Springe nei ynhâld

Swartwjukgrûndo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Metriopelia melanoptera)
swartwjukgrûndo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaiAndesgrûndowen (Metriopelia)
soarte
Metriopelia melanoptera
(Molina, 1782)
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De swartwjukgrûndo (Metriopelia melanoptera) is in fûgelsoarte yn it skaai Andesgrûndowen (Metriopelia) út de famylje fan 'e dowen (Columbidae).

De swartwjukgrûndo is in lytse oant middelgrutte do fan 21 oant 23 sm lang dy't yn it skaai opfalt troch de karakteristike swartkleurige wjukken en it wite skouder. De fûgel hat in bleke oant ljochtbrune rêch, in bleek boarst en in bleke búk, mei in rôzige tint op it boarst by guon eksimplaren. Under it each sit as in trien in oranje plakje. It meast opfallende is it kontrast tusken it bleke lichem en de glânzgjende swarte wjukken, dy't benammen yn 'e flecht te sjen binne. It lichem is kompakt mei koarte poatsjes, geskikt foar in libben op 'e grûn yn rotsige of drûge gebieten.

Fûgel yn San José, Jujuy (Argentynje).

De swartwjukgrûndo komt foar yn Súd-Amearika, benammen yn 'e Andes fan Perû, Bolivia, it noardwesten fan Argentynje en de eastlike dielen fan Sily. Se libje meast yn heechlizzende, drûge gebieten, lykas rotsige heuveleinen en steppe-eftige gebieten oant sa’n 4.800 meter hichte.

De fûgel wurdt ferdield yn twa ûndersoarten, dy't troch de kleurintensiteit en somtiden ek in lytse fariaasje yn grutte of wjukbreedte fan in oar ferskille.

  • Metriopelia melanoptera saturatior: libbet yn it noardlike diel fan it ferspriedingsgebiet (Kolombia en Ekwador).
  • Metriopelia melanoptera melanoptera: libbet yn 'e súdlike regio's fan Bolivia oant it suden fan Argentynje.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Swartwjukgrûndowen binne freedsume fûgels en net-agressyf. Se libje meast op 'e grûn en foarazjearje faak yn groepkes, mar sliepe faak yn lege beamkes of boskjes. Se kinne wol fleane en dogge soks fakentiden flak oer de grûn hinne. Dan binne ek de swarte wjukken goed te sjen. Se ite sied, mar fierder is dêr net in soad fan bekend. De briedtiid ferskilt mei de breedtegraad. Yn Kolombia en Ekwador binne aaien fûn tusken augustus en oktober. Yn it suden giet it seizoen troch nei oktober oant febrewaris. It nêst is ienfâldich fan tûkjes, strie en wat gers, lykas eigen is oan dowen. It wyfke leit meastentiids 2 aaien. Sawol it mantsje as wyfke briede de aaikes út en fersoargje de jongen.

De swartwjukgrûndo hat de status fan net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list fan 'e IUCN. De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en der binne gjin sterke bewiizen fan ôfname en syn habitat wurdt net op grutte skaal bedrige. Benammen yn 'e tangonklike dielen fan it bercheftige gebiet komt fersteuring en habitatferlies troch lânbou foar.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: