Springe nei ynhâld

Memory (spultsje)

Ut Wikipedy
Memory.

Memory is in spul fan Ravensburger út 1959. Hjirby wurde pearkes fan kaarten byelkoar socht.

It prinsipe fan it gearfoegjen fan twa parten wurdt grif al sûnt yn alle gefallen de 17e iuw dien, mar soms wurdt sein: Mear as tûzen jier; by it Japanske mokselspul: Kai-awase. In folsleine set fan dat spul is 360 pearen fan moksels, dat 720 heale mokselskulpen yn totaal. Dêr binne de binnenkanten goud fan lakt mei skilderings. Elts pear hat twa kear deselde blom, as fûgel, of sêne út klassike Japanske literatuer.

Ein 19e iuw kaam yn Grut-Brittannië en de Feriene Steaten in lytser spul op mei itselde idee, mar standard basseare op in folslein pak kaarten, fan 52 kaarten: Pairs, or Pelmannism. By útwreiding wurde ek wol 54 kaarten brûkt, troch twa jokers ta te foegjen, om't dat moochlik makket en lis de kaarten yn in 6 x 9 patroan út.

Yn 1959 kaam Ravensburger mei itselde idee, mar mei 126 kante kaarten, yn in 9*14 patroan. De earste útjefte hie wier stroken derby, dêr't men 14 en 9 ramtwurk mei oanjaan koe. Dat de spiler koe dêrtroch bygelyks yn it sin hâlde dat C5 in klaverblêd wie. Sa koe is spul ek op in twadde wize spyle wurde, dêr't de kaarten allegear iepen leinen, en it der om gong as earste te roppen dêr't de oare helte fan in pearke wie. Lettere ferzjes hawwe dy stroken der lykwols net mear by.

William Hurter hie him foar de ôfbylden mear rjochte op bern. Dit hie as gefolch dat de bern in like goede kâns hienen en win it spul as dat folwûksenen dy hawwe. It wie in grut sukses, en Ravensburger bringt it hieltiid noch út; jier nei jier wurde ek spesjale ferzjes fan it spul útbrocht.

Lykwols binne net alle ferzjes krekt itselde. Der hat in apart Milieu memory west, dêr't ien kaartsje fan in produkt kombinearrre waard mei gjint oant trije kaartsjes fan ôffalamers. En doe't Memory fiiftich waard, waarden der ferzjes útjûn dêr't dan wol twa kaartsje byelkoar socht wurde moasten, mar dêr't kaartsjes net twa gelikensen wienen, mar allinnich pearkes mei gearhing.