Merck Syrcks Terwisscha

Ut Wikipedy

Merck (of Marck) Syrcks Terwisscha, wurdt yn 1514 fermelden as grytman fan Skoatterlân en Stellingwerf.

Hy fertsjinne rom yn de oarloggen tsjin de Geldersken en Boergonjers.

Hy komt mei syn bruorren foar op de yn 1505 opmakke list fan Saksysk tagediene eallju.

As kriichsman hat er jannewaris 1515 ticht by it Uniahûs te Wurdum, wilens in belizzing, û.o. Jancko Douwama en Juw Jousma befrijd. Dizze en oare feiten tsjutte der op dat hy yn nauwe tsjinsbetrekking stien hat mei syn keizer Karel V.

Hy wie in soan fan Syrck Myrcks Terwisscha. Hy wie troud mei Hilcke.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: