Springe nei ynhâld

Meteora

Ut Wikipedy
Meteora
Μετέωρα
UNESCO-wrâlderfgoed
lânflagge fan Grikelân Grikelân
UNESCO-folchnûmer455
kriteariai, ii, iv, v, vii
ynskriuwing1988 (12e sessy)
Webside
De kleasters op 'e UNESCO-side
Kaart
Meteora (Grikelân)
Meteora
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Meteora-kleasters (Gryksk Μετέωρα) eastlik fan it Pindos-berchtme by de stêd Kalambaka yn Tessaalje, Grikelân, hearre ta it UNESCO-wrâlderfgoed. De namme Meteora is fan it Aldgrykske μετέωρος metéōros ôflaat, itjinge yn 'e loft sweevjend betsjut. Dy namme beskriuwt de lokaasje fan 'e kleasters, dy op hege sânstiennen rotsen boud binne en by dizich waar faak lykje te sweevjen.

It hiele kompleks bestiet út 24 aparte kleasters en hermitaazjes, dêr't hjoed-de-dei noch mar seis fan bewenne wurde. De oare achttjin kleasters binne of te dreech te berikken, of se steane op ynstoarten of it binne noch ruïnes.

Hermitaazje.

De earste hearremiten bewennen al sûnt de 10e iuw dêr grotten. Yn 'e rin fan 'e tiid groeiden harren hermitaazjes út ta organisearre mienskippen neffens it foarbyld fan 'e hillige berch Atos. It earste kleaster waard ûnder it bewâld fan 'e Serven yn likernôch 1350 troch de muonts Kyr Nilos op 'e Doupiani-rots stifte (no in ruïne).

Mei de komst fan de út Atos flechte muonts Athanasios yn 1334 begûn de bloei fan it kleasterlibben yn 'e krite. Tegearre mei syn geastlike mentor Gregoarius en 14 oare muontsen stifte er yn 1344 it kleaster Metamorphosis, ek bekend as Megalon Meteoron. Athanasios stelde kleasterregels fan Meteora op en waard nei syn dea as Athanasios de Meteoryt hillich ferklearre. Yn 'e rin fan 'e 14e iuw waarden mear kleasters boud. Fromme regionale hearskers lykas kening Simeön ûnderstipen de kleasters mei privileezjes en sa ûnstienen noch mear kleasters en hermitaazjes.

Regelmjittich iepen kleasters

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster Agios Nikolaos Anapausas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Agios Nikolaos Anapausas-kleaster.

It noch bewenne en oan 'e hillige Nikolaas wijde kleaster leit by de tagong fan it Meteora-kompleks. De namme Anapausas tsjut op rêstplak, om 't dêr foar de oankommende pylgers in plak wie dêr't se útrêste koenen. Yn 'e Jehannes de Dopertsjerke wurde in soad skedels fan muontsen bewarre, dy't dêr eardere wennen. De fresko's en beskilderingen fan Theophanes de Kretenzer (± 1500-1559) datearje út 'e iere 16 iuw.

Roussanou-kleaster.

It ek ûnder de namme Agias Varvaras bekende kleaster wurdt noch bewenne en waard neffens de oerlevering yn 1388 stifte. Oare boarnen skriuwe oer it stiftingsjier 1288, mar der binne ek boarnen dy't 1530 of 1545 neame. In bewiis is lykwols net oanwêzich. Bekend is dat de muontsen yn in senobitysk systeem libben. It kleaster waard yn 'e skiednis in soad oerfallen en plondere en waard lang om let yn 1940 opjûn. De noch weardefolle saken lykas manuskripten en oare saken waard nei it kleaster Megalon Meteoron brocht. Al yn 1950 waard besocht it kleaster te behâlden en wer yn gebrûk te nimmen. Hjoed-de-dei is Rousanou in nonnekleaster. It besjen wurdich binne de 16e-iuwske fresko's fan in soad martlers en de wize wêrop dy de martlersdea fûnen.

Varlaam-kleaster.

It healwei de 14e iuw ynearsten as hermitaazje troch de muonts Varlaan stifte kleaster is noch bewenne. Nei de dea fan 'e earste hearremiten bleau it ynearsten leech. Yn 1518 waard mei de bou fan it kleaster útein set, dat nei alle gedachten yn 1536 foltôge waard. De stifters leinen de senobityske libbenswize fêst. In reizger fan 1779 fermelde yn syn reisberjocht dat sûnt de bou fan it kleaster gjin frou mear op it plak komme mocht. De kleastertsjerke Agion Panton hat in krúskoepelfoarm en is fersierd mei 16e-iuwske fresko's.

Megalon Meteoron

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Megalon Meteoron.

Metamorphosis tou Sotiros, ek bekend as Megalon Meteoron is in gebouwekompleks fan likernôch 60.000 m² grut en it grutste kleaster. It leit 613 m boppe de seespegel en is ek ûnder de kleasters it heechstlizzende kleaster. It wurdt noch jimmeroan troch muontsen bewenne. De namme Meteoron (de swevende) krige de rots fan 'e stifter fan it kleaster, de muonts Athanasios de Meteoryt. Earder hiet it plato allinnich Platys Lithos (Brede Stien). Oant 1923 wie it kleaster allinnich mei touljedders of in liere te berikken. Sûnt is der in hege stiennen trep mei in tunnel om yn it gebou te kommen. Yn 'e haadtsjerke binne fresko's út it jier 1552 bewarre bleaun. Yn 1572 waard in sikehûs en in âldereinshûs yn it kleaster boud. It besjen wurdich is ek de grot fan Athanasios by de kleastertagong.

Agia Triada-kleaster.

It kleaster Agia Triada (Hillige Trije-ienheid) waard nei alle gedachten tusken 1458 en 1476 boud. Krekte data binne net oerlevere. It kompleks is noch jimmeroan bewenne. Oarspronklik wie de tagong allinnich mei lieren en touljedders mooglik. Sûnt 1925 is der foar it earst in trep. De tsjerke is mei fresko's fersierd út it jier 1741. It neamen wurdich is ek in printe evangeliarium út 1539 dat út Feneesje komt. It kleaster waard oer de hiele wrâld bekend om't dêr opnames makke waarden foar de James Bond-film "For Your Eyes Only".

It kleaster Agios Stephanos

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Agios Stephanos-kleaster.

It yn 1312 stifte kleaster wurdt noch bewenne, mar de rots waard al earder bewenne. Oant 1927 wie in ynskrift bewarre bleaun wêrmei't opmakke wurde koe dat dêr al yn 1192 in hermitaazje wie. It kleaster draacht de bynamme "it keninklike" wat te meitsjen hat mei in besite fan 'e Byzantynske keizer Andronikos III yn 1333. De keizer soe de gastfrijheid fan 'e muontsen sa wurdearre ha, dat er it kleaster rynsk mei jild en lân begoedige. Yn 'e 19e iuw libben der noch mear as 30 muontsen yn it kleaster, mar it oantal sakke en yn 1960 stie it praktysk leech. Dêrom waard it yn 1961 yn in nonnekleaster feroare. It besjen wurdich binne de biskopstroan en de mei parlemoer fersierde lessener foar de gesangeboeken.

Doupiani: It earste kleaster dat yn Meteora stifte waard. It kleaster is net bewarre bleaun. De op it plak boude kapel út de 13e iuw wurdt noch jimmeroan brûkt en ûnderholden. Renovaasjes folgen û.o. yn 1867 en 1974.

Filakae Monakon: neffens de oerleveringen giet it by dizze grot om in finzenis foar muontsen. Yn 'e grot binne in pear houten romten. Muontsen dy't oer de tige strange kleasterregels hinne gyngen, waard nei Filakaé Monakón stjoerd om boete te dwaan.

Ypapanti-kleaster.

Ypapanti: in yn 1347 boud kleaster, werfan't de gebouwen net goed bewarre binne. Yn 'e jierren nei 2000 waard it kleaster foar in part restaurearre. Om't Ypapanti wat ôfhandich leit, der gjin ferhurde strjitte hinne giet en it meast sletten is wurdt it net in soad besocht.

Agii Apostoli: in kleaster dêr't allinnich ruïnes en in systerne fan bewarre bleaun is. It waard al yn 1551 neamd.

Agion Pnevma: It út de rotsen houde Hillige Geast-kleaster is net bewarre bleaun. Twa systernen, in sarkofaach, in pear sellen en it út stien houde alter tsjûgje noch fan it kleaster, dat neffens de oerlevering út 'e 14e iuw stamde.

Agia Alyssis, ek Apostolos Petros: in nei alle gedachten om 1400 hinne stifte kleaster dat net bewarre is.

Agios Andonioskleaster.

Agios Antonios: in lyts kleaster út de 14e iuw, dêr't allinnich in lytse tsjerke fan bewarre bleaun is.

Agios Grigorios: net bewarre kleaster, datearre ek út de 14e iuw.

Agios Modhestos: net bewarre kleaster. Earste fermelding as kleaster yn in brief út de 12e iuw. Dokumintearre yn 1614.

Agios Nikolaos Badovaskleaster.

Agios Nikolaos Badovas resp. Kofinas: net bewarre kleaster, dat om 1400 yn in grot boud waard. Yn 1943 troch de Dútske besettingstroepen bombardearre en ferneatige.

Agia Moni: kleaster op in berchrichel tusken de kleasters Varlaam en Agios Nikolaos Anapausas wêrfan't allinnich ruïnes oerbleaun binne. Histoarysk dokumintearre yn 1614, doe't it bewenne waard troch mear as 20 muontsen.

Moni Ypsilotera ek Kaligrafon neamd: net bewarre kleaster. It kleaster wie bekend fanwegen de dêr makke hânskriften (dêrfandinne ek de bynamme Kaligrafon).

Panagia Mykani: ynearsten nei alle gedachten as grottsjerke stifte. Earste fermelding 1358. Letter ta kleaster útboud. It kleaster waard yn in biskoplike brief út 1541 neamd. It kleaster is net bewarre bleaun.

Pantokrator: Histoaryske ferslaggen neame it kleaster yn 1650. It lei oan 'e noardwestlike flank fan 'e Doupianirots; fan it kleaster binne hjoed-de-dei allinnich resten fan 'e muorren oerbleaun.

Agios Dimitrios: as ruïne bewarre bleaun kleaster op 'e Dimitriosrots boppe it kleaster Ypapantis. It kleaster waard troch de Turken ferneatige om 't Grykske opstannelingen dêr in haadkertier hienen.

Agios Georgios Mandilas: in ferfallen kleaster.

Kimissis Theotokou: in ferfallen kleaster.

Panagia Parthenos Kyriakou: kleaster dat allinnich yn ruïnes bewarre bleaun is.

Ioannis Prodomos: kleaster fuort westlik fan it kleaster Agios Nikólaos Anapausas, wêrfan 't allinnich ruïnes bewarre binne.

Fresko's yn it Agios Nikolaos Anapausaskleaster.

De kleasters fan Metamorphosis, Varlaam, Rousanou, Agia Triada, Agios Stephanos, en Agios Nikolaos Anapausas binne noch altyd bewenne en iepensteld foar besikers. Elk kleaster hat in oare rêstdei, sadat se nea allegear tagelyk sluten binne.

Besikers moatte rekken hâlde mei it dragen fan fatsoenlike klean. Koarte brûken binne foar manlju net tastien, wylst froulju gjin minirokken of mouweleaze himden drage meie. Jurken en rokken oer de knibbels ha foar froulju de foarkar boppe broeken. Froulju mei broeken sille in skelk drage moatte dy't fan guon kleasters by de tagong liend wurde kinne.

De klim nei de ûnbewenne en ferfallen kleasterruïnes is lestich, faak gefaarlik en net oan te rieden.

Yn 'e rotsformaasjes lizze ferskillene rotsen. Dêrûnder ek de Theopetragrot. Njonken dy grot leit de âldste struktuer troch minsken makke yn Grikelân: in stiennen muorre dy't twa tredde fan 'e yngong fan' e grot ôfslút. De muorre waard 23.000 jier lyn boud.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is in oersetting fan 'e Dútske side oer it ûnderwerp, sjoch foar by Literatur en Einzelnachweise op de:Meteora