Springe nei ynhâld

Reinbôgebijefretter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Merops ornatus)
reinbôgebijefretter
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljebijefretterfûgels (Meropidae)
skaaibijefretters (Merops)
soarte
Merops ornatus
Latham, 1801
IUCN-status: net bedrige

De reinbôgebijefretter (Merops ornatus) is in fûgel fan it skaai bijefretters (Merops) yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae). De fûgel komt foar yn Austraalje, Yndoneezje, East-Timor, de Salomonseilannen en Papoea Nij-Guineä.

Reinbôgebijefretters yn Darwin, NT (Austraalje).

De reinbôgekever is benammen grien en blau. De kop fan 'e fûgel hat in oranjegiele kroan, in swarte streek oer de oranjereade eagen mei tusken de oranje kroan en de swarte streek grien en ûnder de swarte eachstreek in ljochtblauwe streek mei in swarte snaffel. De kiel is oranjegiel en oer it boarst rint in donkere boarstbân. De ûnderkant is fierder grien oant gielgrien; de bopperêch is grien en de ûnderrêch lochtblau. De sturt is swart en de wjukken binne grien en oranje mei in swart ein op 'e grutte fearren.

It mantsje fan 'e soarte mjit 22 oant 25 sm yn 'e lingte en weaget likernôch 30 gram. De reinbôgebijefretter hat oer it generaal in sturtlingte fan sa’n 5 oant 7 sm. Dêrnjonken stekke de twa langere sintrale sturtfearren dúdlik út; dy kinne nochris in 2 oant 5 sm langer wêze as de rest fan 'e sturt.

It wyfke is wat lytser en lichter en hat ek útrinnende sintrale fearren, mar dy binne koarter — faak mar 1–2 sm langer as de oare sturtfearren. Wyfkes ha fierder deselde kleuren as mantsjes.

De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet fan Selebes oant Nij-Guineä en de Salomoneilannen en súdlik oant Súd-Austraalje, mar net op Tasmaanje. Winterdeis trekke de fûgels fan it suden nei it noarden fan it ferspriedingsgebiet. De fûgel libbet yn 'e buert fan sânige iggen en rânen yn in fierder iepen lânskip. Dwaalgasten binne oant op Japan waarnommen.

Fleanende bijefretters.

De soarte yn ynsekten lykas ealjebijen, holders en mychammels, dy't er fan in ôfstân oant 50 meter sjen kin as er op in tûke sit. Nei de fangst ferwideret de fûgel fuortendaliks kundich de angel fan in giftige proai. In reinbôgefretter yt ferskate hûnderten ynsekten deis en spuit de net te fertarren dielen as braakbaltsjes wer út.

Yn 'e moannen augustus oant jannewaris briedt de soarte yn lytse, losse koloanjes. Faak helpe de jonge fûgels fan it lêste nêst by it grutbringen fan 'e jongen fan it folgjende lechsel.

De wrâldpopulaasje waard yn 2009 op 670.000 folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. De fûgel wurdt dêrfandinne troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: