Mensoer

De mensoer (Dútsk: Mensur, fan itselde wurd yn it Latyn mei as betsjutting "diminsje") is in tradisjonele foarm fan skermjen dy't gewoanlik fûn wurdt yn Sintraal- en Noard-Europeeske universiteiten, benammen yn it ramt fan pleatslike studinteferienings. Bûten Dútslân en Eastenryk komt de mensoer no ek foar yn Switserlân, Letlân, Poalen, Estlân, Hongarije en België.
Technyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjinstanners (paukanten) steane op in fêste ôfstân fan inoar (de mensoer) en duelearje fanút dizze fêste posysje. Se besykje de ûnbeskerme dielen fan 'e holle en it antlit fan de tsjinstanner te reitsjen. It parearjen fan in oanfal kin allinnich dien wurde mei de ‘fjochtearm’ en de holle moat altyd sûnder beweging bliuwe. Wa’t de holle fuortlûkt (of muckt) makket in 'moraalfout'.
De strikt fêstleine ôfstân (in degen of kling lingte) fariearret ôfhinklik fan de lokale regeljouwing (de comment), krektas de tastiene stjitten en stjitsearjes.

Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't de midsiuwske studint in soad reizge mei al syn jild yn 'e bûse, hie er it rjocht om in wapen te dragen foar selsferdigening tsjin mooglike rôvers. Studinten namen ek skermlessen en itselde wapen waard brûkt om ‘earesaken’ ûnder studinten ôf te hanneljen.
Fan 'e 19e iuw ôf ferbea it katolike tsjerklik rjocht (CIC 2350-2359) mensoeren (yn feite duels of inkele gefjochten) ûnder straf fan ekskommunikaasje, mar dat waard yn 1983 ynlutsen.
Yn België oefenet allinnich Corps Flaminea Leuven de ferplichte mansoer.
Beskerming
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De paukanten drage in maliënkolder (kettenhemd) of oare ûntrochsichtbere beskerming om it lichem, de skermearm en kiel (faak makke fan kevlar). In spesjale want makke fan lear, metaal en kevlar wurdt ek droegen om de fjochthân te beskermjen. Eagen, noas en earen wurde beskerme troch in stielen bril mei learen riemen. Guon regeljouwing steane ekstra beskerming ta, lykas ear- of wanglear.
Sekondanten weitsje oer de feilichheid fan harren paukant: folslein beskermjend ynpakt, gripe se yn as in fjochtregel oertrêden wurdt of as it wetlik fêststelde oantal stjitten útwiksele is.
De klingen wurde tusken elke gong (oantal oanfallen) desinfektearre. By elke wedstriid binne twa dokters oanwêzich. In dokter kin de wedstriid einigje neigeraden de aard fan eventuele blessueres. Wûnen wurde hechte op it striidplak (sûnder ferdôving).
Wapens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurdt fjochte mei in mensurschläger, in houdegen. De meast foarkommende ferzje is de korbschläger mei in soarte fan beskermjende koer om 'e hângreep. De oare ferzje is de glockenschläger mei in hângreepbeskerming yn 'e foarm fan in klok. De glockenschläger wurdt benammen brûkt yn de eastlike steaten fan Dútslân.
Groede
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As in meidogger rekke wurdt, kin hy dêr in groede oan oerhâlde: de schmiss. In groede gou eartiids as in eareteken, benammen yn de 19e en 20e iuw. In groede waard faak sjoen as in teken fan moed, karakter en loyaliteit. Tsjintwurdich binne groeden ornaris ûngelokken en is dy gefoelswearde net mear sa sterk. Dochs bestiet yn de moderne populêre kultuer it begryp "stoere groede" noch wol, sadat de positive assosjaasje noch net hielendal ferdwûn is.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|