Springe nei ynhâld

Menachem fan Israel

Ut Wikipedy
Menachem fan Israel
Menachem, kening fan Israel
Menachem, kening fan Israel
Persoanlike gegevens
berteplaknet neamd yn 'e Bibel
stjerplakSamaria (2 Ken. 15:22)
leeftydnet neamd yn 'e Bibel
folkIsraëlysk
Famylje
heitGady (2 Ken. 15:14)
memnet neamd yn 'e Bibel
partner(s)net neamd yn 'e Bibel
bernPekachja fan Israel
(2 Ken. 15:22)
Bibelske rol
titel / funksjekening fan Israel
perioade± 752 - 742 f.Kr.
bekend fanekstreme wredens; skatting oan Assyrje; militêre ûnderdrukking
neamd yn2 Keningen 15:14–22
religieuze tradysjejoadedom; kristendom

Menachem (Hebriuwsk: מְנַחֵם; betsjutting: "treaster", "treastbringer") wie de sechstjinde kening fan it Noardryk Israel. Hy wie de soan fan Gady en syn regear wurdt datearre tusken 752 f.Kr. oant 742 f.Kr.

Menachem wie in kommandant yn it leger en waard kening fan Israel nei't er syn foargonger Sjallûm ôfset en ombrocht hie. Nei't Sjallûm sels syn foargonger fermoarde hie, teach Menachem mei syn leger nei de haadstêd Samaria. De kommandant rûn neffens it Alde Testamint út yn wredens, want by de tocht nei Samaria die de stêd Tifsach de poarten net foar Menachem iepen. Menachem wist de stêd yn te nimmen en liet dêrnei út wrake alle swiere froulju fan de stêd iepensnije, itjinge sels foar dy tiid alderheislikst ferskuorrend wie.[1]

Krekt as syn foargongers makke Menachem doe't er kening waard gjin ein oan 'e ôfgoaderij yn Israel. It ryk krige te lijen ûnder de ynfal fan kening Pûl fan Assyrje. Foar de beskerming fan syn troan ûnthiet Menachem de kening fan Assyrje om alle jierren 1000 sulveren talinten ôf te dragen. It jild moast byinoar brocht wurde troch in ekstra belesting fan 50 sulveren sikkels foar alle rike minsken yn Israel.

It wegerjen fan it tribút oan Assyrje soe letter, ûnder it bewâld fan kening Hosjéa, ta de ûndergong fan it Tsjienstammeryk liede.

It liket der op dat Menachem in natuerlike dea stoar. Hy waard opfolge troch syn soan Pekachja.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Keningen 15:16
Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje