Springe nei ynhâld

Gielleietangare

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Melanodera xanthogramma)
Gielleietangare

Mantsje.

Wyfke.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiswartnekketangaren (Melanodera )
soarte
Melanodera xanthogramma
(Gould & Gray, 1839)
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De gielleietangare (Melanodera xanthogramma) is in fûgel fan it skaai Melanodera út 'e famylje tangarefûgels (Thraupidae).

Spantsje.

Gielleietangaren binne knobske, finkeftige fûgeltsjes. It mantsje hat in swarte kiel, omfieme mei in giele râne; syn kopke en it bealchje binne of hielendal blaugriis of mei in griengieleftige tint. It wyfke is hielendal streke en it is bêste te werkennen troch de oanwêzigens fan in mantsje. Noardlike wyfkes ha wite rânen oan 'e sturtfearren, súdlike wyfkes giele.

It ferspriedingsgebiet leit yn it suden fan Súd-Amearika. De soarte wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:

  • Melanodera xanthogramma barrosi - komt foar yn 'e bercheftige kriten fan Sily en westlik Argentynje.
  • Melanodera xanthogramma xanthogramma – komt foar yn súdlik Argentynje (Tierra del Fuego en Kaap Hoarn.

De soarte libbet op 'e rotsige hellingen en by sompen boppe de beamgrins yn 'e Andes en Tierra del Fuego. Súdlike fûgels oerwinterje ek yn 'e leechlannen oan 'e kust.

Lykas oare finkeftige tangaren waard dizze soarte earder yn 'e famylje Emberizidae set. Ut genetyske stúdzjes hat bliken dien dat de soarte diel útmakket fan 'e tangaren.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (LC, 2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: