Wytkielbijefretter
| Wytkielbijefretter | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Merops albicollis | ||||||||||||
| Vieillot, 1817 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De wytkielbijefretter (Merops albicollis) is in fûgelsoarte fan it skaai bijefretters (Merops) yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae). It is in briedfûgel fan 'e healwoastyn oan 'e súdlike râne fan 'e Sahara. De fûgel is in trekfûgel en oerwinteret yn in folslein oar habitat yn 'e ekwatoriale reinwâlden fan Afrika fan súdlik Senegal oant Uganda.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lykas oare bijefretters is de fûgel kleurryk en slank. Wytkielbijefretters binne foar it measte grien, mar it gesicht en de kiel binne wyt. De kroan, de eachstreek en de nekkebân binne swart. De ûnderkant is feal grien mei op it boarst in blauwe gloed. It each is read en de snaffel is swart.
De fûgel wurdt 19 oant 21 sm lang, eksklusyf de twa tige lange sintrale sturtfearren dy't wol 12 sm lang wurde. Se weage 20 oant 29 gram. Mantsjes en wyfkes binne allyk, mar it mantsje hat langere sintrale sturtfearren. De rop is allyk oan dy fan 'e gewoane bijefretter.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wytkealbijfretters ite en sliepe mienskiplik. Lykas de namme al seit ite bijefretters ynsekten, benammen ealjebijen en hoarnbijen mar ek fleanende mychammels, dy't yn 'e loft fongen wurde troch út te fallen fanôf in sitplak.
De wytkielbijefretter is in fûgel dy't briedt yn drûch, sânich en iepen lân lykas healwoastyn. It binne sosjale fûgels dy't yn koloanjes briede yn sânbanken of iepen flakke gebieten. Se meitsje in relatyf lange tunnel fan 1 oant 2 m djip en lizze 6 oant 7 wite aaien. Sawol it mantsje as it wyfke soargje foar de aaien, mar se ha ek maksimaal fiif helpers by it fersoargjen fan 'e jongen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytkielbijefretter hat in grut ferspriedingsgebiet en is dêr in gewoane ferskining. De populaasje is stabyl en de IUCN evaluëarret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Bijefretter
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Sambia
