Springe nei ynhâld

Meredith Whittaker

Ut Wikipedy
Meredith Whittaker
Meredith Whittaker, 2023
Meredith Whittaker, 2023
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
wurkpaad
aktyf asWurknimmer Google (2006-2018)
Foarsitter Signal Foundation (2022-no)

Meredith Whittaker is in Amerikaanske ûndersiker en adviseur (consultant) dy't har dwaande hâldt mei de sosjale impact en etyske kwestjes fan keunstmjittige yntelliginsje (Artificial intelligence, AI) en beskerming fan gegevens. Se is foarsitter fan de non-profit Signal Foundation, dy't de Signal messenger ûntwikkele hat en sit yn 'e ried fan bestjoer fan dy stifting.
Foarhinne wie se Minderoo Research Professor oan de Universiteit fan New York (NYU) en haadadviseur en eardere fakulteitsdirekteur en mei-oprjochter fan it AI Now Institute. Se wie ek senior adviseur op it mêd fan AI foar foarsitter Lina Khan by de Federal Trade Commission en waard yn 2023 troch it tydskrift TIME opnommen yn de list fan de 100 meast ynfloedrike minsken op it mêd fan AI. Whittaker wurke 13 jier by Google, dêr't se de Open Research-groep fan Google oprjochte en mei-oprjochter wie fan it M-Lab. Yn 2018 wie se ien fan de wichtichste organisatoaren fan de Google Walkouts en yn july 2019 naam se ûntslach by it bedriuw.

Whittaker foltôge har bachelor yn retoarika en Ingelske literatuer oan de universiteit fan Kalifornië, Berkeley.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: