Melkersûnderwiis

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Hânmelken yn by Sniksweach, 1954

Melkersûnderwiis wie it ûnderrjochtsjen fan hân- en masinemelken. De earste suvelkonsulint yn Fryslân J. Mesdag organisearre melkwedstriden. Meidat der gjin unifoarmens wie waard in reglemint opsetten dat noch lang brûkt wurde soe by hânmelkkursussen.

O.B. van der Burg út Tytsjerk wie ferantwurdlik foar de oplieding fan lieders (de saneamde foarmelkers) fan melkerskursussen. Under tafersjoch fan de Rykssuvelfoarljochtingstsjinst waarden jierliks yn oerlis mei de lânbouorganisaasjes en de legere lânbouskoallen hânmelkkursussen opsetten. Yn 1956-1957 diene kursisten oan de 71 kursussen 297 mei. Dêrfan slaggen 284 en waarden 23 ôfwiisd. Yn totaal bedroech it tal diplomearre hânmelkers yn Fryslân ein 1956 8758. De foarmelkers waarden rekrutearre út dejingen dy't slagge wiene foar it hânmelken mei mear as 180 punten en mei pedagogyske kwaliteiten. Yn 1956 slaggen 22 foarmelkers. Yn totaal wienen der yn Fryslân ein 1956 284 diplomearre foarmelkers.

Troch it groeiend tekoart oan arbeidskrêften wie it tal melkmasines sterk tanomd: 1955: 2340 masines (tanimming 530), 1956: 3096 masines (tanimming 756); 1 july 1957: 3583 masines.
Troch de Rykssuvelfoarljochtingstsjinst waarden op fersyk fan lânbouorganisaasjes en ferskate lânbou-ûnderwiisynstelingen kursussen jûn yn melkmasinekennis.

Yn de winter 1956-1957 wienen der 248 kursisten. Yn totaal binne der 3999 getúchskriften ôfjûn. Neist de teoretyske oplieding koe in praktykdiploma masinemelken helle wurde. De oplieding bestie út:

  • in teoretyske les
  • twa praktyklessen
  • eksamen op de fjirde les op it eigen bedriuw.

De resultaten waarden wurdearre neffens in fêststeande punteskaal; in diploma fan 180 punten of mear joech rjocht op in CAO-taslach fan F 2,- yn de wike.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: