Merriammûsgoffer
| merriammûsgoffer | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Perognathus merriami | ||||||||||||
| Allen, 1892 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De merriammûsgoffer of Merriams mûsgoffer (wittenskiplike namme: Perognathus merriami) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e glêdhierrige mûsgoffers (Perognathus). Dit bistke komt foar yn Teksas en oanbuorjende kontreien yn Meksiko en Oklahoma. De merriammûsgoffer is in nachtdier mei in yn haadsaak herbivoar dieet. Yn 'e noardliker leine dielen fan syn ferspriedingsgebiet hâldt er mooglik in wintersliep. It bist is ferneamd nei de foaroansteande Amerikaanske soölooch C. Hart Merriam. De IUCN klassifisearret de merriammûsgoffer as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De merriammûsgoffer waard yn 1892 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Joel Asaph Allen. Dyselde ferneamde dit bistke nei de foaroansteande soölooch C. Hart Merriam (1855–1942), dy't wol de "Heit fan 'e Mammalogy" neamd wurdt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e merriammûsgoffer leit yn it suden fan Noard-Amearika. It omfettet de sintrale en súdlike dielen fan 'e Amerikaanske steat Teksas, mei dêropta dielen fan West-Teksas en fan 'e Llano Estacado. Dit bist ûntbrekt lykwols yn 'e Transpecos en komt yn 'e Teksaanske Panhandle inkeld foar yn 'e uterste eastlike grinskrite. Bûten Teksas omfettet it ferspriedingsgebiet fan 'e merriammûsgoffer yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten ek sintraal Oklahoma en de eastlike râne fan 'e Oklahoma Panhandle, in diel fan súdlik sintraal Kansas en de uterste súdeasthoeke fan Nij-Meksiko. Dêropta komt dit bistke ek foar yn it noardwesten fan Meksiko, oarekant de Rio Grande dy't de grins mei Teksas markearret. It areaal dêre leit ynklamme tusken de bergen fan 'e Eastlike Sierra Madre en de kust fan 'e Golf fan Meksiko.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De merriammûsgoffer is in lytse mûsgoffer mei in glêde, side-eftige pels. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan likernôch 5 sm, mei in sturtlingte fan 61/2 sm en in gewicht fan 7–9 g. Mar de grutte en teffens de dûnkerens of ljochtens fan 'e pelskleuren fariëarje nei regio. De boppeste lichemsdielen (kop, nekke, rêch en siden) hawwe in bêzje oant dûnkergiele kleur dy't wat dûnkerder liket as er eins is trochdat de langere boppehierren swarte punten hawwe. De ûnderste lichemsdielen (snút, kin, kiel, boarst, bealch en poatsjes) binne krêm oant wyt. De lange sturt is ûnbehierre en grizich rôze, mar is fan boppen dûnkerder as fan ûnderen.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Merriammûsgoffers komme foar op prêrjes mei koarte gerssoarten, op steppes en yn woastinige gebieten mei strewelleguod.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De merriammûsgoffer is in nachtdier, dat de dei trochbringt yn in ûndjippe hoale mei ferskate yngongen. Hy leit ûndergrûnske gongen oan troch te graven mei syn foarpoaten en de los kommende grûn fuort te skoppen mei syn efterpoaten. De frijkommen grûn spriedt er út bûten de hoale, sadat syn oanwêzigens net fan fierrens ôf al ferret wurdt troch in bulte grûn foar de yngong. De hoale hat ferskate koarte sydgongen, wêrfan't guon brûkt wurde as húske, wylst oaren foar de opslach fan iten bedoeld binne. De yngong fan 'e hoale leit faak tsjin in toppe gers of in oare plant oan, mei't de woartels dêrfan dan de ierde stabilisearje. Merriammûsgoffers hawwe in territoarium dat ferskate hoalen omfettet. As men dit bistke bûtendoar oer it mad komt, ferskûlet er him soms ûnder rotsen of omfallen meskiitbeammen.
By temperatueren fan ûnder de 10 °C wurde merriammûsgoffers slûch en ynaktyf. It soe skoan kinne dat dit bistke yn guon dielen fan noardlik Teksas of yn Oklahoma in wintersliep hâldt om 'e kâlde jiertiden te oerlibjen. Dêr moat noch fierder ûndersyk nei dien wurde. As in merriammûsgoffer nachts yn in fâle fongen wurdt, kin er de oare moarns dea lykje te wêzen, mar as er opwaarme wurdt, betteret dat gau wer oer.
Yn Teksas falt de peartiid foar de merriammûsgoffer yn 'e perioade fan maart oant novimber. De draachtiid duorret likernôch 26 dagen. In smeet bestiet ornaris út 3–6 jongen. In wyfke kin mear as ien nêst jongen jiers smite. It is noch ûnbekend op hokker leeftyd merriammûsgoffers geslachtsryp wurde. Se hawwe yn finzenskip in maksimale libbensferwachting fan 4 jier, mar dat sil yn it wyld perfoarst koarter wêze, mooglik omtrint 2–3 jier.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It dieet fan 'e merriammûsgoffer bestiet yn haadsaak út sieden fan gerzen en krûden, dy't op nachtlike foerazjeartrips sammele wurde en yn 'e eksterne wangpûden, dy't as in soarte fan bûsen oan 'e bûtenkant fan 'e wangen sitte, mei weromdroegen wurde nei de hoale. It measte fretten wurdt pas nei weromkomst yn 'e hoale bepluze, sadat dêr op 'e flier in isolearjende laach fan hulen komt te lizzen. Sieden dy't foar it momint oerstallich binne, wurde opslein yn dêrfoar bestimde sydgongen fan 'e hoale.

De merriammûsgoffer yt soms ek grien plantemateriaal en ynsekten. Hy hoecht gjin wetter te drinken, mei't er alle wetter dêr't er ferlet fan hat út syn iten hellet. Merriammûsgoffers binne tige goed oan harren drûge habitat oanpast: se pisje mar in hiel lyts bytsje, en de urine dy't derút komt, is tige konsintrearre. Yn finzenskip hat in merriammûsgoffer alris mear as fjouwer jier libbe op in dieet fan sieden sûnder ek mar in inkele drip wetter te krijen.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e merriammûsgoffer binne ûlen lykas de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), de hoale-ûle (Athene cunicularia) en de hoarnûle (Asio otus), deifûgels lykas de Amerikaanske toarnekster (Lanius ludovicianus), en lânrôfdieren lykas de grize foks (Urocyon cinereoargenteus). Wannear't in merriammûsgoffer yn ien fâle rint mei in noardlike sprinkhoanmûs (Onychomys leucogaster), hat it wol kâns dat de noardlike sprinkhoanmûs de merriammûsgoffer opfret foar't de biolooch dy't de fâle pleatst hat, delkomt om te sjen wat de bringst is. It is lykwols de fraach oft soks yn it wyld ek wol in protte foarkomt, mei't de beide soarten dêr net finzen sitte yn in beheinde romte.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De merriammûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Op guon plakken is er noch oerfloedich oanwêzich, mar de ferdieling oer it ferspriedingsgebiet is ûngelikens en yn beskate kriten fragmintarysk.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e merriammûsgoffer (Perognathus merriami) binne 2 ûndersoarten bekend:
- P. m. gilvus (Meksiko)
- P. m. merriami (de nominaat; Teksas, Oklahoma en oanbuorjende dielen fan 'e Feriene Steaten)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

