Mertloch
| Mertloch | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| lânkring | Mayen-Koblenz | |
| ferbânsgemeente | Maifeld | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.338 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 10,28 km² | |
| Hichte | 200 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 56753 | |
| Koördinaten | 50°16' N 7°18' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.mertloch.de | ||
| Kaart | ||
Mertloch is in plak yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts en in Ortsgemeinde fan 'e ferbânsgemeente Maifeld. Súdlik fan it doarp leit de boarne fan 'e 14 km lange Nothbach, in lofter sydrivierke fan 'e Mûzel.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak waard yn 964 foar it earst ûnder de namme 'Martiliacum' neamd. It plak hearde ta de hege hearlikheid Münster, dat as diel fan 'e Pellenz fan 'e 13e oant de 15e iuw in lien fan 'e greven fan Virneburg wie en dêrnei oan karfoarstedom Trier tafoel. Oant de ein fan 'e 18e iuw bleau Mertloch ûnder Kar-Trier fallen yn it Amt Münster-Maienfeld. It doarp hie yn 1787 368 ynwenners.
Sûnt de earste helte fan 'e 19e iuw hie it plak oant noch nei 1933 in joadske gemeente. By de gemeente hearden ek de pear joadske ynwenners fan Gappenach. Der wiene ferskillende joadske ynstellings, lykas in skoalle, in synagoge en in begraafplak.
Yn 1916 krige it plak in stasjon oan it spoar Polch–Münstermaifeld. Oer it eardere spoar is no in fyts- en kuierpaad oanlein.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Sint-Gangolftsjerke is in romaanske basilyk út de twadde helte fan 'e 12e iuw.
- Fan 'e joadske mienskip yn Mertloch is it begraafplak mei likernôch 70 grêfstiennen bewarre bleaun.
- Súdwestlik fan it plak stiet net fier fan it joadske begraafplak de 18e-iuwske Krúskapel.
- Yn en om it doarp steane ferskillende 17e- en 18e-iuwske weikrusen en 19e-iuwske kapellen.
- By de tsjerke stiet in kriichsmonumint út 1920.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lânskip by Mertloch.
- Gangulfustsjerke.
- Joadsk begraafplak.
- Kriichsmonumint.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
