Melissa fan Marsianopolis
| Melissa fan Marsianopolis | ||
| Ikoan fan Sint Melissa | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | Romeinsk | |
| bertedatum | 28 febrewaris 126 | |
| berteplak | Brescia (Lombardije) | |
| stjerdatum | 16 septimber 157 | |
| stjerplak | Marsianopolis (Traasje) | |
| hillichferklearring | ||
| fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Eastersk-otterdoksy Oriïntaalsk-otterdoksy | |
| hjeldei | 16 septimber | |
| attributen | krús, palmtûke | |
De hillige Melissa fan Marsianopolis (Italjaansk en Lombardysk: Melissa; Latyn: Melissae; Aldgryksk: Μελιτινή, Melitinē, letter Μελιτίνη, Melitini) wie in faam en legindarysk martelster fan 'e kristlike tradysjes fan 'e 2e iuw. Neffens de leginde wie se in misjonaris ôfkomstich út noardlik Itaalje en soe se yn Marsianopolis, yn Traasje, wenne hawwe om dêrsanne it evangeelje te fersprieden. Dat wie yn 'e tiid dat Traasje regearre waard troch de gûverneur Antiochus. Se stoar troch syn tadwaan de marteldea ûnder de ferfolging fan keizer Antoninus Pius. Har liturgysk feest wurdt fierd op 16 septimber.
Oerlevering
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Melissa, in tawijde kristen út Brescia yn noardlik Itaalje, waard as misjonaris nei Traasje stjoerd ûnder it regear fan Antoninus Pius. Dêr, ûnder it bewâld fan 'e kristenferfolger Antiochus, dy't gûverneur fan Traasje wie, bekearde sy mei har preken in protte heidenen. Antiochus furdige dêrom in arrestaasjebefel tsjin har út. Neffens de leginde wie Melissa bejeftige mei wûnderbaarlike jeften, wat har by steat steld hawwe soe om troch gebed de ôfgodsbylden fan Apollo en Hearakles te ferneatigjen. Dat feroarsake in skandaal en sterke de grime fan 'e autoriteiten tsjin har fuort. Omdat se wegere har kristlik leauwe ôf te swarren, waard Melissa oerdroegen oan 'e frou fan Antiochus en in groepke oare ynfloedrike froulju dy't om 'e nocht besochten har derfan te oertsjûgjen har leauwe op te jaan.
It besykjen om har har leauwe ôf swarre te litten mislearre. Melissa wjerstie alle manipulaasje en bekearde de frou fan Antioches en ferskate oare froulju yn it heidenske fermidden. De frou dy't har ta ôfgoaderij liede moast, waard sa sels kristen. Tegearre begûnen se yn it geheim te evangelisearjen, wylst se it konstante gefaar fan ferfolging trotsearren.
Doe't Antiochus hearde fan 'e bekearing fan syn frou, waard hy lilk en joech opdracht ta de eksekúsje fan har en Melissa. Beide waarden ûnthalze en stoaren as martelsters foar it leauwe. Melissa gie neffens it ferhaal de dea mei wisberettens yn 'e mjitte en ûntfong de kroan fan ivige gloarje.
Letter hearde Akasius, in kristen út Masedoanje, dat it stoflik omskot fan Melissa net begroeven wiene. Hy frege de gûverneur om tastimming om it mei te nimmen en mei eare te begraven. Antiochus stimde yn, sûnder him bewust te wêzen fan 'e wiere bedoeling fan it fersyk. Akasius sette seil mei it lichem fan 'e hillige, mar waard siik en stoar ûnderweis. It skip lei oan op it eilân Lemnos, dêr't syn selskipslju harren beiden tegearre begroeven, sa't syn winsk west hie.
It oantinken oan Sint Melissa en Akasius libbet yn 'e roomske, eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tradysjes fuort as in foarbyld fan leauwe, iver en moed yn it gesicht fan ferfolging.
Hjeldei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Roomsk-Katolike Tsjerke, Eastersk-Otterdokse Tsjerken, Armeensk-Apostoalyske Tsjerke, Koptysk-Otterdokse Tsjerke: 16 septimber
- Maronityske Tsjerke: 3 septimber, 16 septimber.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Melissa fan Marsianopolis
|
