Springe nei ynhâld

Wytstreke tangare

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Melanodera melanodera)
Wytstreke tangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiswartnekketangaren (Melanodera )
soarte
Melanodera melanodera
(Quoy & Gaimard, 1824)
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De wytstreke tangare (Melanodera melanodera) is in fûgel fan it skaai Melanodera út 'e famylje tangarefûgels (Thraupidae).

De soarte is in finkeftige tangare. It mantsje is ûnderskiedend troch in swarte kiel mei wite rânen. De wjuk- en sturtfearren ha giele seamen. Fûgels op it Súd-Amerikaanske fêstelân hawwe heldere swevelgiele wjukken, dat sichtber is yn 'e flecht, wylst dy fan 'e fûgels op 'e Falklâneilannen doffer binne. It wyfke is oeral streke en is it bêste te identifisearjen troch it biotoop en de oanwêzigens fan mantsjes en de giele rânen fan 'e wjuk- en sturtfearren. It wyfke hat in soad fan 'e wyfkes fan 'e blaugrize tangare en de giele leietangare.

De fûgel is yn twa ûndersoarten te ferdielen:

De fûgel is seldsum en lokaal en libbet op 'e gersflaktes fan Patagoanje. Lokaal is de fûgel algemien op 'e heidefjilden fan 'e Falklâneilannen. Se wurde (meast winterdeis) ek waarnommen yn 'e sândúnen fan 'e kust. De fûgel libbet yn pearkes of lytse groepkes en siket it iten op 'e grûn.

Lykas oare finkeftige tangaren waard dizze soarte earder yn 'e famylje Emberizidae set. Ut genetyske stúdzjes hat bliken dien dat de soarte diel útmakket fan 'e tangaren.

De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de soarte op it fêstelân ôfnimt, wylst de populaasje op 'e Falklâneilannen groeit. Dêrom wurdt de fûgel troch de IUCN as net bedrige (LC) klassifiseare.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: