Wilhelm Meves ferneamd.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fearren fan 'e kop, nekke en hals binne blaugrien mei wat fiolet der tusken. Fan 'e snaffel oant de eardekfearren rint in donker oant swartkleurich masker, faak mei in ljochtfiolette of blaugriene glâns. De rêch is fral fiolet en de mantel blaugrien mei fiolet. De wjukken binne oan 'e ein ôfrûne, in dúdlik ûnderskiedend karakteristyk mei de grutte glânsstaar (Lamprotornis australis). De romp is brûns. Poaten en snaffel binne swart en de fûgel hat in donkerbrune iris.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Mevesglânsstar komt yn it suden fan Afrika foar en wurdt yn trije ûndersoarten ferdield:
- Lamprotornis mevesii benguelensis: súdwestlik Angoala.
- Lamprotornis mevesii violacior: súdlik Angoala en noardelik Namybje.
- Lamprotornis mevesii mevesii: fan súdlik Sambia en sudlik Malawy oant noardlik Botswana en noardlik Súd-Afrika.
De soarte hat in foarkar foar gebieten by rivieren dy't regelmjittich splis steane mei hjir en dêr beammen of iepen bosk yn hegere gebieten mei in sânige grûn en net tefolle begroeiïng.
It ferspriedingsgebietgebied leit yn twa gebieten yn it suden fan Afrika. In lytser gebiet leit yn it grinsgebiet fan Súdwest-Angoala en Noardwest-Namybje. It gruttere gebiet leit fan 'e Okavangodelta yn it noardeasten fan Namybje oer it noarden fan Botswana, Sambia en Simbabwe by de Sambezy lâns en oare rivieren oant yn eastlik Malawy en eastlik Botswana, dielen fan West-Mozambyk oant yn noardeastlik Súd-Afrika (it noarden fan 'e provinsje Limpopo), dêr de fûgel regionaal foarkomt.
Briedgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De briedtiid hinget fan 'e regio ôf en leit tusken novimber en april. In lechsel bestiet út trije oant fiif aaien, dy't troch it wyfke yn likernôch 18 dagen útbret wurde. Beide âlden fuorje mei help fan oare net-briedende fûgels de jongen. It nêst wurdt nei likernôch 23 dagen ferlitten en dan bliuwe de jonge fûgels noch in pear wiken by de groep. Nei likernôch 11 moanne briede se foar it earst sels.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is gjin rûzing fan 'e oantallen, mar de soarte wurdt yn in part fan it ferspriedingsgebiet as algemien neamd en de populaasje is stabyl. De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige (LC, 2024) beöardiele. It fernielen fan beammen troch oaljefanten wurdt as in potinsjele bedriging foar de fûgel beskôge. Mevesglânsstaren foarmje foar rôffûgels in proai.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
